De Keninginne yn Fryslân

1923

Article

 

De Keninginne yn Fryslân

[1]

Men wol hawwe – Tacitus skriuwt it – det yn it jier 59, do ’t Nero it bistjûr oer Rome hie, ús Fryske foarfaers twa mannen nei Rome ôffjirdigden om yn minlikens to bipleitsjen, hwat hja mienden, det hjar rjucht wier. De Friezen hienen de Romeinen fiele litten, det hja in frij folk wiernen en dat ek bliuwe woenen, mar forsafier hja ien keer hjar wird oan Rome joegen, hja dat hâlde woenen fêster en trouer as mar ien folk op ’e wrâld. It wird fen dy twa mannen – Tacitus praet fen Verritus en Maloriges – do ’t hja yn ’e skouboarch de eareplakken seagen, hjar oantsjut as it plak for de dapperste en trouste frejeonen fen it Romeinske folk: “Mar den moatte wij dêr sitte: gjin folk trouer as it Fryske folk”, dat wird lûkt my op dizze Keninginnedei mei nei foaren. As fen alle siden wirden fen trou en hilde spritsen wirde, kin it net oars, ef wy Friezen en foaral wy Roomske Friezen prate mei.

Hjoed fiele wy ús dêr to plak. Hwent al witte wy, det oer heel Nederlân de ljeafde for ús Keninginne gleon is en great, ús e[i]gen ljeafde fiele wy it waermst en wy miene in bytsje rjucht to hawwen op in wirdtsje, as it dêr op oan komt, de Keninginne fen ús folk to earjen.

Hja is fen Fryske stam.

De forearing fen Nederlân mei great wêze for Prins Willem fen Oranje, dy ’t wy de Swijer neame, oprjuchter en greater liket my yn Fryslân de forearing for syn omkesizzer Willem Lodewijk fen Nassau, hwa ’s namme de measten wol net kinne, mar dy noch altiten yn ús tinzen libbet as “Ús Heit”. Sûnt 1583 waerd hy de fortsjinwirdiger fen de Prins, yn 1584 ek keazen troch de Staeten as Stedhâlder oer heel Fryslân. Hast fiertich jier hie hy it bistjûr oer ús Fryske geaën. It kreake wol ris, as de frije grytmannen mienden, det hy de Uny stelde boppe Fryslân, hy mei wol ris hwat dien hawwe, hwat wy ljeaver oars seagen; dàt is wis, hy hat oan Fryslân de ljeafde for Oranje jown en it troue Fryske folk hat dy ljeafde oan ’t nou ta biwarre.

“Ús Heit” stoar yn 1620. Ernst Kasimir, Hendrik Kasimir, Willem Frederik en Hendrik Kasimir de Twadde folgden. Yn 1696 kaem as sechte Nassau Johan Willem Friso, de held fen Malplaquette, dy Kening-Stedhâlder Willem III bineamde ta syn ienich erfgenamt en wol graech as syn opfolger as Stedhâlder fen Hollân sjoen hie. Mar de Hollânske Staeten woenen gjin Fries. Mooglik hie hy dochs de ljeafde ek fen Hollân woun, as net yn 1711 de dea yn ’t Hollânsk Djip in ein makke hie oan syn libben. Mar hwat him sels net tafoel, dat waerd it diel fen syn soan Willem Karel Hendrik Friso, yn 1747 útroppen as Erfstedhâlder fen de Uny. It wier earst for Hollân swier to rissen, de Fryske Stedhâlder oan to nimmen as biwâldfierder oer hjar lân. Men hie him wegere to Leiden to studearjen; en as hy boaske wier, mocht hy him mei syn jonge frou net ienders ophâlde yn den Haech ef Amsterdam; men woe de Fryske Stedhâlder net yn Hollân, mar mei de tiid foroare dat. Om it mienskiplike gefaer stapte men oer alles hinne en kaem Willem IV fen Fryslân nei den Haech en Hollân wer ûnder it bistjûr fen Oranje.

Fen Stedhâlder Willem IV wier Kening Willem I in bernsbern, fen him stamt út âlde Fryske stam ús Keninginne Wilhelmina.

Hja is dos wol fen Fryske stam.

De Friezen witte dat en gean dêr great op.

Lyk as Juda mei David rinne hja mei Wilhelmina wei.

Hja fiele hjar de Keninginne nei.

To Ljouwert by it hege stânbyld fen “Ús Heit” en yn de Prinsentún, in oantinken oan Prins Willem Frederik, yn it Oranjewâld by ’t Hearenfean, dat stamt fen Hendrik Kasimir de Twadde, mar foaral op Keninginnedei libbet dêr yn Fryslân hwat, dat men earne oars net fynt, hjar hjar heel bisûnder thús finen mei alles hwat Oranje rekket. As it koe, scoe men yn Fryslân alle oaren foar wêze wolle yn de ljeafde ta Oranje. De Oranje-ljeafde is syn ear, syn rom, neam it syn nasjonale greatskens.

Men seach dêrom sa graech de lytse Keninginne yn de âlde Fryske dracht, mei it gouden earizer en de mûtse op.

Men mei nou fierders dy dracht yn Fryslân âlderwetsk en útdien achtsje, graech sjucht men dêr noch de Keninginne yn.

Den riist hja wer for Fryslân op as de leat út Fryske stam.

Dan fielt men wer better, ho nei hja Fryslân stiet.

Hast krige for in skoftke, do ’t ús Keninginne for it earst yn Fryslân kaem as in famke fen in jier ef toalve, de namme fen “Ús Heit” yn neiklank in de bineaming fen “Ús Poppe” for it lytse Willemyntsje, sa heech roun elts do mei hjar wei. Sels de Socialysten wiernen do yn Fryslân oars as oars. En hja binne dat einliks noch altiten, as Oranje boppe komt, sa lang hja hjar noch Friezen fiele.

Yn 1892 song nimmen minder as Piter Jelles Troelstra en wy sjonge it him nou noch nei:

Heech kloppet ús it herte

For ’t eale Keningsbern;

Nea giet for de âlde stamme

Folks ljeafde en trou forlern.

 

Hwet skeel ús ek fordiele,

Oranje en Heitelân

Forbine ús allegearre

Mei ’n unforbrekbre bân.

Wy Roomske Friezen stean yn dy ljeafde en trou by de oare Friezen en wis by dizze Fryske folksdichter net binefter.

Hjoed kloppet ek ús herte.

En ús ljeafde en trou jowe ús boppedien de bede yn, dy ’t Hja sels útspriek by it oangean fen hjar bistjûr, det Ús Ljeaven Hear hjar sterkje mei en oan hjar wirk syn seine jaen ta heil fen it Heitelân, fen Fryslân net allinne, mar fen heel Nederlân.

 

Nijmegen,

Dr. Titus Brandsma, O.Carm.

Skriuwer fen it Roomsk Frysk Boun

 


  1. Published in: De Maasbode, 6 September 1923, [jubile-edition], page 4. Special edition on the occasion of the silver jubilé of Queen Wilhelmina.

 

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2023