Foarwird. Sneinsmissael

1940

Foreword (Frisian)

 

Foarwird

[1]

Graech wol ik mei in inkeld wird dit Sneinsmissael ynliede.

Ik wit, det net alle Friezen waerm wierne for it plan, dit missael út to jaen. Mei des to mear klam doar ik sizze, det ik dêr tige bliid mei bin en de útjefte fen dit Sneinsmissael in greate oanwinst achtsje for ús Roomske libben.

Dit tsjerkeboek scil mear goed dwaen, as follen tinke. lt scil ús bidden djipper en ynliker meitsje, hwet sizze wol, det it ús tichter bringe scil by Us Ljeaven Hear. En dêr moat it dochs hinne.

Wy binne it Frysk bidden net wend en wy fiele it net as in gemis, det wy net oars as yn it Nederlânsk bidde. Wy miene, it wol misse to kinnen en binne heel tofreden mei ús biwende gebeden. Sa giet it ek mei it preekjen yn tsjerke, mei it fraechlearen, mei it forkear yn de maetskippij. Mar as wy ûnderinoar binne, den praet wy dochs Frysk en it klinkt ús uneigen, as nei in moanne ef hwet, immen dy’t bûten Fryslân west hat, it Frysk forleard skynt. Sok ien is den yet net mei yen thús. Det wirdt er wer mei inkelde dagen, as er syn Frysk wer werom hat. Hwet kin it in forromming jaen, as men yn ûren fen soarch en great fortriet, gjin Nederlânsk hoecht to praten mei treasters en bisikers, mar gewoan Frysk. Men kin yen safolle better úterje en útsprekke yn de tael fen it hert. Faek haw ik it seis ûnderfoun, ho’t myn wird der better yngyng, as ik yn it Frysk spriek ûnder Friezen. Hwet wier der in geastdrift by de earste Fryske preek by de earste nasjionale beafeart nei Dokkum.

Wy easkje soks net, wy forstean ek wol Nederlânsk en praet det graech mei hwa it Frysk net forstiet, mar det nimt net wei, det de Friezen djip yn hjart hert [6] mâl binne mei hjar tael, fen dy tael hâlde, dy tael der better by hjar yngiet, yn ien wird, nou ien kear de tael fen hjar hert is.

Tsjin det feit is net to redenearjen, det feit leit der. En den kin it yn ‘t bigjin frjemd wêze, yn it Frysk to bidden, den meije forskate Friezen, dy der net útrinne wolle, dy gjin bisûndere dingen winskje, sa ‘n Frysk missael núver en frjemd fine, as hja oer it earste frjemde hinne binne, scille hja it net genôch weardearje kinne, wer yn it Frysk to bidden. Oan hwa ‘t fen bidden yn de Fryske tael net heare wolle, der neat for fiele, doar ik sizze: Jimme witte net, hwet jimme ûnbinutte litte. It is faken net sa maklik, de godsfrucht en it djippe gefoel by it bidden to hâlden. Scoene wy in middel, det safolle dêrta bydrage kin, net brûke? Wij bigripe den ek, det de Aertsbiskop fen Utert Mgr. Dr. J. de Jong, de útjefte fen dit Sneinsmissael net allinne goedkart, mar dy útjefte syn algehiele sympathy hat en hy my machtige, det iepen en rounût to sizzen. Ek hy sjucht it as in middel om de Roomske Friezen de graete stipe, de stille krêft, dy útgiet fen de memmetael brûke to litten om hjar libben mei Us Ljeaven Hear djipper en ynliker to meitsjen, foaral by dyjinge, by hwa de ljeafde ta de memmetael libbet en great is. Om ‘t dy tael dy krêft hat en it by mennich Fries fier wint fen it Nederlânsk, dêrom moast dit boek der komme en scil dit boek dêrta bydrage om it moaije Roomske libben yn de Fryske geaën en ek fen mennich Fries om útens yet moaijer en riker to meitsjen.

Fryslân foreart fen âlds de Fryske Ljeaffrou.

Mei Hja troch de tael fen it Fryske hert, ús, Hjar bern, makliker de wei fine litte nei it Hert fan Hjar Godliken Soan.

Nijmegen,

Prof. Dr. Titus Brandsma, O.Carm.


  1. Published in: Sneinsmissael. Oersetting yn it Frysk fen J.H. Galama R.K. Pr. Mei Gebeden oerset fen Ts. Van der Zee. Yn opdracht en ûnder taforsjuch fen it Roomsk Frysk Boun. Leeuwarden 1940, page 5-6.

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2020