In wird fen bliidens

1938

Foreword (Frisian)

 

In wird fen bliidens

[1]

lt docht ús Friezen goed, det troch dit boek it libben fen ús greate Apostel Bonifatius to lêzen is yn ús eigen Fryske tael.

Hy hat yn ús midden libben, hy is yn ús midden stoarn. Hy is bliid west, dy tael to hearren fen de earsten ûnder ús, dy nei him lústere hawwe, de bêsten fen ús foarfaers dy troch syn hân doopt wirde mochten.

As wy witte, det hy de Gelovesbelidenis yn it Frysk oersette litten hat en dy útsprekke liet troch hwa fen ús folts bigriep, det dy de wierheit sei; as wy bitinke, det nou al toalve ieuwen de Friezen yn hjar tael mei it heechste ûntsach oer syn libben en dea spritsen hawwe, den is it mear as tiid, det yn ús Fryske tael in boek it ljocht sjucht, hweryn syn libjen en stribjen, syn komst en syn dea biskreaun binne yn in tael, dy om’t de tael fen ús herte is, ús herte oansprekt.

Ik bin tige bliid, det rector Jongma dat apostolysk wirk dwaen wollen hat. Do hy om syktme en swakkens net nei syn Missy koe, hat hy hjiryn apostelwirk witte to finen. De Friezen meije him tankber wêze en binne soks ek wis. [6]

Yn dit boek fen rector Jongma libbet de hillige Bonifatius wer for ús eagen op. Hy stiet ús nou wer nei, ik scoe wol sizze doare, neijer as er eat for ús stien hat.

Skiedkindich op ‘e hichte fen de tiid, yn goed forsoarge tael leit nou in boek for ús, det Fryslân syn heechste útforkarring, syn ealste tradysje wer for de geast hellet. Yn dit boek kin Roomsk en net-Roomsk lêze fen in man, dy toalve ieuwen lyn yn Fryslân kommen is, ta trije reizen ta, om it to bringen, hwat hy it heechste wist, en dy safolle fen Fryslân houden hat, det hy, om dat to bringen, net minder as syn libben joech.

Wy Friezen, hawwe folle goed to meitsjen oan Bonifatius. Hy hat ús alles jown. Wy hawwe by syn libben net weromjown, hwat hy fen ús forhope, wy wolle nei syn dea him eare jaen, wer prate, wer lêze oer syn wirk, him ûnder ús wer libje litte om sa, al is it let, nei syn wird to lústerjen, nei syn sizzen to dwaen.

Nijmegen, 5 July 1938.

Prof. Dr. Titus Brandsma, O.Carm.

Foarsitter fen “Frisia Catholica”


  1. Published in: B. Jongma, c.m., De H. Bonifatius. Syn libben en syn wirk, Ljouwert 1938, p. 5-6. Also published as ‘It nije boek fen de H. Bonifatius. In wird fen blidens’ in: Ons Noorden, 16 July 1938, p. 14.

© Nederlandse Provincie Karmelieten.

Published: Titus Brandsma Instituut 2020 [revised 2023]