freonlike wurden bianderje

Undated

Notes for a short speech

 

 

[1]

freonlike wurden bianderje. Wol oannimme det al bruke Josels de Fryske tael net omt jo dat net wend binne en ek ljeaver fen Jo plak de Nederlanske bruke hweryn wy us hiel goed yntinke kinne Jo der gjin biswier tsjin hawwe, det wy, dy hjir as Friezen komme en untfange wirde ús alde Fryske tael sprekke om dy freonlike wirden to bianderjen. It spyt my, det us Foarsitter Dr. Wumkes [der] net is. Op dit hystorysk plak moast hy de hystoricus fen Fryslan einliks oan us spitse stean, mei de skiednis en mei de tael better fertroud.

Yn syn namme, ut namme fen alle oanwezigen, freonlike [wirden] fen it Stedsbistjur op hege priis stelle.

Wy binne graech nei Frjentsjer kommen, mar it docht ús goed, det men ús ek graech yn Frjentsjer sjocht. Alde tradysje fen Frjentsjer. Foaral troch syn Akadeemje mar ek op polityk gebiet foaroan[2] en middelpunt yn de Roomske sawol as yn de Protestanske tiden Frjentsjer utsocht for de Fryske Akadeemje. Planetarium, mear fen it folk fen Frjentsjer. Troch syn Akademie jierren it centrum fen de Fryske Kultuer.

Frjentsjer hat in tradisje. Lokkich it folk det in tradysje hat en wy hoopje det Frjentsjer syn alde tradysjes heech halde mei it ek syn kreft bliuwe mei syn ljeafde for wittenskip en de wierheid syn fordraegsimens, sa moai utkommen <1v> yn it ferstean[3] fen Descartes, syn ljeafde for de wierheid net altiten sunder ferskil fen miening. Striid hat er wol ris west en scil der wol bliuwe, mar it wier in striid om it hege bisit fen de wierheid, om de wittenskip yn hjar heechste bloei oan ús Universiteit.

Mei altiten de ljeafde for de wittenskip for de wierheid yn Frjentsjer blompkje en de alde tradysje de kreft bliuwe dy it Frjentsjerter bistjur altiten oantrunet ta sa heech mooglik omheech bringen fen it underwis as pand en boarg fen de bloei fen de sted.

Frysk

Wumkes

Graech nei Frjentsjer

Bly om untfangst

Alde tradisje

Ljeafde wierheid

Bloei underwiis

 


  1. Manuscript (NCI OP 125.4), 1 page double sided. Notes for a short speech in response to a welcome word at a meeting in Franeker (undated).
  2. In the manuscript erroneously ‘foaraon’.
  3. The written word in the manuscript is hard to read, we read it as ‘ferstean’.

 

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2023