Hwat docht de Jongerein yn ’e Polityk

1931

Speech

 

 

MR.

Hwat docht de Jongerein yn ’e Polityk

[1]

Nou wy yn de moaije Maitiid binne en rounom de blommen yn ’e greide, de blossoms oan de beammen, it jonge grien yn Fjild en bosk ús sprekt fen nij en kreftich libben, dy blommen en dat grien ús de frucht untjitte, dy wy yn simmer en neijier forwachtsje, nou sjuch ik as fensels yn dat jonge libben in byld fen de Jongerein, oer hwa ik hjir in inkeld wirdtsje sizze mei.

Lyk as wy graech de blommen sjugge en de blossom ús hoop jowt for de takomst, sa sjugge wy ek yn it politike libben graech de blom fen de Jongerein yn ’e tuken fen de politike beam.

It scoe der mei us politike aksje raer en tige min útsjen, as wy it meilibjen en it trochlibjen fen ús Roomske Staetspartij net sa fier mear bringe koenen, net sa djip woartele en sa fleurich útgroeid, det de beam gjin blommen mear droech. Den wier alle hope forlern. Den wier der gjin frucht mear to forhoopjen.

Mar sa stean lokkigernoch de saken net. It stiet der foaral yn Fryslân tige moaij foar. De beam stiet fol mei blommen. Hjir docht de Jongerein op in prachtige wize mei oan it politike libben en nou dizze yn nije kreftige organisaesje gearkommen is en hjar plak net allinne ynnimt yn de aksje, mar sels dat plak opfreget, nou meije wy wol sprekke fen in moaije takomst fen it Roomsk staetkindich libben yn Fryslan.

Oeral komt wol sa’n bytsje de aksje fen de Jongeren op. Wy hearre en sjugge de leste jierren heel hwat wirk fen de Jongeren. Hja slute hjar net mear op eft bliuwe langer efteroan. Hja prate mei en litte hjar jilde. Fiks scoe ik sizze wolle, mar ik moat der daelk by sizze, det ho flink en fiks det op him sels ek is, eltse aksje en dos ek dy fen de Jongeren syn eigen easken hat en men dy allinne priizgje en oanbifele kin, as hja oan dy easken foldocht, as hja is, hwat hja wêze moat.

Omt de aksje fen de Jongerein fen sa greate bitsjutting is for us staetkindich libben, wol ik der graech ris inkelde minuten oer prate om to bifoarderjen det syn aksje sa goed mooglik is, yn dy aksje it rjuchte ynsjuch fen de forhalding bestiet en lieding jowt.

En dat net allinne by de Jongerein sels, dat is, dat sprekt, fen hege waerde, mar ek by de oaren, omt fen dat ynsjuch in heel bulte ofhinget, hwat plak men oan de Jongeren jowt.

Krekt omt wy yn in organisaesje steane en de lieding deryn it earste en heechste wird sprekt, is it fen it greatste bilang, det ek by de lieding it rjuchte bigryp oer de aksje [2] fen de Jongeren foarsit.

Myn wird giet den ek net op it earste plak út ta de Jongeren allinne, mar ta allegearre, omt it wirk en it plak fen de Jongeren yn ’e Polityk hwat is, dat ús allegearre oangiet.

Der moat ienheid weze en men moat meiinoar op arbeidzje scil der resultaet fen forwachte wirde meije. Lyk as in beam sunder blossom ús gjin fruchten jowt, sa kin de blossom en de jonge frucht neat wirde as hja net blomkje oan in kreftige soune beam. Ho moaij in tukje appelblossom wêze mei, in appel komt der allinne fen, as wy it litte op ’e beam. En sa moat de aksje fen de Jongerein ek de blom wêze op us staetkindige organisaesje dy allinne fruchten bringe kin, as hja útgroeit út dy organisaesje en der mei forboun bliuwt.

It moat net weze en net wirde in aksje fen Jongeren en fen Alden, it moat ien aksje bliuwe, hweryn Jongeren en Alden elts steane for itjinge yn dy organisaesje it measte en it bêste hjar wirk is.

Men sjocht it wol ris tofolle as fen bilang allinne for de Jongerein sels.

Ik scil alheel net sizze, det it for hjar net fen greate bitsjutting is en wy net in eagenblik stil stean meije by it bilang det yn de politike aksje fen de Jongeren for hjar sels bisletten leit, mar it mei der net by bliuwe. Wy hoopje den ek strakjes oare kanten fen dy aksje to biljochtsjen.

Mar earst for de Jongeren sels.

Jong wend is ald dien, seit in ald sprekwird. Men moat jong bigjinne, as men letter hwat goeds dwaen wol. Wol men, dat de ljue letter fiele for de polityk, der in plak oan jowe yn hjar libben, den moatte hja der bitiid mei fortroud reitsje en ynhelle wirde, sadet it hjar wirdt, as hearde it derby en kin men it libben net oars sjen as yn ’e polityk bilitsen. As men earst de jongeljue fier fen de polityk haldt, den wirdt it slim, hja der letter by to krijen. It moat mei hjar opgroeije en fen jongs of moatte hja hjar bilangstelling deroan jaen. It moat hjar bybrocht wirde en hja moatte sels ynsjen, det de polityk in great plak yn ús libben ynnimt en wy forplichte binne, ús der net ofsidich fen to halden. Men moat bigripe, det it yn ’e polityk om de heechste dingen giet, det, as men yn ’e polityk net meidocht, men forwaerleaziget op to kommen for dingen, dy dochs fen it greatste bilang binne yn it libben fen de minsk en fen de maetskippij. It mei ús net unforskillich wêze, hwa der ús regearret en ho wy regearre wirde. [3]

Wy hawwe in heel bult to sizzen en to klijen oer it regear, den doocht dit net, den is it mei hwat oars wer heel forkeard nei ús sin regele. Mar wy forsomje ús best to dwaen om yn it regear de rjuchte man op it rjuchte plak to bringen, wy jowe ús de moeite net, om nei to gean, ho wy meiinoar miskien foroaring bringe koenen yn in heel bult dingen, hwer ’t wy nou oer sitte to klijen.

De jongeljue dogge yn ’e regel fiks mei as it op klijen oankomt. Nei hjar sin doocht der in heele bult net en hja scoenen mannich ding oars hawwe wolle. Hja fiele al, det it net likefolle is, ho de steat regearre wirdt en hja scoenen faek wolle, det it oars regele waerd. As hja bigryp hawwe, den sjugge hja al yn, det de leden fen de maetskippy ta plicht hawwe, ynfloed út to oefenjen op it bistjûr fen it lan en fen de provinsje.

Dat bigryp moat hja der net ta bringe, hjar yn idealen to forliezen, to hoopjen op ’e takomst en mar stil of to wachtsjen tadet it foroaret, to tinken, det in oar, det de alderen dat wol opknappe scille, né, hja moatte bigripe, det hja net hoege to wachtsjen om deroan mei to dwaen, det hja krekt sa gau as it kin, meidwaen moatte om, hwer it oars wirde moat, it sa gau mooglik oars to krijen en hwer it bliuwe moat lyk as it is, wylst in heele bulte arbeidzje om it oars to krijen ef de dingen op ’e kop to setten, hja ek wer sa gau as it mooglik is, meidwaen moatte om to redden hwat to redden is.

As in boer yn in jongen sit, den scil er net wachtsje mei swyljen en heajaen, mei buthus faijen en hynsteriden, mei it learen fen de nammen fen de kei en to freegjen nei de dagen fen it kealjen, mei to sjen ho ’t it stiet mei de finne en de miedden, alles yn it bidriuw fen de boer hat fen jongs syn bilangstelling, syn stuudzje. Hat er der gjin stuudzje for, nou den wirdt it letter ek gjin boer fen it earste soart. Sa giet it ek yn ’e polityk. Hat men der jong gjin eech for, jowt men der as jonge man neat om, bliuwt men der unforskillich under, hwa der komt yn gemeenterie, steaten of keamers, eft wy fen rjuchts eft fen links regearre wirde, eft dizze eft dy wet der troch komt, nou den hoecht men der letter ek net folle fen to forwachtsjen. Wis, men kin letter ta better ynsjuch komme, mar men moat it dochs mar net tofolle op de needsakelikens fen bikearing oankomme litte en mar ljeaver daelk him ynstelle sa ’t it moat. En derom is it fen it allerheechste bilang, det by de Jongeren field wirdt for de polityk, det hja jong al leare, det it net allikefolle is, ho ’t it giet yn it regear en it bistjur fen lan en provinsje, en ek fen de gemeente. [4]

Mar der is noch in twadde reden, hwerom de Jongerein om himsels net ofsidich bliuwe mei fen de polityk.

Hjir is underfining en foarljochtsjen ek fen greate bitsjutting. Der is miskien gjin ding, hwer eltsenien gauer syn miening en oardiel oer klear hat as oer de polityk. En der is miskien ek gjin ding, hwer it slimmer is, der in rjucht oardiel oer to krijen.

Nou scil men mooglik sizze: as it politike fraechstik sa ’n slim fraechstik is, hald der den de jongeljue, de unbedrefenen út, lit hjar mar ljeaver net meiprate. Lit hja mar wachtsje, ta ’t hja hwat mear underfining fen it libben en fen de minsken hawwe.

Det scoe sin hawwe, as wy mei it pleitsjen for it meidwaen fen de Jongerein yn ’e polityk pleitten for it heechste wird for hjar, mar net as wy bidoele hjar der jong yn to bringen om jong to learen, hwat men sa mar net ynienen leart. Ik scil heel net forblomje, det men yn ’e polityk forsichtich wêze moat, det men der de dingen goed under de eagen to sjen hat, det dos foaral de Jongerein, dy graech hird út de ein giet, bidaerd en starich oan dwaen moat en lústerje moat nei alderen dy mear underfining hawwe en de dingen better oersjugge. Mar as men der net jong mei bigjint, den rint men krekt it greate gefaer, det men sunder nei inaor to lústerjen mar trochredenearret, wylst as men jong al yn de politike aksje bilitsen wirdt, men as fensels him liede litte scil, bigripe, det men net daelk it heechste wird to fieren hat. It is for de Jongerein den ek derom fen sa greate bitsjutting, det hja jong by de polityk komme, omt wolle hja yn dy aksje hwat wirde en firtuten dwaen, it nedich is, det hja hjar bileare litte en yn dy aksje starich oan umheech gean. Sa krijt men in restige politike untwikkeling, in politike opfieding, sa scil it mooglik wêze, det wy in trochlibjen fen de polityk krije, wylst nou fierstofolle de polityk yn it libben stiet as in ding, hwer men net alheel buten kin, mar hwer men him net tofolle mei ynlitte moat, in ding, hwer men wer om tinkt, as it op forkizingen rint, mar hwerfen men net sjocht, det hja in plak en in great plak ynnimme moat yn ús deistich libben.

Jong moat men al in bigryp sjen to krijen fen wet en regear, fen steat en maetskippy, fen de wizen hwerop men oan it ta stan kommen fen in wet meiwirkje kin en meiwirkje moat, fen de wizen, hwerop men hwat dwaen kin, om it lán sa goed mooglik regearje to litten. Men moat yn syn jonge jierren al hearre, ho yn in heele bulte lânnen de saken net nei ús sin roun binne, omt wy Katholiken ús net ynlieten mei de politike kwesjies eft derby net iens wiernen eft miskien net wisten, hwat ús halding wêze moast.

Yn dit forban scoe ik us jonge Friezen wize wolle op it bilang om de politike fraachstikken by to halden, deroer ek hwat to lezen. Ons Noorden hat altiten syn best dien, mar slagget der de leste tiid bisonder yn om ynsjuch en lieding te jaen. Litte hja dat lêze. [5]

Mar is it for de Jongerein sels fen greate bitsjutting, det hja, ho jong hja binne, al yn ’e politike aksje bilitsen wirde, omt hja der op dy wize starich oan ynkomme en jong wenne oan de plicht fen ús allegearre om for it bihâld en de foarútgong fen de maetskippy oan it politike libben diel to nimmen, ek bisjoun fen de kant fen de politike aksje hat it syn greate waerdy, det de Jongeren meidogge yn ’e polityk.

It sjucht der net to best út om ús hinne. Wy witte net, hwer ’t it hinne moat. Fen alle kanten, scoe men sizze komt de stoarm op om it skip fen steat forgean to litten yn de golven fen communisme en anarchy, fen Godsuntkenning en oarloch. De stoarm is der einliks al en al is it hjir yn ús Heitelan lokkigernoch noch al rêstich en is it hjir noch gjin unwaer, de loft is hjir dochs ek al raer bilitsen en skier genoch om ús to warskogjen, det wy tige forsichtich wêze moatte. Wy meije de tongerleider wolris neisjen en hwat gefaer fen ynslaen jowt, meije wy wol gau yn ’e hûs helje. De stoarmfugels fleane ek al oer ús lân, litte wy de eagen der mar net for ticht halde. As wy hearre, ho it nou yn Spanje giet, dan komt ús de fraech op ’e tonge, ho kin it. Wy witte, det it hjir yn 1918 ek mar in heel lyts bytsje skeeld hat, eft wy hienen hjir ek de revoluusje hawn. En ljeau my mar, der rinne yn Nederlân en ek yn Fryslân genoch roun, dy it hjir heel graech seagen lyk as it yn Ruslân en nou yn Spanje giet. Der is sims sa ’n bytsje nedich om it fjur by it krút to bringen. Wy hawwe yn 1918 sjoun, hwat in bitsjutting it hawn hat, dat der doe in regear wier, dat rjuchts stie. Mei in links min eft mear socialistysk bestjûr wier it do wis en grif nei de revoluusje gean. Nou it stoarm op sé is en it skip fen ús steat bidreauwn wirdt troch de stoarmen rounom, nou meije lyk it yn sémanstermen hjit alle hens wol oan dek, nou moat wol elts dy ’t helpe kin, meidwaen om it stjur der yn to halden en it wetter hwat ynstreamt út to eazgjen. Dat wol sunder byldspraek sizze, det wy allegeare meidwaen moatte om de rjuchte minsken oan it stjûr, oan it regear to halden en to krijen en de ynfloed to forlytsjen fen dyjinge dy nei ús sin in gefaer binne for de maetskippy, dy de steat en it lân stjuren yn in rjuchting, dy wy in ramp neame.

Wy kinne gjin man misse. It giet om it heechste en fen beide kanten wirdt der om sa to sizzen alles op set. As wy net mei alle krêften, hwer wy oer biskikke kinne, oanpakke, den gean wy derûnder. Wolle wy ús lân biwarje en bistjure litte nei ’t wy witte, det Us Ljeaven Hear wol, den mei gjinien efter bliuwe en den moatte foaral de jongeren helpe. [6]

Net allinne omt hja it getal greater meitsje, dat is op slot fen rekkening net de haedsaek, mar omt hja yn de organisaesje hjar eigen plak skjin meitsje kinne en in bulte wirk dwaen kinne, dat fen de heechste bitsjutting is. Lyk as de maetskippy sels, sa is ek hjar politike aksje mei in organisme to forgelykjen, mei in lichem, hwerfen elts diel syn eigen wirk hat en alles yn tsjinst is fen it geheel. Ek yn de politike organisaesje moat der in greate yndieling en fordieling fen it wirk wêze. It is útsletten, det deryn ien alles dwaen kin en likemin, det allegearre itselde dogge. Men moat it wirk underinoar fordiele en as men dat mei oerliz docht, den is der ek plak foar de Jongerein, den is it meidwaen fen de Jongeren in útkomst by it brekme oan krêften, hwer men for in goede aksje oer to biskikken hat.

En yetris, net allinne om it tal, né, de Jongeren hawwe ek eigenskippen, hwertroch hja in heel bisunder plak yn de organisaesje ynnimme kinne, sadet, as hja net meidogge der wer sa folle minder binne, dy helpe, mar ek mist wirdt, hwat allinne de Jongerein ús jaen kin.

Hwat kin de Jongerein ús foaral bringe?

Wy witte, det de Jongeren noch fol binne fen idealen, fol geastdrift en enthousiasme, de dingen oer it algemien moediger en bliider bisjogge, by hjar it pessimisme gjin fat hat, mar hja yn optimisme libje. Hja sjogge it libben yet fen de sinnige side. De swarichheden, dy ’t mannich aldere makket, fiele hja sa net oan, hja stappe der folle makliker oer hinne en jowe sa daelk de moed net op. Der sit by hjar noch kriich yn, hja sette der yn ’e regel foarsje efter, as hja der hwat troch hawwe wolle. It giet fiks út ’e ein mei hjar, hja halde heelendal net fen langsum. As eat barre moat en hja sjogge yn, det it biteikenis hat, dan kinne hja mar slim útstean, det it op syn alf-en-tritigens giet.

Dat binne allegearre kostlike eigenskippen yn de aksje, ek yn de politike aksje en derom is it sa goed, det de Jongeren mei dy eigenskippen dielnimme oan dy aksje. Der skûlet wol in lyts gefaer yn, geastdrift kin maklik oerdwealskens wirde, moed en foarsje kin de swierrichheden wol ris al to licht telle litte en yn unforsichtigens oerslaen, mar om it gefaer dat heel maklik weinommen wirde kin, as de Jongeren dat sels mar mei ús ynsjen, meije wy de kostlike halp, dy de Jongeren yn de politike aksje biede kinne, net ofwizen eft ek mar mei soarch en noed oansjen. Né, wy moatte de Jongeren yn ús aksje hawwe, Jongerein, wy kinne net sunder Jimme, omt wy de kostlike eigenskippen, dy ’t Jimme hawwe for ús aksje sa nedich binne as brea.

 


  1. Typescript (NCI OP 126.5), 6 pages. Typescript of a speech held 17 Mei 1931 at the ‘Katholieke Gewestelijke Landdag’ in Amicitia, Sneek. The text shows some corrections by pencil. We present the corrected text. A Dutch summary is also provided in the archives (NCI OP 125.1, 2 pages).

 

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2023