Friezen, omheech

1936

Speech (Frisian)

Friezen, omheech

[1]

Yn ús lege Fryske lân, oppe greide foaral kinne wy as in ding fen stille bekoorlikens it sjongend omheech gean fen in ljurk. Men sjocht net, hwer er wei komt, syn nest plat oppe groun kin men hast net fine. Iniens der giet er omheech, rjucht omheech hast hy moat leau ik omheech om sjonge to kinnen. Hwet haw ik der yn de tyd, do ik yet yn Fryslan wier en oer de greide swalkte, faken for stil stien om him nei to sjen, tadet it jen sear die oan ’e nekke. Hy wier op ’t lêst yet mar in stip en it lûd kaem heel fen fierren. Sims hearde men him yet en seach him net mear. Dat moaije keine fugeltsje kaem my yn ’t sin, do ik deroer neitocht, hwer oer ik sprekke scoe for ús Roomsken, byinoar kommen fen heel Fryslan op it feest fen Marijes Ta de Himmel opnimming dat jister[2] foel, mar dat wy, om it feest fen de Pastoar fen Bakhusen, hjoed hjir meiinoar fiere, sunt jierren de tradisjioneele Friezendei yn Gaesterlân. Wy moatte allegearre omheech út it lege flakke lân fen de wrâld. En as wy de moed hawwe, altiten mar wer omheech to sjen, omheech to fleanen, nou ja, den komt de musyk ek oer ús en kinne wy ek sjonge it lied fen fredigens en blijens, it lied fen krêft en moed, it lied fen hope en ljeafde.

It binne swiere jierren for Fryslân, de lêste dy ’t wy hawn hawwe en for mannich-ien is it yet tsjuster en kâld, tryst en skimerich. It is, eft wier in nacht oer Fryslân kommen, dy ’t al to lang durret, hwernei de sinne mar net for it ljocht komme wol. Mar lyk as de ljurk al oppe iere moarn yn e hichte giet en it heechste lied sjongt, súver om de sinne tomiette to fleanen, omheech to gean om fen de hichte earder de sinne sjen to kinnen, sa moatte wy Roomske Friezen omheech om fen in heger plan ek yn dizze tsjustere tyd de sinne to sjen en wer sjonge to kinnen.

It feest fen jister hat us tinsen nei de Himel lieden. Wy sjugge der us Keniginne, us Mem en Patrones Marije yn de skitterendste glory. Hja winket ús, hwerfor wy troch Us Ljeaven Hear it libben krige hawwe, net allinne, net op it earste plak om hjir oppe wrâld inkele jierren om to wrotten, mar om dertroch to kommen ta liker glory, ta in lok, hwerfen wy gjin bigryp hawwe, lyk as Sint Paulus seit.

It meije tsjustere tiden wêze, it mei der for mannich-ien min útsjen, sadet er moeite hat om de holle heech to hâlden, wy binne Roomsken, dat wol sizze, wy ljeauwe oan it [2] wird fen Us Ljeaven Hear, det Hy mei ús is, alles liedet en behearsket. Hy seit ús, det der gjin mosk fen it dak falt, sunder det Hy it wol en wit, det hy de blommen fen it fjild klaijet mei in pracht greater den dy fen Salomon en det as Hy tinkt om mosken en blommen Hy dochs ús net forjit, dy Hy ta Kening fen de Skepping makke hat, ta hwa Hy kommen is om minske to wêzen mei him en troch syn genede altiten wer komt, mei hwa Hy ien wêze wol nou en yn iewichheit.

Wy moatte wol wrotte en elts hat syn swierricheden to dragen in it swit fen ús oanskien moatte wy allegearre ús brea iten, dat wol sizze, elts moat syn noeden en syn soargen hawwe om troch de wrâld to kommen nei boppen ta, mar wy Roomsken, wy, dy ’t ljeauwe yn it wird en de tasizzingen fen God, wy sjogge boppe de flakte fen it lege lân, boppe de flakke groun fen it deistige libben de sinne opkomme, in oanljochtsjen fen in blierder dei, dy ’t langer durret as dy fen ús slibben hjir op ierde. Wy witte, det as de sinne forgoed opkomt, hja net wer for ús undergiet. Wy kinne laitsje troch ús triennen hinne.

Wy waerdearje it net genoch, ho lokkich wy eigenliks binne. Non sumus sicut ceteri qui spem non habent wy binne net lyk as dyjinge, dy libje sunder hope. Derom bigryp ik net, det wy yn de swierricheden fen it libben net blierder bliuwe. Men sprekt fen Roomske bliidskip en dy is der ek wol, mar dy koe greater, dy koe biwuster, dy koe inniger wêze en hjar fêste grounslach fine yn ús oerstsjûging, det God mei en by ús is. Wy binne yn Gods hannen. En wy witte, det wy mei al ús wrotten en arbeidzjen gjin macht hawwe eft krije kinne oer in heele bulte dingen, dy wy derom oan ùs Ljeaven Hear oerlitte moatte. Wat baet it ús, eft wy ek al de heele wrâld winne, krije, hwat wy hawwe wolle, mar God ús it libben net lit om it to bruken. Hwat Us Ljeaven Hear oan Martha sei – it is ús jister yn it Evangeelje fen it feest fen Marijes Ta de Himmel opnimming wer foarhâlden – Martha Martha, jo meitsje Jo drok en binne fen streek om in heele bulte dingen, mar ien ding hat eigenliks waerde. Marije hat it bêste diel utkeazen en dat scil hjar net untnommen wirde. As wy datselde diel utkieze, den wirdt dat ús ek net untnommen. Dan behâlde wy ek yn de wederwaaerdicheden fen us faken sa swier libben, de blidens en de tofredenens fen de bern Gods. Den smiet in stjitsje fen ungelok en misbeslach ús net del, mar hâlde wy de holle heech en foegje wy ús nei hwat God oer ús beskikt. [3]

Okkerdeis is for de radio spritsen oer de forsieringe fen it Fryske hus, ho der it eigene biwarre wirde moat, ho it behald fen dat alde de Fryske sin biwarret, wy troch dat festhalden oan de alde tradysjes it moaije fen de Fryske aerd bihâlde. Mar dan scoe ik sa sizze dat wy Roomsken der foaral ús kreft yn sykje moatte, det wy yn ús hus oan Christus krús it eareplak litte en der faken nei opsjen om de tofredenens en de blierens fen it Roomske libben to biwarjen, de Roomske bliidskip ek yn dizze tiiden ta hjar rjucht komme to litten.

Wy Friezen binne der sunt ieuwen oan went, op ús sels to stean, in eigen folk to wêzen, in eigen plak under de minsken fen de wrâld yn to nimmen. Wy kinne det en wy gean der great op, mar den moatte wy Roomske Friezen dat op heel bisundere wize dwaen. Wy hawwe hjir yn Fryslan ús alde tradysjes. It moat ús genoch moeije, det der safolle forlern is fen hwat aldtyds de glory fen Fryslân wier. Rounom stean yet de turren fen de alde tsjerken, dy ús sizze, ho folle Friezen in froeger ieuwen der hinne teagen om hjar der mei God to forienigjen, wylst nou dy tsjerken dy der by lizze, yn de wike altiten, op de Sneinen op folle plakken en for in great diel leech binne, de minsken rounom altiten mear forheidensje en amper noch om Us Ljeaven Hear tinke.

Wy wolle dat âlde graech wer werom hawwe. Wy scoenen it graech sjen, det it bliide Roomske gelove, dat safolle kreft jowt yn it libben, wer de kreft fen Fryslan wier, wy binne bliid, as wy hearre, det der nije tsjerken boud wirde dy tsjugenis ôflizze fen de Roomske kreft, wy binne yet sa folste blieder as wy hearre det elts jier mear as hundert Friezen it paed nei de alde Tsjerke werom fine, wy gean great op stiftinge fen nije kleasters as Wytmarsum en Drachten, de bou fen greate Roomske Siekenhusen to Ljouwert, to Snits, skylk ek, al scil it hwet lytser wêze, to Drachten; wy gean der great op, det der nei forhâlding miskien gjin Roomske bifolking is, hwerút mear roppingen ta in geestelik libben foartkomme, prysters, sisters, broeders, missionarissen ef hjir yn it eigen lân wirksam, mar ho bliid ús dat stimme mei, dernest stiet den dochs altiten it sa unnoemlik hege tal fen Friezen, dy ho langer ho fierder fen Us Ljeaven Hear ôfreitsje, dy neat fen de Roomske tsjerke witte wolle. Ho komt dat, ho kin dat?

Wy meije hjar allinne der de skild net fan jaen. [4] It leit mear by ús den by hjar, det wy hja net meinimme. Wy binne net genoch ússels. Wy moasten hwat bisunders, hwat eigens wêze en binne fierstofolle lyk as alle oaren.

Hjoed hâlde wy hjir ús Friezendei, wy Roomske Friezen.

Dizze dei moat ús sterker meitsje.

Der moat hwat útgean fen dizze feestfiering fen Friezen underinoar.

Op it eartse plak moat it ús for ússels lokkiger meitsje. It is in foarrjucht Roomsk to wêzen. Dat moat hjoed klearder as ea ús for eagen stean.

Op it twadde plak, omt wy ús wer inniger biwust wirde, hwat it for de minsken bitsjut Roomsk to wêzen, moat it ús wer dubelt moeije, det safolle ús Gelove net kinne, net biwunderje.

Op it tredde plak moat it ús den dúdlik wirde, det wy de moaijens fen ús Roomsk wêzen net klear genoch oan oaren sjen litte. Hja sjugge neat bisunders oan ús en witte net, hwerom hja Roomsk wirde scille. Hja bruke mear forstân, den Jimme miene. Us greatste fijannen binne wysels. Der scil wol altiten misforstean wêze, misbigripen, to koart oan waerdearing, mar as wy útblinke, sa ’t wy moasten, as wy Roomsk binne troch en troch en ús prachtige biginsels bilibje mei hou en trou, den kin de biwundering net útbliuwe.

De minske is for it lok berne. Hy siket it lok heel syn libben lang. Hy fielt him ek wol ris lokkich, mar it durret faken mar koart. Den fielt er him wer unfoldien, ungelokkich.

Ho is dat mei ús? Nou litte wy it mar heel earlik sizze. Der binne under ús ek in heele bulte sure gesichten, in bulte fen ús hawwe it sa slim, det it him ôfteikent op it gesicht. Der leit by mannichien fierstomin blierens yn ’e eagen. It libben is dernei, scil men sizze, om stroef to sjen. Ho kin men blier wêze yn in wrâld lyk as dy, hweryn wy libje.

Der bin tiden en plakken, hwer men de Roomsken en net-Roomsken útinoar kin oan it gesicht. Faken kin men oan it gesicht wol sjen, det men mei Roomsken to dwaen hat en omkeerd ek. Wy kinne it roune tofredene bliere Roomske gesicht nêst it lange steile, hwer gjin laits op oer sjitte kin. Der binne streken, hwer men oan sokke gesichten de net Roomsken kin. Dat mei net opgean for eltsenien. It Latynske sprekwird Fronti nulla fides warskoget, det wy net tofolle op it uterlik ofgean meije en wy witte ek wol, det net eltsenien uterlik sjen lit, [5] hwat der innerlik yn him omgiet, mar lyk as elts folk syn eigen uterlik hat en deroan kinbaer is, al binne der Dútskers, dy op Ingelsken en Ingelsken, dy op Dútskers lykje, sa hat ek it Roomske folk, as it echt is en trou oan syn bigjinsels, dat roune blije bliere, dat tsjugenis jowt fen tofredenens. In tofreden minsk is in lokkich minske. Us Gelove jowt ús safolle reden om tofreden to wêze, as wy der goed fen oerstsjuge binne, deryn libje en us libjen dertroch alheel bihearskje litte, den kin it net oars, eft it moat trochstrings op ús gesicht to lêzen stean. Dat seit net, det wy Roomsken ús krúsen net hawwe, det wy ús minsklike natúr net bihalde mei hjar brekmen en hjar ungeduld, mei hjar wiksjelende stimmingen en fielingen. Wy binne ek op ús tiden mankelyk en trystich, wy kinne it ek wol sa slim hawwe, dat wy under triennen en suchten nei it ein forlange, och, wy binne allegearre minsken mar, as it slim komt, den moat it ús faken fen de lippen; it is lokkich, det ik myn Gelove haw. As ik net gelovich wier, nou den wit ik net, hwat ik die, ik scoe myn krús net drage kinne. Yn ús Gelove binne wy sterk. Hwet biwunderje wy faken de Geloofskreft fen in frou, dy by it deadsbed fen hjar man ef bern stiet te skriemen, mar de moed net forliest. Hwet fiele wy in heechachting for in man, dy syn frou forliest ef heel syn bisit mar syn holle bugt for itjinge Us Ljeaven Hear biskikt en yn syn betrouen op God kreft en stipe fynt. Wy fiele ús yn Gods hannen, wy knibbelje dal en stelle ús under syn biskerming. Wy geane nei tsjerke en foedsje ús yn de hillige Communy mei it brea der útkarden, mei de wyn, dy maechden kweket. Mei Christus binne wy sterk, yn syn hannen binne wy feilich, jowe wy us holle jouns mei bitrouen dal, stean moarns mei nije hope op. Hwa kin hwat tsjin ús, hwat God net talit en ta ús best forrinne lit. Wy ljeauwe dat, wy witte dat, mar wy tinke der net genoch oan. Oars wier ús libben yet folle lokkiger. Wy reitsje sa maklik fortise yn de tinzen fen de wrâld, dy fierstomin mei Us Ljeaven Hear rekkent en dertroch de greatste en hechtste waerboarch fen hjar lok prysjowt. Wy bidde wol faken oan ús Heit en Fader yn de Himel, mar forjitte it den ek wer. Wy witte, det wy libjend yn Gods genede God by ús hawwe yn it djipste fen ús hert. Sa nou en den lústerje wy nei syn stim yn ús binnenste en lizze wy ús fielings en ús winsken [6] oan Him bleat, mar den is it ek wer, eft God, dy sa tichte by ús is, sa fier ôf is, det wy Him net hearre eft sjugge. De greatste skat fen ús Gelove, Gods bywêzen, God yn ús troch syn genede, witte wy net healernoch yn it each to hâlden. Wy forjitte, ho God ús útkard hat en wy yn ús Gelove in foarrjucht hawwe, det eltsenien, dy it net untfongen hat, ús wol tige beniede mei.

Sa kom ik ta myn twadde punt, det de oertsjuging fen ús lok, it oprjucht waerdearjen fen ús bifoarrjuchte posiesje yn ’e wrâld, ús net sa selssuchtich meitsje mei, det wy net as in gries fiele, det sa folle dat lok net mei ús diele. Derbei moat net oppe foargroun stean, in útbreidszjing fen ús macht en krêft, wol de útbreiding fen de ear fen God, mar den de oprjuchte ljeafde for de oare minsken. God hat hja like ljeaf as ús, Hy stelt hja yn ús hannen, dreacht it suver oan ús op, hjar like lokkich to meitsjen as wy sels troch Him binne, Hy hat us dat lok ek jown troch de hannen fen oare minsken. Oppe hannen fen oare minsken binne wy nei de tsjerke droegen om der it Doopsel to untfangen, mem die ús lytse handsjes gear for ús earste bidden ta Ús Ljeaven Hear, hja learde ús it earste Unse Fader en Weesgegroet. Oan de hannen fen Heit en Mem gyngen wy it earts nei tsjerke, as bern al nei de Communybank. Wy groeiden op yn in Roomsk húsgesin, mei broerren en sisters, frjeonen en frjeondinnen, tsjinstberen en bikinden. Men fjuchte en brocht greate offers om us yn Roomske skoallen feilich to stellen for folle gefaren, hweroan wy oars al jong bleatstelt wêze scoenen. Hwat wy binne, binne wy mear troch oaren as troch ússels, hofolle wy ús ek op ússels foarstean litte en poche meije. Us Ljeaven Hear hat it nou ien kear sa makke, dat wy mekoarren troch de wrâld halpe moatte. Hwat wy den fen oaren krige hawwe, ta ús unwaerdearber foardiel en foarrjucht, dat moatte wy op us beurt ek wer oan oaren fierder jaen. Wy moatte bigripe, det as der safolle binne, dy net mei ús it foarrjucht hawwe Roomsk to wêzen, det den útwyst, det hja gjin minsken foun hawwe, dy ’t hja ta dat Gelove brocht, hja dat lok waerdearje litten hawwe. En wysels? Hwat dogge wy derta? O, wy fine it moaij, det der in kleaster kommen is earst yn Wytmarsum den yn Drachten, hwerfen inkele Paters de spesiale opdracht hawwe, de net-Roomsken fen Fryslan foar to ljochtsjen, hjar foaroerdielen wei to nimmen. Wy hearre mei tofredenens, det troch de Pastoars fen Fryslan elts jier [7] dochs noch forskate net Roomsken de Tsjerke tafierd wirde, it Doopsel untfange. Wy bidde derfor en mei greate foldwaning hawwe wy sjoen, det to Drachten in kleaster fen Carmelitessen kommen is om de seine fen Us Ljeaven Hear ôf to bidden oer it altiten mear forheidenske Fryslan. Mar yet ris: wy sels, hwat dogge wy. In bern kin dochs bigripe, det wy de earsten binne om for de oare Friezen hwat to dwaen en det itjinge fen ús op it earste plak frege wirdt, is det wy sels troch en troch Roomsk binne, it lok, dat to wêzen, waerdearje, de forplichting dy dat for ús meibringt, flink en daedkreftich neikomme. Ho binne wy? Sjugt men oan ús, det wy Roomsken binne, det wy fen Us Ljeaven Hear dat greate lok untfongen hawwe. Binne wy der sa blij om, det it in blierens op ús gesicht leit en men oan us sjen kin, det wy ús deryn lokkich fiele. Ho scille wy oan oaren dy blijens en blierens jaen, as wy like hird kleije en igewearje as hja, dy net Roomsk binne, for hwa it ljocht fen Gods iepenbierring, net opgean is, hwa de waermens fen Gods genede net trochgloeid hat. Wy Friezen miene wol, det der amper oppe wrâld earne better Roomsken binne, mar ik moat dat dochs bitwifelje, as ik sjuch, ho ’n bytsje ynfloed útgiet fen ús vyf en tweintich tuzen Friezen, dy yn Fryslan wenje. Stekke dy by de oare Friezen ôf, sadet dy oaren sizze, lyk as de alde heidenske Romeinen forplichte wierne fen de earste Roomsken to sizze: Sjuch, ho hja mekoarren ljeaf hawwe, ho hja mekoarren halpe en ien fen sin en wil binne[.] Kin men yn it iepenbier en maetskiplik libben oan ús sjen, det wy der oare en stringere bigjinsels op nei hâlde? Ik wit it net, mar bitwifelje it wol. It is net genoch, det wy Sneins nei tsjerke gean. Al gean wy alle dagen twa kear, den is det net genoch, as wy yn it libben fen alle dagen thús en butendoar gjin Roomsken binne fen ljeafde en frede, fen blierens en tofredenens. It is net genoch, det wy oansletten binne by in Roomske forieniging fen wirknimmers eft wirkjowers, fen arbeiders eft fen boeren, ús kontribuusje bitelje, miskien lid fen it bistjur binne, as wy yn de practyk fen it libben net oars binne as de leden fen net-Roomske forienigingen. In Roomske arbeider, in Roomske boer, in Roomske winkelier moat yn in heele bulte dingen oars wêze as ien dy net Roomsk is. It skeel moat yn mear dingen sitte dendet de ien Sneins nei tsjerke giet de oare net. Hy moat foaral lokkiger wêze, net yn de btsjutting, det it him yn syn undernimmings better slagget, det hy makliker ryk wirdt eft it him altiten meirint, né, der [8] bistiet syn lok net yn en der moat hy it ek net op it earste plak sykje. Dat wol sizze, det hy troch en mei God libbet en yn dat libben mei God, hwat de tiiden ek bringe, syn heechste lok siket en fynt. Wy moatte der roun for útkomme, det wy yn in heele bulte dingen net kinne as in oar. Wy hawwe ús eigen plak, wy moatte dat ek ynnimme en skien meitsje. Mar it liket der faken op, det wy ús skamje for ús Roomsk wêzen, det wy it biskule hâlde en mar ljeaver net sjen litte, yn pleats det wy der op út binne, oan de minsken sjen to litten, ho lokkich wy dermei binne. As in jonge fen in famke eft in famke fen in jonge hâldt en hja greatsk opinoar binne, den komme hja der graech mei for it ljocht en litte hja togearre sjen. De blierens, de greatskens leit hjar op it gesicht. As ien fen de Keniginne in lintsje krige hat, ridder is fen Oranje-Nassau ef fen de Lieu, dan wyst in strikje ef knoopke oppe klean, det dy underskieding heech waerdearre wirdt. En ús Roomske Gelove? Ho komme wy derfor út. Saken bin saken seit de man fen saken en hy is as Roomske yn syn saken net oars as wier er net Roomsk. En dochs koe hy as Roomske yn syn saken sa faken it moaije en hege fen it Roomske Gelove sjen litte. Men moast sizzen kinne: Dy Roomsken binne yn hjar saken, yn hjar bidriuw, op hjar boerkerij, yn hjar wirk as arbeider eft as faem, yn ien wird op alle plakken hwer hja stean, dochs hwat bisunders. Hja sjugge dochs alles yn in heger ljocht en hja binne dertroch dochs, hwat hja ek binne, folle lokkiger, blierder en tofredener, hja litte yn hjar wirk en saken Us Ljeaven Hear, Dy ’t hjar by hjar witte, altiten in wirdsje meiprate, dogge nei syn wird, dat hjar útlein wirdt troch Paus en Biskop. O, ik wyt wol, der is net alles mank. Wy Roomsken nimme in eigen plak yn en it komt sa nou en dan wol nei foaren, det wy yn it maatskiplik libben us eigen bigjinsels hawwe en heech halde wolle, mar och, it is faken sa slap. Men is derby mear omt er op oanstien wirdt en men net best oars kin, men lêst in Roomske krante, men is lid fen forskate Roomske forieniging, men bitellet hjir en der in goune, in ryksdaelder as kontribuusje fen in Roomske boun op it iene eft oare gebied, mar it libbet mar heal, en omt mar heal libbet, giet der yn it deistige libben mar in bytsje kreft fen út. Wy Friezen hawwe de namme, det wy ússels wêze wolle, mar ik scoe sa [9] freegje wolle: Binne wy Roomske Friezen wol genoch ússels en komt it dertroch net, det men ús yn Fryslan as Roomsken fierstomin kin, neat bisunders oan ús sjocht en sa ek net waerm wirdt om lyk as wy Roomsk to wêzen. De minsken sykje allegearre hjar lok en as hja sjugge dat ús Roomske Gelove ús safolle lokkiger makket, ja, den komme hja by ús en kinne hja lokkich wêze as wy. Mar den moatte wy it earst sels wêze. Den moat der hwat yn ús libje en gloeije. Den moatte wy begeestere wêze for de heerlikens fen ús Gelove, den moat it ús net skele kinne, as wy der ris om útlake of bispotte wirde, eft ja, it moat ús wol skele kinne, maar net om ússels mar omt ús griest, det dy oaren net better witte. It moat ús net lilk meitsje op dy oaren, mar folle mear op ússels, omt it ús seit, det wy der yet net yn slagge binne, oan de oaren de moaijens fen ús Gelove sjen to litten. It moat ús oanfiterje, us yet better en Roomsker to binimmen. Wij meije it net oerlitte oan de Paters fen Wytmarsum eft Drachten, oan de Pastoars en Kabelanen fen Fryslan om Fryslan Roomsk to meitsjen. Wy moatte it ek net oerlitte oan it bidden fen de sisterkes fen Drachten en tinke, det it dochs allinne it wirk fen Us Ljeaven Hear wêze moat, né, it is ús wirk mei, it wirk fen ús allegearre meiinoar, net allinne ynsafier wy der allegearre us gebed en us stipe ta jaen moatte, mar foaral det wy sjen litte, hwat it Roomsk Gelove in bitsjutting hat for it libben fen de minsken, bisunders yn dizze tiid, dy mear den hwet oare ek, manljue en frouljue fen karakter nedich hat.

De Fryske biweging is ynset om de Friezen wer selsstanniger to meitsjen, hjar wer mear hjar alde tradysjes kinne to litten om troch it weroplibjen fen de tael ek de goede alde Fryske karaker-eigenskippen wer mear nei foaren komme to litten. Wy kinne net sizze, det de Roomsken der nou sa ful yn binne. Dat is eigenliks spitich, omt dyselde Fryske biweging safolle bydrage koe om ús ek as Roomsken fikser en mear ússels to meitsjen. Wy hawwe det wol nedich en ik scoe winskje, det de Roomske Friezen hwet mear oan de alde tradysjes fen Fryslan hâlden, der mear fen wisten en for fielden, omt dy tradysjes sa yn ’e groun Roomsk binne, de Fryske karakter-eigenskippen fen hou en trou sa Roomsk binne fen bigjinsel. Lyk as it fascisme yn Italië, neidet it him [10[3]] oanpast hat oan de Tsjerke, dertroch súverder en ungefaerliker wirden is, ek oan de Tsjerke in nije oplibbing brocht hat, sa kin de Fryske biweging, as hja rekkent mei ús alde Roomske tradysjes, ek for de Roomske Friezen in krêft wirde, dy ynfloed ten goeden hat om dy Roomske Friezen wer mear hjarsels wêze to litten. Net fier fen it plak, hwer wy nou bijinoar binne, stie yn alde tiiden de greate Abdije fen Hemelum. Fen de kleastertsjerke wirdt us forhelle, det der in byld fen de Ljeave Frou foreard waerd, dat klaeid wier mei de Fryske kap, it gouden eariser mei juwielen fearren en spjalden. Dy hat Marije fensels nea droegen, mar it wier in byld, ho de Friezen Marije seagen as ien fen hjar eigen folk. Dat is hja wol. En dat moast hja yet altiten wêze. As wy Marije klaije mei eariser en fearren, den wirdt fen Marije in Fryske frou makke omt de Fryske frou in Marije wêze moat en yn Marije hjar gelikens hat to sjen. Litte wy, op it feest fen Marije’s Ta de Himmelopnimming, Marije wer ris klaeije yn de Fryske pronk, dat wol sizze, litte wy allegearre yn Marije ús gelikens wer ris sjen en lyk hja mei Us Ljeaven Hear libbe en al syn wirden yn har hert biwarre, litte wy ek sa fol wêze fen Us Ljeaven Hear, Him troch Fryslan drage trochdet Hy yn ús libbet. Den hoecht hjir net wer in oanklaeijd byld to kommen fen Marije yn Fryske dracht, den binne alle Fryske frouljue libbende bylden fen Marije, den is hja de Keningin fen Fryslan, hearskjend net oer lân eft húsen, mar Kenigin fen de herten dy mei hjar hert klopje for Us Ljeaven Hear.

Ik kom wer op myn earste byld werom. Yn ús lege lân giet sa faken it keine lurkje omheech om to sjongen for ús en for God. It moat omheech om to sjongen, it fljucht de sinne tomiette. Wy moatte ek omheech yn dizze tsjustere tiid. Marije is de Stjier fen de moarntiid, dy seit, det de sinne last[4] opkomt. Litte wy mei it lurkje fen de greide ek fen it lege platte lan fen it deistige libben omheech probearje to fleanen, de Sinne tomiette. [As wij Marije sjugge, den witte wy, det de Sinne komt.] Dan sjongen wy ek ús lied, dan komt er wer blierens op us gesicht, den komt der treast en blijens yn ús hert, den binne wy lokkiger den hwa ek. En ús lok scil oaren, scil heel Fryslan lokkiger meitsje, det Us Ljeaven Hear ús jaen mei troch Marije.

Der[5] sit musyk yn. En nei’t wy mear omheech komme sa wirdt dy musyk luder. Ik tank hjar om it lurkje yn us greide.

 


  1. Typescript (NCI OP126.8), 10 pages. On the typescript is written: ‘Roomsk Frysk Boun, Gaasterland, 15 Aug 1936’. The speech was held on the third ‘Friese R.K Landdag’, 16 Augustus 1936 in Rijs (Gaasterland). See: Leeuwarder Courant 18 aug 1936. The typescript shows many corrections. We present the corrected text.
  2. ‘jister’ in the meaning of ‘juster’ (yesterday).
  3. In the archives, this final page of the typescript was erroneously preserved as part of another lecture (OP126.10).
  4. ‘last’ is corrected, but this correction is unreadable, therefore we give the original text.
  5. This sentence is added in handwriting on the bottom of this final page.

 

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2023