De Fryske Almenak

1920

Article

 

De Fryske Almenak

[1]

It hat lang wêze scillen, mar nou is ’t dochs sa fier.

Roomsk Fryslan hat syn eigen Almenak.

En it ding sjucht er net unkreas ût, né, it is beslist in aerdich hânsum boekje.

It begjint lijk as eltse almenak beginne, moat mei in kalinder, mar mei ien, dy ’t praktysk is. Der stiet by, hwat Snein it is, hwat hillige fierd wirdt eltse dei en de Fryske en Leechlänske binne net forjitten, dan stiet der by it opgean en undergean fen Sinne en Moanne, in best en noflik ding, en sa al mear. Hat it boekje op sa’n wize in goed begjin, it hat ek in moai ein.

Efteryn stean fen alle parochies opjown de pastoar, it tsjerke bestjûr, it earm-bestjûr, de forienings mei foarsitter, skriuwer en ponghâlder, it tal katholiken en communicanten en sa fierder. It liket ûs wol ta det yn de opjeften inkelde misfouten sitten bleaan binne, al is de list op it lêst noch wer oerarbeide, mar dat kin ek hast net oars en foaral in earste kear is dat [net] slim. Dy ’t derfor meiwirkje moasten, dy dogge it dêrom altiten net. Mar hat it boekje, lyk ik siz, in goed begjin en in goed ein, wij moatte ek ris middenyn sjen. By in fisk sit der it bêste, al meye inkelden de kop tige graech. It is mei ûs Frysk almenak sa, dat men der ik wol it ljeafst it midstik fen hawwe scil. Die opjeften van hilligen, fen sinne en moanne binne tige moai, mar ek tige droech en it selde kin men sizze fen de nammen en cifers op it ein, mar yn ’e midden hawwe wy stikjes rym en unrym fen us underskate Roomske skriuwers, dy ’t men hast wol riede kinnen hie, stie de namme der [net] vet ûnder.

It sprekt, det ik oer it lytse stikje, dat ik self for it Almenak skreau, hjir neat to sizzen haw, mar ek oer de oare skriuwers en hjar stikjes wol ik net folle prate. It is de earste kear, det it Roomsk Frysk Boun syn Almenak bringt en folle skriuwers hat it Boun noch net. Mar men sjucht dochs, det er biweging komt, det sa swietsjes wei de pinne for in Frysk stikje opnommen wirdt troch ljue, dy ’t dat earder net dienen. Der is op dy wize forskaet genoch yn it boekje. Der is for elts hwat yn. It is allegearre gjin koartswyl, mar it is ek gjin kleare-bare earnst. De bern scille der ek stikjes yn fine nei hjar smaek.

De priis kin nimmer tobek hâlde fen it keepjen fen dit Almenak. Tsien stûren is dochs net to folle for safolle siden printwirk yn in kreas omslachje plakke.

Ons Noorden’, it Roomske blêd fen de Roomske Friezen, hat Fryslân dizze earste Fryske Almenak brocht. It scil der net mei sitten bliuwe. Net allinne de leden fen it Roomsk Frysk Boun, mar in bulte oare Friezen wollen dit boekje hawwe.

De Redaksje fen Ons Noorden en de Skriuwer fen it Roomsk Frysk Boun hawwe net sa daelk for it ljocht komme wollen om hjar eigen ûtjefte oan te priizgjen, mar beide meije now mei foldwaning komme mei de meidieling, det it Almenak troch de oare kranten mei wirden fen waerdearringe en lof bispritsen waerd. Dat seit ûs, det it boekje yn de smaek fallen is en it ek wol fierder dwaen scil.

Is hjir en der hwat to forbetterjen, in oar jier hoopje wy it wer folsleiner to dwaen. Mar men sjucht yn dit boekje, foaral as men de lêste bladsiden trochsjucht, mar ek yn it boekje selts, det it Roomske gelove yn Fryslan libbet, net allinne yn it húsgesin en yn de tsjerken, mar yn it heele iepenbiere libben fen de Roomske Friezen.

In bulte adfortinsjes, jowe oan it boekje ek noch in fleurich oansjen. Wy scoenen wolle, det hja dy ’t Almenak keepje, dy adfortinsjes tige acht slaen. De ljue, dy der hjar saken bikind meitsje, binne ljue, dy ’t hwet fiele for it âlde Fryske Fryslân. De lêzers moatte hjar ien fiele mei sokke sakeminsken. Sa bynt it Almenak alle echte Friezen mei nye bânnen oan eltsjoar en oan it Fryske lân.

 

Oss.

Dr. Titus Brandsma O.Carm.

 


  1. Published in: Ons Noorden, 11 December 1920, page 5. (we tacitly correct clearly evident printing errors).

 

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2023