Tweintich Jier Roomsk Libben yn it Roomsk Frysk Boun

1937

Radio speech

 

Tweintich Jier Roomsk Libben yn it Roomsk Frysk Boun

[1]

De Fryske saek, de ljeafde ta hjar tael en alde brukmen, hat de Friezen fen alle slach en laech al in hiel hwat selskippen byinoar brocht. Ik scil hjir de skiednis net ophelje fen al die bounen en selskippen. Der binne der kommen en gien. Mar de beweging is starich oan sterker en greater wirden en it tal selskippen en bounen, dat it halden hat en yn dizze tiid florearret is ryk en great.

Wy Roomsken hienen wol in plak yn mannich boun, mar in great plak wier dat net. Net det de Roomske Friezen net fielden for hjar tael, hja sprieken en songen Frysk like graech as al de oaren, mar it wier krekt, eft hja hjar dochs net rjucht thús fielden yn al dy bounen, omt der wol ljeafde wier for de Fryske tael, it Fryske egene, mar men der net folle fielde for de alde Roomske tradysjes fen Fryslan en yn tal fen brukmen oars fielde as de Roomsken. It wier gjin Roomsk formidden [[2]en slimmer – och men kin it [3] net kwea nimme, de tastân wier sa groeid – men stie tsjinoer de Roomsken net sa bjuster freonlik. De Roomsken wieren yn Fryslan amper yn tel. En mei hjar ynsjuch en opfettings halde men mar miettich rekken. ] Sa bleauen de Roomske Friezen wol hwet tofolle buten de Fryske biweging. De alders hienen mar ljeaver, det de bern der net mei pielden, hwent it brocht hja mar yn selskip fen ljue, dy gjin frjeonen wierne fen de Roomsken en hwerfen men net folle goeds forwachte for de opfieding fen de bern yn de sin fen it Roomske Gelove. Dat scil wolris to swart ynsjoen wêze, de Roomsken scoenen yn de Fryske forienings wol opnommen wêze en achte en waerdearre, mear miskien den hja mienden en it gefaer scil mooglik sa great net wêst hawwe, mar wy moatte it mar nimme lyk as it sjoen waerd troch de Roomske Friezen. Men koe hjar sizze, Jimme moatte [4] meidwaen om de Fryske saek great to meitsjen, as it net yn in egen Boun koe, dan bleauen der greate biswieren en krige men de measten der net ta. Dat wier net goed for de Fryske biweging, dy graech alle Friezen omfetsje wol, it wier ek net goed for de Roomsken yn Fryslan, omt hja op sa’n menier net meidienen oan in ding, dat for hjar egen [5] libben fen great bitsjutting wier.

Der leit it dubele doel hwerom wy Roomske Friezen nou yn in egen Boun byinoar binne. [6] Wy woenen us minsken it biswier untnimme fen it net Roomske formidden [2] [7] wy begriepen, det de Fryske saek under us Roomsken nea florearje koe, as wy it net dienen op Roomsken grounslach. Wy krigen de Roomske Friezen net mei. Hja fielden hjar net thús yn dy oare formiddens en scoenen yet altiten buten de biweging stean. Dat scoe in griis wêze, hwer wy dochs ek us wird to sizzen, us wirk to dwaen hawwe yn dy biweging en dizze ek troch ús meidwaen sterk en kreftich weze moat.

Mar der is mear. [8] Wy Roomske Friezen moatte bigripe, det as for ien diel fen it Fryske folts de biweging waerde hat, it dy hat for ús, dy dochs yn Fryslan fierwei de aldste tradysjes hawwe. Gjin diel fen it Fryske folts kin him mear op it alde ynstelle as wy.

En derom to mear wier de reden, det wy ús as Roomske Friezen yn in eigen Boun forieningen, omt sa it moaije fen de alde Roomske tradysje en dertroch folle moaijs for de algemiene Fryske saek fleuriger oplibje en him better utlibje koe. Hienen wy us halden binnen it forban fen de oare selskippen, den wier dat egene nea nei boppen kommen en scoe it nea sa eigen ta ús wirden wêze.

Sa is der in kreftige wikselwirking: Trochdet wy Roomsken byinoar stapt binne for it bilibjen fen us alde tradysjes wirdt dy Fryske biweging sterker, algemiener en tagelyk for de Roomske Friezen mear sympathyk en scille der wis starich oan mear Roomsken oan dy Fryske biweging meidwaen. [9] Krije wy [10]sa in sterk Boun, den kinne wy federatyf de Fryske saek mei great en sterk meitsje en sa scille ek de net-Roomsken it waerdearje kinne, det wy ús ofsundere hawwe. It is net omt wy net fiele for de algemiene saek, mar omt wy sjugge en witte, det allinne troch in egen Boun de Roomsken for dy algemiene saek waerm to krijen binne en der oan mei dwaen wolle en kinne.

Sa is hwat goed is for ús Roomsken om troch de Fryske aksje mear ússels to wêzen, goed for de algemiene Fryske saek. En is fen de oare kant de algemiene Fryske biweging goed west for de Roomske Friezen, omt hja dertroch brocht binne ta in aksje dy for hjar egen Roomske libben greate waerde hat.

Wy Roomsken hawwe, wy wolle dat earlik sizze, net foaroan stien yn de Fryske biweging. Wy binne neikommen. En wy bringe hjoed graech hilde en eare, net op it earste plak oan ús eigen mannen, dy ús byinoar brocht hawwe, mar oan [3] de greate mannen fen de Fryske biweging buten ús kringen. Waling Dykstra, de Broerren Halbertsma, de mannen fen it alde Selskip, de foaroanmannen fen it Kristlik Selskip, de Fryske […[11]] en sa folle oare. Hja hawwe ús wekker makke en sjen litten, hwat der for moaijs ek for ús Roomske Friezen lei yn dy Fryske biweging.

Wy fielden, det wy net langer efter bliuwe mochten, woenen wy ús net skildich meitsje tsjinoer de Fryske biweging sawol as tsjinoer us eigen minsken. Hja hawwe ús meilitsen. En wy binne bliid, det hja dat dien hawwe, hwent wy hawwe der hwat goeds mei krige, hwerfor wy hjar tankber weze moatte, herfor wy hjarren altiten tankber bliuwe.

[ Hja meije it ús net kwea nimme, det wy hjar net folge binne binnen de grinzen fen hjar Bounen en selskippen en us eigen wei ynsloegen. Al gean wy ús eigen wei, wy miene dochs frij sizze to meijen, det wy hjar folge binne en wy mei fierder bouwe op grounslaggen troch hjar lein. Wy kinne best bigripe, det it formidden fen de Fryske biweging net in formidden wier, det wy ús der like thús fielden as hja sels. Wij tinke der net om, om hjar der minder heech om to achtsjen. It hat sa wêze moatten om ús byinoar to bringen, hwat for beide kanten better wier. ]

Mar as ik hjir hjoed, nou wij tweintich jier us Roomsk Frysk Boun hawwe eare bring oan de Great-Fryske biweging, dy ’t ús oantrune hat, dy ’t ús twongen hat, ek ús alde tradysjes op to heljen, den mei ik dochs ek net forjitte, dat under ús inkele wrotters west hawwe, bodders fen de earste ure, dy ynsjoen hawwe, det wy net langer efterbliuwe mochten, det it hege tiid waer, det de Roomske Friezen sjen lieten, det by hjar de ljeafde for de egen tael net lytser eft slapper is as by de oaren. [12] Somlike Pastoars sels Friezen hawwe ús prachtich holpen. Ik tink oan de greate[13] Pastoar Yntema fen Workum en scoe wol mear neame kinne. Minsken fen buten Fryslan hawwe dat fakernoch oanfield. Ik biwunderje in master Dinnesen yn Bakhuzen, nou wer yn Gelderlan werom, dy as haed fen de skoalle Frysk learde as in Fries om sa better under de Friezen to arbeidzjen. Ik biwunderje in Pater Dr. Onings, dy oansteld for it wirk fen foarljochtsjing fen de net-Roomsken yn Fryslan oer it Roomske gelove, daelk begoun mei Frysk to learen, jammergenoch nou wer ut Fryslan weiroppen nei Hollan. Sa binne der lokkigernoch mear foarbylden. Ik siz lokkigernoch hwent it wier net sa maklik om de wein oan it riden to krijen. It wier sadaelk gjin hirdriderij mei dy Fryske biweging under de Roomsken. Der wierne bisundere omstannichheden, dy soks net sa hird nei de ein gean lieten. Der is op it earste plak al in underskied twisken de Roomske en Protestantske ynstelling, dy makket, det de Roomsken troch hjar tsjerkelik libben hwet algemiener, hwet minder particularistisch, ik wol sizze net sa op it egene nasjonale ynsteld binne. Hjar opfetting fen tsjerke is folle algemiener en leit in sterker uterlik forban twisken de minsken dan de mear individualistische opfetting fen de Protestanten, dy ek wol in tsjerkelik forban kinne, mar dochs folle mear op hjar sels steane yn dat forban. Sa is de Roomske Tsjerke altiten yn alle [4] tiiden en lannen minder begeastere west for de uterste nasjonale streamingen[14]. Hja is wol ris meilitsen yn sa’n nasjonale biweging en der binne nou en dan wol streamingen west nei nasjonale tsjerken, der binne hele lannen en foltsen fen de Tsjerke rekke om it nasjonale gefoel, mar de Roomsken hingje internasjonael heel sterk gear en fiele de ienheid fen de iene greate Tsjerke heel sterk. Dat bringt mei, det de Friezen hjar heel best thús fiele yn in tsjerkelike organisaesje, hwerby hjar tsjerkelik haed de aertsbiskop fen Utert is en hja net easkje der der in Biskop fen Ljouwert bineamd wirdt, al binne der wol tiiden west, det der oer praet is. En sa fiele hja it ek net swier eft as hwet bisunders, det hjar geastliken gjin Friezen binne. Hja binne der ta went, det de Pastoars en Kabelanen it Frysk net kinne en de measten ek gjin war dogge om it to learen. Hja kinne der oer hinne, det yn de Tsjerke alles Hollansk is en as de Pastoar yn e hus komt, nou ja, dan praet men Hollansk, al docht men it oars sahwet nea. Dat brocht wer mei, det yn it forienigingslibben, hweryn foaral inkele tsjientallen fen jierren lien, de geastliken eigenlik de toan oanjoegen, it sunder de geastliken net best gyng, it Frysk net sa nei foaren kaem, earder it tsjinoer stelde. De measte aksjes under us Roomsken binne der yn gean, binne omheech kommen, omt us Geastlikheid der ta oan trune, sels as Adviseur faek de earste lieding hie. [ Schaepman hie wol sein, det hwat wy for it folk dwaen wolle wy troch it folk dwaen moatte, mar det wier makliker sein as dien en dat wist Schaepman ek wol en derom hat hy der by de Geastlikheid ek altiten op oanstien, det hja oanpakke scoenen, mar ] hjirtroch bigripe wy, det de Fryske biweging under de Roomske Friezen in stipe miste, dy bygelyks by de Protestanten oer it algemien folle mear dy biweging sterk makke. De Domines kamen hast allegear ut it Fryske formidden, wierne oprjuchte Friezen, wylst de measte Pastoars dat net wierne en it Frysk net sprieken amper forstienen. Der wierne utsonderingen. Der wierne geastliken, dy oanfielden, hwat der yn de Fryske biweging for kreft skule ek for de Roomske saek, mar de measten mei ik frij sizze, fielden er in heel lyts bytsje for. En sa krige men de Roomske Friezen net sa maklik mei. As de Pastoar dy yn it Roomske libben lokkigernoch yet in heel heech plak ynnimt efter bliuwt, den bliuwe der mei him in hele klute Roomsken efter, dy wis mei foaroan stien scoenen, as Pastoar der ek stie. Ik scil my deroer net biklije, och dat hat ek syn goede side, alle jild hat twa siden, elke medalje hat syn oare kant, mar ik kom der mar efkes op om sjen to litten, det it [5] net sa mar gyng om de Roomske Friezen yn in Roomsk Frysk Boun byinoar to krijen en det soks yet altiten net sa maklik is, omt de besten under hjar, dyjinge dy under hjar it heechste plak ynnimme en hwernei hja in bulte hjar sympathy bipale, de geastliken der oer it algemien net sa bjuster waerm for rinne, det ek slim kinne, omt hja gjin Friezen binne en miene det hja sunder det der dochs komme mei hjar skiepkes.

It is wol in bytsje spitich, det ik it sizze moat, mar it is sa en it hat gjin sin om deroer to swijen. De Geastliken binne us greatste stipe net yn de Fryske biweging, net omt hja der in gefaer ynsjugge, eft dy aksje for de Fryske tael oerdreaun achtsje, och né mear omt hja der buten stean en it sa net oanfiele omt hja mar by utsondering sels Friezen binne.

En dochs is it Frysk in kreft yn de lieding fen it libben fen de siel. En dochs is it Frysk in elemint, det snaren trilje lit, dy ’t oars net yn oanslach komme. It klinkt de Friezen dochs folle swieter yn e earen, it alde Fryske wird. It skept daelk in hiel oar formidden, in sfeer dy oars oandocht, folle ynliker, folle hertliker al wol ik daelk tajaen, det men ek yn in frjemde tael wol it hert birikke kin en de hertlikens net op it earste plak yn de wirden, mar yn oare dingen sit. Wy Friezen sizze fakernoch, det it net mei sizzen to dwaen is, dat sizzen neat is, mar dwaen in ding. Sa bigripe wy wol, det it Fryske wird us net oer alle swierrichheden hinne bringt en de prysters it dermei net woun hawwe as hja allegearre Frysk sprekke scoenen, mar dat nimt net wei, det it Frysk in macht is en it nou en dan ek bliken dien hat, det men dermei mear kin as mei it Hollansk.

De Fryske tael giet us Friezen dochs altiten gauer nei it hert. Hja fynt in paed, hwer it Hollansk net forstien wirdt. Der is gjin tael, hweryn men himsels makkeliker utert en hweryn men hertliker taspritsen wirden kin as yn de memmetael. It kontakt mei de Friezen komt dertroch makkeliker klear en omt de Friezen dochs al de namme hawwe, det hja hjar net sa daelk pakke litte, is it yet fen to mear bilang, det men de middels om hjar hert to reitsjen net sunder needsaak net brukt. Ik haw it sels mear dan ien kear underfine kinnen, hwat in forskil it makket as men de Friezen yn hjar eigen tael oansprekke kin. Ik haw yn Fryslan al op in bult plakken it wird fierd. Ik scoe de kearen net mear opneame kinne, ik haw it inkele kearen dwaen meijen yn de Fryske tael bij heel underskate gelegenheden. Mar hwat libbe it den mear? Hwet wier it kontakt ynliker. Ik bin ris op in greate boere- [6] forgearringe kommen yn in greate seal, fool reek. De boeren hienen de piip eft de segaer oan stitsen. Hwerom ek net. Mar do ik spritsen hie, wier der gjin reek mear yn de seal. Hja hienen lústere det it roken derbij forgetten waerd. Dat hie net bard, as ik yn it Hollansk spritsen hie. Der bin ik wis fen. En ik tink yet graech oan de earste Fryske preek. Ik ha it foarrjucht hawn, fen Roomske kant de earste Fryske preek to halden. It wier op oanfraech fen it Roomsk Frysk Boun op de earste nasjonale bedefaert nei Dokkum. Ik ljeau det ik nea in preek halden haw mei greater foldwaning. De Geastlikheid fen buten Fryslan seinen it rounút, det hja net wisten, det de Friezen sa geestdriftig wêze koenen. Ja, it Frysk is for ús kontakt mei it Fryske folk in kreft, in greate kreft. Sunt dytiid binne der den ek al heel hwet Fryske preeken halden. Ik tink mei tankbrens oan de Rju Earwirdige Hearen Kabelaan Bouwhus fen Ljouwert, de Perfesters Ydema en Galama fen it Lyts Simmenary to Apeldoorn.

En op hofolle forgearringe is it Fryske wird in plak ynromme. It hat op in hele bulte programs al in fest plak en it Fryske wird hat er nij libben brocht. Dat scille foaral de lieders fen it Boereboun de A.B.T.B en fen de Jonge Boeren tsjugje kinne. For in tweintich jier, do us Roomsk Frysk Boun net bistie, tocht men der net om yn it Frysk to sprekken. Dat is sa starich oan under ynfloed fen it Boun brukme wirden en nou scoe men it net mear misse wolle. Sa ist ek groeid yn de krante. Ons Noorden hie for dy tiid hast nea in stikje yn it Frysk. Wy binne der mei bigoun en it mei yet net wêze hwat it wêze kin en net safolle jaen as de Friezen wol hawwe woenen, it is ek wer ien fen de stappen op ’e goede wei. En ús orgaan For Roomsk Fryslân fen buten moaijer dan yn it bigjin wirdt ek om syn ynhâld starich oan mear waerdearre. Der is sa njunkenlytsen under de Roomsken folle mear bilangstelling kommen for it Frysk. Wij sjogge it oan it ledental fen us Boun, dat wol net sa hird, mar dochs elts jier [15] omheech giet. En hwat miskien yet mear bitsjut, troch ús Boun hawwe wy nou ek in tweintich jier ús diel yn de algemiene aksje en nimme leden fen us Boun ef fen it Bistjur in waerdearre plak yn yn allerhand soart federatyf wirk. Wij stean der net mear buten. Ik sels haw it foarrjucht as forstjinwirdiger fen us Boun mei ik hast wol sizze, omt men der yn alle rjuchtingen forstjinwirdige weanske, in sit yn de Fryske underwysrie en as sadanich bin ik wer Curator fen de Fryske learstoellen oan de Universiteiten fen Amsterdam en Utert. Us Foarsitter hat syn plak yn de Underwysorganisaesje. Op de Fryske kursussen to Ljouwert hawwe al forskate fen us leden spritsen Witteveen, van der Zee, Ydema, Jongma, Tjebbe de Jong en sa fierder. Ik scoe se net allegearre neame kinne. [7]

Der is spritsen oer us alde tradysjes, oer de skiednis fen ald Fryslan, dat Roomsk Fryslan wier en troch ús, it sprekt better forstien wirdt as troch dyjinge dy buten us kringen stean. En ik wyt fen tichteby, det it waerdearre wirdt, hwat der oer us opfettings en tradysjes nei foaren brocht waerd.

Wij bigjinne ek sa starich oan, oan de utjeften yn it Frysk mei to dwaen. Wij hawwe al inkele jierren us lytse Fryske Tsjerkeboek, dat net gean scoe, hwer gjin bilangstelling for wêze scoe, in unbegoun wirk hjitte, mar nou dochs mar útforkoft is en de wei iepene hat for in nije útjefte. Pefester Galama fen Apeldoorn is drok dwaende mei in folle greater, in mear liturgysk Tsjerkeboek. Fen de moarn mocht ik yet fen him hjearre det hij [16] it mei gauwens afmeitsje wol. Dat liket goed. Hwat ik der fen seach seit my, det it in moaije utjefte wirdt, dy us Roomske libben wer bisiket to forinnerlikjen.

De rju Earwirdige Hear Jongma fen mooi Gaesterlan hat dizzer dagen de leste han lein oan in libben fen Fryslans greate Apostel de hillige Bonifatius, hwerfen us foaroanman yn de Fryske tael Johannes Rypma my sei, det it hwat de tael oanbilanget, der wêze mei en Perfester Ydema fen Apeldoorn dy it trochlies mei it each op de skiednis it under dat opsicht alheel forantwirde achte. Dat scil dos wol mei gauwens it ljocht sjen en in moaije oanwinst wêze for us Fryske lectuer.

As de earste wrotters hweroer ik boppe spriek tobek sjugge op de tweintich jer, den scille hja tofreden wêze kinne. Ik wyt wol, it is stapke for stapke kommen. It wier sims om der moedeleas under to wirden en it like wolris eft de Roomske Friezen der nea waerm for wirde scoenen, mar de folhalder wint en hat it hjir ek woun. Wij binne der yet net. Der moast yet mear bilangstelling wêze, mar it groeit en hwat groeit wirdt op syn tiid ek great. Dat wolle wy hoopje ek fen us Fryske Boun.

Ik tink yet mei foldwaning tobek oan de earste jierren, do de hear Jouke van der Weij us it earste gearbrocht. Ik jow him graech ut aller namme hjoed eare for syn wirk, syn stribjen en trochsetten by alle tsjinstan dy der wier. Yn Tjebbe Hettinga, de greate striider for de Fryske tradysjes, dy ’t jierren op e bres stien hat en warber wier for de Roomske saek yn Fryslân, dy yn it iepenbiere libben fen de Roomske Friezen nou al hast in heale ieu foaroan stien hat, hie van der Weij daelk de hechtste steun en stipe. Johannes Rypma wier ús eigenlik al foarút mei syn Fryske skriuwerij, sa wolludend en sinryk hie hij fen folle Roomske Friezen de herten al woun, sadet it for us in hele stap foarút wier, do hy meidie. Dominicus Flapper en Pieter Rijnja joech us hjar heech waerdearre halp wylst ik sels de earste skriuwer wie

[17]

 


  1. Typescript (NCI OP126.10), 8 pages (incomplete). On top of the first page is written ‘24 Aug 1937’. In his diary of 1937, we read on Tuesday 24 August: “K.R.O. 19.15 – 19.35 Friesland 20 Jarig bestaan R.F.B. (L.v.d.Meer. Hollandschelaan 24 Hilversum”. See for the radio program also: De Maasbode. The manuscript shows some corrections. We present the corrected text; main corrections are presented in footnotes. Handwritten additions we present in italics.
  2. By pencil, some parts of the text are placed between brackets.
  3. Crossed out is: ‘de minsken’.
  4. Crossed out is: ‘ek’.
  5. Crossed out is: ‘Frysk’.
  6. Crossed out is: ‘It iene is frijhwet negatyf, mar it oare is der to positiever om.’
  7. Crossed out is: ‘mar foaral’.
  8. Crossed out is: ‘as allinne in Fryske saek. Tua res agitur.’
  9. Crossed out is: ‘Sunder in egen Boun scoe it tal Roomsken yn de biweging altiten tige, tige lyts bleauwn wêze.’
  10. Crossed out is: ‘starich oan’.
  11. One word in this added line is unreadable.
  12. The typescript shows a mark that here a text needs to be included. The handwritten text that needs to be included here is written on a separate page. We include it here in italics. In de left corner of the paper, the notes ‘Dinnesen Bakhuzen’ and ‘Onings’ are visible. These notes are overwritten by the presented text.
  13. The handwriting is unclear; instead of ‘greate’ it could for instance be ‘griize’.
  14. ‘biweging’ is corrected to ‘streamingen’.
  15. Crossed out is: ‘in bytsje’.
  16. Crossed out is: ‘der skielk de leste han oan tinkt te lizzen en en’.
  17. The preserved typescript is incomplete – a final page seems to be missing.

 

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2024