It Aerd fen de Fryske Kleasters

1941

Speech (Frisian)

 

It Aerd fen de Fryske kleasters yn de Midsieuwen

[1]

Fryslân stiet fen âlds bikind as in streek, hwer heel hwat kleasters wierne. Men praet faek fen oer de hûndert. Sa great wier it tal wol net, mar in goed fiiftich binne der dochs west. Hja nimme yn de Fryske skiednis in heel plak yn, by namme trochdet mannich kleaster greate ynfloed hie en hja mannen oplevere en wirk dien hawwe, dy for Fryslân bitsjutting hienen. Wy kinne de skiednis fen Fryslân út de midsieuwen net skriuwe, as wy yn it oersjuch de kleasters net bihelje.

[ Der is eltsenien it wol oer iens. Al kin men dy kleasters net allegearre bij namme en wyt men net sa precys, hwat hja dienen en bitsjutten, safolle is derfen wol bikind, dat men bigrypt, dat men der rekkening mei to hâlden hat. Lykwols is der folle misbigryp en hat mannichien, dy oars wol aerdich thús is yn de Fryske skiednis, oer it aerd en it wirk fen dy kleasters faek net rjucht bigryp.

Bij in eardere lêzing, dy ik for de Fryske Akademy hâlde mocht oer de bikinde Pater Brugman yn Fryslân kaem it yn de neipraet deroer nei foaren, det forskate leden fen de Akademy deroer wol ris in aparte lêzing hearre woenen en frege de Foarsitter mij, der bij gelegenheit ris op werom to kommen. Dy gelegenheit wier der nou en graech haw ik dy oannommen om net sasaer oer de nammen en it plak, de stifting en de eigen skiednis fen de kleasters to sprekken, mar mear yn it algemien hwat to sizzen oer it aerd fen dy kleasters. [2]

Hjir giet net op, det in kleaster in kleaster is en dermei út. Der is in heel great underskied yn de underskate kleasters, dy wij yn Fryslân hawn hawwe. Allinne yn de midsieuwen al. Hwent derta wolle wij ús yn dizze lêzing mar bipale.

Der is in untjowing, in oergong fen de iene foarm yn de oare en al kin ik yn de koarte tiid fen ien lêzing net alles deroer jaen, ik hoopje dochs sjen to litten, det it kleasterlibben yn de Roomske Tsjerke forskate siden hat, hwerunder men it bisjen kin.

Dit kin ik wol daelk sizze, det hja al to folle biskôge binne under in opsicht, det einliks net op it earste plak komt, mar ik wol der graech bij sizze, det de kleasters derta sels oanlieding te jown hawwe. Men sjucht de kleasters oer it algemien to folle as ynstellingen, dy for de sociale en ekonomyske untjowing fen Fryslân bitsjutting hienen, brânpunten west hawwe fen wittenskip en kultuer, wylst man de earste ropping fen de kleasters oer de holle sjucht, dy foaral yn de tiid fen de midsieuwen wier de forhearliking fen Ús Ljeaven Hear en it persoanlik bilibjen fen de evangelyske rieden fen gehoersamens oan in hegere lieding, fen súverens troch ôfsjen fen in houwelik en libjen sûnder frou oft bêrn, fen earmoede troch mienskiplik alles under inoar to bruken sunder eigen bisit oft oanspraek op bisit. ]

Kleasters binne yn haedsaek plakken hwer manljue oft frouljue bijinoar wenje, krekt om fen de wrâld en fen alhwat hja oan forlieding meibringt fier to stean, om derfen los to kommen en as mei God ynliker to forkearen. Dat slagget eltsenien net like goed, dat kin men wol bigripe, mar it is dochs it doel. Der wol men op ta. Dat is it ideael, hwermei men der yn giet. [3]

En derom docht men de kleasterlike ynstellingen in wesentlik unrjucht, as men hjar rom siket yn great maetskiplik wirk en sociale ynfloed. Dy binne ek wol in rom fen de kleasters, det scil ik net omstride, mar dy komt net op it earste plak.

Ik kin in skiednis fen de Oarder fen de Franciskanen, de soannen fen de hillige Franciscus fen Assisi, dy wij nou yn Fryslân yet hawwe for de bitsjinjing fen de parochy-tsjerken fen Boalsert en Frentsjer en yn it lytse kleasterke fen Drachten mei in útrinner yn Sint Jacobi-Parochy. Yn die skiednis wirdt heech ophelle oer itjinge dy Oarder yn it forrin fen de ieuwen dien hat op it gebied fen de sinding, fen de wittenskip, fen sociael wirk. Mannich great man wirdt der neamd, mar dat boek seit suver neat oer de hilligen, de stille bidders en fromme bioefeners fen it ienfâldige kleasterlike libben, forskule for de wrâld en hjar unbikind. Sjuch, dat is de skiednis net fen in kleasteroarder. Deryn moatte de hilligen, dy libbe hawwe nei de geast fen de Stifter en fen de ynstelling, it eareplak hawwe.

De kleasters foarmje in tsjinstelling mei de wrâld en hjar rom moat net socht wirde mei eagen, dy allinne mar sjugge, hwat great is yn de eagen fen de minsken, mar troch geasten, dy probearje te sjen, hwat Us LjeavenHear, dy yn it forbirgene sjucht yn de minsken it heachste waerdearret.

Kleasters binne Godshúsen, wolle dat alteast wêze. Dy der wenje moatte nijer ta God stean en dertroch oare minsken ek wer nijer ta God bringe.

Kleasters binne plakken fen geastik libben, hwer ’t men alteast probearret geastlik to libjen, under de eagen fen God, mei God.

Gjin minske scil omstride, det yn it gewrot fen de wrâld en om [4] it dageliks brea it tinken om God, dy bij en yn ús is, dy alles makke en yn stân hâldt, it mei Him yn de geast forkearen net meifâlt. Men kin God wol, men bigrypt, det Hij de Skepper wêze moat fen alles hwat bistiet en dertroch ek alles yn hannen hat, det Hij op ús delsjucht om it minsklik út to drukken en fen ús as skepsels mei forstân ek freget, det wij der each for hawwe, der tankber for binne, Him derfor eare en priizgje, mar troch de droktme fen it libben is it tinken deroer en it dwaen dernei faek net mear as in flits, as in strieltsje, dat sa nou en den ris even de tsjusterens fen ús geastlik libben forljochtet, mar den is it ek wer foart.

De measten fine der gjin tiid for, om der lang oer nei to tinken, hjar dermei op to hâlden, al scille hja sizze moatte, dat God dochs wol fortsjinnet, det men der hwat mear each for hat en men der Him eare for bringt.

Nou binne de kleasters yn it algemien allerearst húsen hwer de ear oan God to bringen, it geastlik forkear mei God boppe al it oare de foarrang hat en dat wol under in twafâldich opsicht. De kleasterling fielt him der sels ta roppen. Hij wol him der mear oan jaen. Hij wol deroan in greater plak yn syn libben ynromje. Hij wol libje mei God om dertroch wisser mei God forienicht to bliuwen en sa ek yn de ieuwicheit mei God lokkich to wêzen. Mar hij libbet net for him sels allinne. Hij bigrypt, dat hij ien fen de skepsels is út Gods hân en det alle skepsels roppen binne, Him eare to jaen. Hij bigrypt, dat oaren der net ta kommen. Hij wol it for de oaren meidwaen. Hij scil hjar plak ynnimme en troch miskien mear to dwaen den God fen eltsenien freget yn mienskipsbisef goed to meitsjen, hwat oarne to min dogge. [5]

It mienskipsbisef libbet sterk yn de kleasterynstelling. Hja forbine hja meiinoar om yn ien greate mienskip yet wer makliker hjar hege ropping nei to libjen en yn inoars fortsjinsten op dit gebied to dielen. Is it geastlik libben sels tige persoanlik, dernest stiet ek wer, dat it in geastlike mienskip bifoarderet. Hja forienigje mei inoar om as Oarder, als kleaster, yn in organisaesje, under fêste lieding better en reedliker, mearsidiger en folsleiner God to tsjinjen en to forhearlikjen. De organisaesje fen de tsjinst fen God is op dy wize in heel fornaem punt yn it kleasterlibben en derom stiet de gehoersamens oan in hegere lieding ek sa heech.

Wirdt nou nêst de geloften van gehoersamens ek gelofte dien fen suverens en fen earmoede, yn de âlde tiiden wier alles yn de gelofte fen gehoersamens opsluten en ynsletten.

Men bigrypt lykwols, det dy organisaesje heel forskaet wêze kin en det dertroch heel hwat foarmen fen kleasterlibben mooglik binne net allinne, mar ek bistean. Ik scoe net witte, hofolle foarmen der wol binne. It kleasterlibben mei yn Fryslân ryk west hawwe, it tal forskate Oarders is net great en der binne yn de Roomske Tjsjerke heel hwat foarmen, dy yn Fryslan nea oannommen binne. Lykwols hawwe wij wol de headfoarmen fen it Roomske kleasterlibben representearre.

Ik kom yet even werom op it sociale en wittenskiplike goed, dat fen folle kleasters útgean is. Súver allinne for de ear en forhearliking fen God binne der mar inkelde kleasters stifte. It súvere contemplative libben, it siikjen fen gjin oar forkear dan allinne mei God, lyk as nou wer bigoun is yn it lytse kleasterke fen de Carmelitessen yn Drachten, is ek yn de [6] midsieuwen yn Fryslân net unbikind, mar de measte kleasters sochten dochs dernêst wol wirk, dat hjar net allinne yn forkear brocht mei de wrâld om hjar hinne, mar hjar ek ynfloed joech yn it maetskiplik libben. [ Dat koe yet twadderlei wêze. It wirk, dat hja sochten koe yet wer in geastlik karakter hawwe as it arbeidzjen yn de sielsoarch, it studearjen fen de wittenskip al den net forboun mei lesjaen, it skriuwen fen boeken e.s.f. mar it koe ek mear lichamelik wêze as biarbeidzjen fen it lân, it ynpolderjen fen fordronken lân, it bouwen fen boerkerijen, fen tsjerken en tsjerkeburren, it lizzen fen diken, it graven fen sletten en kanalen, it oanlizzen fen silen en it bouwen fen breggen en mounles e.s.f.

Derbij moat men net foarjitte, det foar it dageliks brea allerhande wirk needsakelik wier en folle hannen frege. Dat roun sims safier, dat der for it einlike wirk yn tsjerke en koar, for it ynlike forkear mei God hast gjin tiid oerbleau. Dat koe fansels net, den roun it forkeard. Dat wier yn striid mei it wesen fen de ynstelling, mar ho giet it faek. Wy scille sjen, det der dochs tiiden west hawwe, hweryn it wirk nei buten it wirk nei binnen, it stoflike wirk it geastlike tobek dreau sadet nei middels útsjoun wirde moast om der foroaring yn to bringen oft to krijen. ]

Ik scil net sizze, dat it moaije sociale wirk yn Fryslân fen de kleasters útgean, de kleasterlike ropping yn gefaer brocht hawwe, it hearde derbij, mar wol siz ik, det wij derfor oppasse moatte, derop as op it fornaemste yn de kleasterskiednis to wizen. It sprút derút foart, it is er de frucht fen, it lit der oare kanten fen sjen, mar it komt op it twadde plak. Sels yet yn dy kleaster-ynstellingen dy mear as oare it wirk nei buten yn hjar program opnommen hawwe. [7]

Wy wolle ús bêst dwaen, yn it koart in oersjuch tot jaen fen de untjowing fen it kleasterlibben yn Fryslân om oan de hân derfen de underskate foarmen sjen to litten.

De earste kleaster-ynstellingen yn Fryslân binne wol dy fen de saneamde Reguliere Kanunniken. Men scil sizze, det it bikearingswirk hjir alderearst dien is troch Benedictinen en dat mei hjar de earste kleasterlingen hjir yn Fryslân kommen binne. Dat is wol sa, mar hja hienen hjir net daelk in kleaster. Bonifatius, dy hjir de greate man is fen de earste organisaesje fen de Tsjerke woe wol kleasters for syn Oarderbroerren, mar hy bigriip, det dy mar hjir en dêr wêze koene. Hy stifte it earste kleaster yn Fulda, Willebrord hie syn kleaster yn Echternach. Dat wierne for hjar oasen yn de woestijn. Dêr moasten de sindelingen sa nou en den hinne flechtsje om wer ta hjar sels to kommen. Dêr wier in sintrum fen oplieding en foarming. Yn Utert hawwe de Benedictinen letter ek sa’n kleaster bigoun, mar dat koe sa daelk net, al kaem it reedlik gau. Mar de geastliken, dy hja oannamen om hjar helpers to wêzen yn it Apostolaet, wierne fen hjar geast biynfloede, libben wol nei Benedictynske trant. Mar it wier net de stûffe, strakke en strange Benedictynske regel, dy hja hjir de earste mear geastlik fielende geastliken oplizze koenen. It wier yn it bigjin al folle, as dy de myldere regel fen Sint Augustinus en fen it mienskiplik libben fen de geastliken, it ‘vita communis’ oannamen. Dat wier al in greate stap. Sa krigen wij hjir yn Fryslân as earste kleasters wol earst to Dokkum, den to Starum twa sintra fen kanonyk libben it earste op it plak, hwer Bonifatius formoarde waerd, it twadde hwer Sint Odulphus him festige om in sintrum fen Gelove-fordigening en in learskoalle for it orthodox Gelove to stiftsjen. [8]

[ Twa dingen moatte wy hjir goed yn it each hâlde. Hja binne bigjin-foarmen, dy hjar letter untjown hawwe. Wij kinne yn de skiednis fen de Reguliere Kanunniken trije tiidperken underskeide; it bigjin oan ’t omtrint 1100 ta, in forstranging om 1100 hinne en in fornijing yn de fyftiende ieu. ]

Trije dingen rinne bij dizze earste stifting it meast yn it each. Hjar earste wirk wier it bidden fen de Getiden. Der bigoun de dei al ier en bytiid mei, neffens de regel van Chrodegang fen Mets (755) al nachts om twa ure, mei de Metten en Lauden yn it koar yn wikselsang to resitearjen, wylst yn de moarntiid om in ûre of seis de Primen songen of bidden wirden. Letter yn de moarn kamen de oare Lytse Uren mei de Misse. De middeis om twa oft trije ûre wierne de Vespers, wylst de dei bisletten waerd mei de Kompleten. Dêr kamen mei forrin fen tiid yet de Lytse Getiden ta eare fen Marije en faek ek yet de Getiden for de Forstoanen bij. It moat ús wûnderje, hofolle tiid for it bidden fen de Getiden mei alhwat derbij kaem bistege waerd. Der gyngen ûren mei hinne. It wier hjar earetaek, de tsjinst fen God mei bidden en sjongen waer to nimmmen en altiten wer God to priizgjen en to earen.

Dêrnêst stie in hiel sober libben mei in heele bulte fesseldagen, unthâlding fen fleisk op wer oare dagen. Ek it drinken fen wyn en sok spil wier oan biperkjende bipalingen boun.

Derbij bleauen hja priesters mei egen bisit oft altaest frij fruchtgebrûk fen hjar bisit, dat as bisit oan de mienskip forfoel, mar einliks earst bij hjar dea. Hja dienen m.a.w. gjin [9] gelofte fen earmoede. Ek hwat hja krigen for it opdragen fen de missen en oar wirk yn de sielsoarch koenen hja for hjarsels hâlde. Hja wennen wol bijinoar, mar elts hie dochs syn eigen wente yn it ‘claustrum’. [ Der wierne mienskiplike plakken fen bidden, konferinsje of kapittel, iten en sa fierder, der wier oan it haed fen it kleaster in abt oft in prior, dy alle dagen syn puntsjes joech en alles regearre; oan him wier men gehoersamens skildich, mar der wier lykwols in frij greate frijheit yn dit Ynstitút, dat net to strang sjen wirde moat, mar dochs mei in hege geastlike ynstelling. Deryn kamen priesters bijinoar for in mear geastlik libben, mar hja bleauen priesters dy hjar jowe oan de sielsoarch, útgean om to preekjen, bycht to hearren, net allinne yn de tsjerke fen it kleaster, mar foaral yn dy earste tiiden, fier yn it roun. Fen hjar tsjinstreisen kamen hja op fêste tiiden yn it kleaster werom, wylst ek wol inkelden dy der mear for yn oanmerking kamen, yn kleaster bleauen. It kleaster wier in sintrum fen geastlik libben, mar dy it biwennen wierne der net sa opsluten, det hja der net útkamen. Hja hâlden – en dat is in heel wichtich punt – hja hâlden it gebrûk fen hjar jild en fen hjar ynkomsten. Dizze stifting fen de earste kleasters fen Reguliere Kanunniken hat fensels meibrocht, det fen dy kleasters in heele bulte parochies stifte en liede binne. Fen Starum hongen wol in fyftich tsjerken ôf. Sa wirden dizze kleasters great en ryk. Boppe de prior kaem in abt, dy it oansjen fen it kleaster forhege, dy de liturgyske plechtigheden mei pontifikale prael opdrage en liede koe, in great man wier yn de maetskippij.

Dizze ynstelling is foaral stroffele oer it jild. [10]

Al wier it brukme, det it jild bij forstjerren oan de abdij kaem, it frije gebruk troch elts fen syn jild en ynkomsten wier net bifoarderlik for in mienskiplike geast en brocht tsjinstellingen yn it kleaster dy der net wêze moasten. Boppedien wier it útsicht fen de kanunniken, det hja mei koarter eft langer tiid op ien fen de parochies, dy fen de abdije ôfhongen, pastoar wirde koenen en dat mei de tiid ek wirden, net bifoarderlik for in stipt underhâlden fen de kleasterregel. Der wier ek gjin sterk forbân fen de abdijen ûnderinoar, sadet in abt eft prior him net biroppe koe op tradysjes yn oare kleasters. Persoanlik wierne hja faek net stram genoch om de tucht heech to hâlden en joegen hja njunkelytsen tofolle ta. ]

Om 1100 hinne hat men de gebreken fen it Ynstitút fen Reguliere Kanunniken ynsjown en probearre dy wei to nimmen. It fornaemste fen dizze herfoarming wier, det de Kanunniken fen do ôf geloften dienen fen earmoede, d.w.s. fen mienskiplik besit sûnder eigen ynkomsten.

Dit is de herfoarming troch de Synode fen 1059 yn it Lateraen to Rome. Fen do ôf wierne de ‘Consuetudines Augustinianae’ de liedende omskriuwing fen doel en wirk fen de Kanunniken. Do wierne lykwols de Fryske abdijen net mear dreech oft kreftich genoch om dy herfoarming yn hjar kleaster troch to setten. De Abdije fen Dokkum gyng oer naei de Premonstratensers oft Norbertinen, dy fen Starum nei de Benedictinen. Mar it Ynstitút gyng dochs net for Fryslan forlern. For de âlde twa abdijen kamen wer oare tot stân Ludinga-kerke en Bergum. Mei dizze twa bigjint yn de olfte ieu in nij tydperk for de skiednis fen it kleasterlibben. [11]

De skiednis fen Dokkum leit noch tige yn it tsjuster. Men neamt dy hast altiten in abdije fen de Premonstratensers en dat wier hja ek letter, mar sa bigoun hja net. Dat is útsletten, omt dy fen folle letter tiid binne den de âlde Dokkumer abdije, hwerfen al earder sporen oan to wizen binne as sintrum fen it tsjerkelike libben yn it Noard-Easten fen Fryslân. Eft wij ea klear ynsjuch krije scille yn de earste skiednis fen it Dokkumer kleaster, is in frage, mar dit meije wij wol feststelle, det it bigoun as in kleaster fen Reguliere Kanunniken. Men stelt it stiftingsjier yn it bigjin fen de njuggende ieu. Wij kinne der nou net fierder op yngean.

De skiednis fen Starum is hwet klearder, mar ek net heel folle. Der wirdt it bigjin yn forbân brocht mei de sinding fen St. Odulf nei Fryslân en wij wolle dat foarlopich oanhâlde. Dat leit ek yn de njuggende ieu.

[ Der wierne yn de ynstelling fen de Reguliere Kanunniken twa tsjinstridige dingen. It earste wier, det hja meiinoar libben, mar elts eigen jild hie en jild hâlde mocht, hwat de ienheit briek, en twaddens – en dat wier miskien yet slimmer – de meast bigaefden oansteld wirden as parochy-geastliken en oaren ek yn de parochies fen de abdije wirk hienen en dat wirk net bêst to forienigjen wier mei it libben yn it kleaster. Dêr wier yn it parochy-wirk gjin tiid for it ûren-lang bidden, dêr moast oar wirk dien wirde, preekje, bychthearren, siiken bisykje, catechismus jaen yn ien wird, dêr moast meilibbe wirde mei de minsken.

Ek dat joech greate tsjinstellingen yn it kleaster. It bidden yn it koar kaem dertroch yn uneare, omt de bêsten der net oan meidienen, foaral as it tal Kanunniken net sa great wier. [12]

Linkendewei waerd it bitsjinjen fen de parochies haedsaek en it heeddoel fen it hûs yn e knipe. ] As wij sjuggen hofolle tsjerken fen Dokkum en hofolle bij de oergong fen Starum oan de Benedictinen fen Starum ôfhongen, den blykt de abdije fen Starum mear bitsjutting hawn to hawwen as dy to Dokkum.

Mar den sjugge wij ek, hwat de fornaemste bitsjutting fen dizze twa abdijen for in great diel fen Fryslân west hat, det hja nêst it priizgjen en forhearlikjen fen God yn ûren fen bidden en sjongen, it as hjar taek biskôgen, op safolle mooglik plakken tsjerken to bouwen en to bitsjinjen en de sielsoarch oer it great diel fen Fryslân to bisoargjen. Ho fier dat krekt gien hat, is net to sizzen. Oan to nimmen is, det fen dy twa sintrums it Gelove starich oan fierder preke is en dizze twa abdijen nei inoar ta arbeide hawwe om Fryslan kristlik to meitsjen.

[ Dernêst stie it Ynstitút fen eigen tsjerken, selstannich, net fen in kleaster oft kapittel ôfhingjend, faek stifte troch in aedlik hear op oft bij syn stins of state. Prof Post hat deroer in proefskrift lefere, mar derút blykt, det for de earste ieuwen yn Fryslân oer dy tiid ek mear ljocht to winskjen bliuwt. ]

Ho fortsjinstlik dizze twa abdijen under dit opsicht wêst hawwe, [ sa’t ik al sei, ] it einlike kleasterlike libben kaem der yet net yn al syn fleur mei nei foaren. Der moast earst fêster grounslach wêze, foardet hjir opbloeije koe. Mar ek dy tiid kaem. It is alwer in bytsje unwis, mar it liket der dochs op, det yn de lêste helt fen de njuggende ieu Fryslân syn earste kleaster fen mountsen krige hat en do de Benedictinen derta oergongen binne, yn it Fryske lân in kleaster fen hjar Oarder op to rjuchtsjen. Dy sochten folle greater tsjinstelling mei de wrâld, stranger ôfsundering, mear folslein kleasterlibben mei geloften fen armoede, suverens en [13] gehoersamens. Hja sochten in stil plak, moaij yn de natúr, mar net sa tagonkelik for de minsken. Dat earste Benedictiner-kleaster hawwe wij to sykjen op Amelân, to Hollum. Dat wier opiens in heele stap fierder. Der wier in oare libbens-opfetting, net allinne troch de trije geloften, mar yet mear troch de stringere bân, dy de leden fen it kleaster forboun. Der gjin eigen jild, gjin eigen ynkomsten mear; dêr folle mear eare for it hânwirk yn de tiiden twisken it bidden; dêr yet stringer fesjen en unthâlding, mar foaral der folle en folle mear ôfsundering fen de minsken. Dy koenen bij hjar kommen, mar it moast in útsondering bliuwe, det hja bij de minsken kamen. Dêr stie it forkear mei God yet mear op de foargroun. Derom ek hjar plak op in úthoeke fen Fryslân, op in eilân en den yet op de úterste hoeke derfen. It wier in prachtich plak for de mountsjen sels, it sicht op de sé, rounom yn de bosken. Spitigernoch hawwe wij oer dit earste kleaster sa goed as gjin birichten. Wij witte sa goed as neat oer syn opfetting fen de regel fen Sint Benedictus, eft dy mear klam leit op it hânwirk oft nei de útlis fen Benedictus Aniane derfor de stuudzje ek meitelle lit en dy sadwaende in greater plak jowt. De forbining fen Amelân mei Fulda, hwer it fen ôfhong, sa’t liket, jowt groun for de forunderstelling, det it hânwirk der in frij great plak hie, wylst it plak fen de abdije yn in lân, hwer it Gelove yet preke wirde moast en it Kristendom yet nijere festiging nedich hie, oan de abdije dochs ek yet sielsoarchwirk oplei en it bitsjinjen fen parochies ta hjar taek biskogje liet. Dat waerd yet forsterke troch de tradiesje, dy de Benedictinen hjir hienen as earste geloofssindelingen. Wij sjugge hjar den ek yn [14] letter tiid mei allerhande parochies forboun. Hofier dit gyng, is lykwols net to sizzen. Eft it kleaster op Amelân ea ta in greate abdije útwoechsen is, is in greate frage. De oerbringing nei Foswert yn de toalfte ieu skynt der op to wizen, det it op Amelân net sa bjuster woe. Mar dat kin ek gearhingje mei oare grounen, lyk as de skerpere ôfskieding fen Amelân fen it oare Fryslân troch it djipper sinken fen it leechlân twisken Fryslân en Amelân yn, eft it yn nije geast oplibjen fen de Benedictiner-oarder, hwerbij de kleasters minder selsstannich bleauen en mear forbân meiinoar sochten yn ‘Congregationes’ forienigingen fen abdijen en dertroch hjar isolemint minder winsklik wier.

Wij kinne de skiednis fen de Fryske kleasters yn forskate tiidrakken sjen. It earste is wol fen de achtste oft njuggende ta it bigjin fen de toalfte ieu. Yn dat tiidrak hawwe wij, sa ’t liket, mar trije kleasters, trije abdijen, hwerfen twa fen de Reguliere Kanunniken, ien to Dokkum en ien to Starum en in tredde fen de Benediktinen op Amelân.

It tiidfek fen folle greater untjowing fen it kleasterlibben yn Fryslan bigjint mei de toalfte ieu. Dat is einlik de tiid, hweryn it kleasterlibben yn Fryslân in great plak krijt. Wij meije, leau ik wol sizze, det de fornijing útgean is fen de Benediktinen, mar de djippere groun moat wol wêst hawwe, det der yn Fryslân yn dy tiid in geastlik oplibjen west hat under it folk. Wij sjugge dat net yn Fryslân allinne. It is de tiid fen de Beginenbiweging yn it Súden fen ús lân, fen Hadwych en Beatrijs, fen van Maerlant, in bisef de opkommende en sterk oplibjende tredde stân, [2] det hja ek ta geastlik libben roppen binne. [15]

Der komme nije minsken yn de kleasters, it folk praet mei yn de tsjerkelike dingen en útert him oer hwat hjar der net oanstiet. De krústochten bringe idealen nei foaren hwerfor greate offers brocht wirde moatte. De ridders moatte mannen wêze, wolle de ljue út it opkommende folk hjar net de baes wirde, de mannen út it folk wolle for de ridders net underdwaen. Der komt wer krieg en libben.

Dat krijt syn weromslach yn it kleasterlibben. Wij sjugge yn dizze tiid yn de Roomske Tsjerke in fornijing fen de kleasters, troch it opkommen fen twa nije Oarders en dertroch herfoarming yn de bisteande. De nije Oarders binnen de Cisterciensers en de Premonstratensers. Wij meije wol sizze, det de earste it âlde ideael fen de Benediktinen, de twadde dat fen de Reguliere Kanunniken op nije paden neistribje. Hja krigen al gau in greate forsprieding, mar troch hjar opbloei kamen ek de âlde kleasters fen Benediktinen en Reguliere ta nije fleur. Wij kinne net sizze, det yn Fryslân de Cisterciensers komme moasten om de Benediktinen nij libben yn to bliizen. Al lang foardet de Cisterciensers hjir kamen blykt al fen in oplibjen fen de Benediktinen. It kleaster fen Starum fen de Reguliere Kanunniken wird troch de Benediktinen oernommen, it kleaster fen Amelân wird oerbrocht nei Foswert, wylst yn Smelne yn Smallingerlân letter nei ’t skynt, men wyt net yn hwat tiid, mar it hat plak under de âldere kleasters, der yet in tredde kleaster oft abdije bijkomt. Fen dizze kleasters wirde twa as saneamde dûbelkleasters neamd, d.w.s. det dêr nêst de Benediktinen ek Benediktinessen wierne. Dat wier goed bidoeld en hja libben string skieden, mar op den djûr hat dat sa net yn Fryslân, der hawwe wij gjin oanwising for, mar op oare plakken hjir en dêr lieden ta misbruk en [16] is der foroaring yn brocht en is for de frouljue in heel ôfsunderlik kleaster ynromme, wol troch inkele Paters bitsjinne, mar dy wennen den derbûten. Yn Fryslân is it kleaster Foswert letter in mannenkleaster, wylst it kleaster Smelne in frouljues-kleaster waerd. Dit lêste hie de bitsjinning fen in Abt, faek ek mar in prior dy mei inkele Paters wenne yn Vlierbos in paer kilometer mear westelik. Dizze Abt wier dos net Abt oer Benediktinen, mar oer Benediktinessen. Hjar kleaster wier wol abdije, mar hja hienen gjin abdisse, wol in priorin for it dageliks bistjur fen it hûs. Dermei is de ynfloedssfeer fen de Benediktinen yn Fryslân net alhiel bipaeld. Inkele bûtenlânske abdijen hienen hjir ek to sizzen. Sa wier Ljouwert Aldehove sawol as Nijehove yn hannen fen de Benediktiner-abdije Corbei yn Westfalen, wylst Achlum, Arum, Witmarsum, Kimswert en Pingjum stienen under de Benediktiner-abdij Sint Paulus to Utert. Schoengen hat formoedens – hij seit net op hwet grounen – det de abt fen Prüm patronaetsrjucht hie oer Schingen en Tzjum. Mar Schingen stiet op de list fen Starum al yn 1132 en letter wer yn 1243. Mooglik is der in relaesje twisken Prüm en Starum en hat Prüm, dat sa fier wei lei, syn rjuchten op Starum oerdroegen. De abdije fen Starum hie, lyk wij al sein hawwe, wol in tweintich tsjerken to forsoargjen en wier de haedtsjerke fen heel Sudergo, mei tsjerken en kapellen ek yn it fordronken, nou wer frij to meitsjen lân bisúden Fryslâns súdkust yn Ruthne, Nagele, Emeloord en inkele oare plakjes. Wy wolle hoopje, det der nou wer hwat fen yn it ljocht komt, as de Noard-Eastpolder droech is en bij Fryslân kommen is. [17]

De abdije fen Starum hie boppedien yet in proostdije to Hemelum. Hwat hawwe wij derûnder to forstean? It liket mij ta, det Starum der syn Benediktinessen hie mei inkele Paters, dy de bitsjinning fen de sisters waernamen. Yn 1495, do de abdije to Starum al to folle fen it wetter to lijen krige, is de abdije mei al syn titels en rjuchten nei Hemelum oerbrocht en hawwe de sisters, as dy der do yet wierne, plak makke for de Paters. Den residearret de Abt fen Starum to Hemelum en is de Abt fen Hemelum gjin oaren as de Abt fen Starum. De Friesche Volksalmanak fen 1898 skriuwt, mar ik wyt net op hwat groun, det Hemelum earst in nonnekleaster wier. De namme ‘proostdij’ wiist der lykwols ek op. Der wier in pater gjin Abt oft prior, mar ‘praepositus’. Wier it in mannekleaster wêst, den wier it in prioraet oft abdije wirden.

Det de kleasters fen Fryslân bij de ‘Congregatio’ fen Cluny kommen binne, blykt net, mar de ynfloed fen de Herfoarming fen Cluny is der dúdlik to sjen. Lyk bikind is, waerd de Herfoarming fen Cluny for de Dútske kleasters foaral bifoardere troch de saneamde ‘Constitutiones’ fen Hirsau troch de sillige Wilhelm fen Hirsau nei dy fen Cluny opsteld mei yn acht nimming fen de Dútske gebrûken. De for dizze streken liedende abdije fen Fulda naem dizze gebruken fen Hirsau oer en al foarmde it net precys in ‘Congregatio’ yn 968 wier oan Fulda al de titel jown fen Primas fen de Benediktinen yn Dútsklân en Gallïe en koe hij de Abten bijinoar roppe om under syn foarsit de bilangen to bisprekken. En wij witte, det regelmiettich de abten fen dizze streken yn de toalfte en trettiende ieu under syn foarsit gearkamen.

In heel bisundere nije bipaling bij de Herfoarming yn de Benediktiner-oarder moat hjir yet bispritsen wirde: de ynstelling fen it institút fen de lekebroerren oft ‘conversi’. [18]

Foar dy tiid koe men dy bij de Benediktinen net en hie men wol feinten for it wirk, mar moasten de Paters oft ‘geastliken’ for alles stean. Om hjar mear fen it forkear mei de wrâld ôf to sluten, gyng men oer ta it opnimmen fen ‘lekebroerren’, folwûchsen mannen, dy hjar joegen oan de abdije om dêr as for eigen wirk to dwaen en tagelyk kleasterlik to libjen. It joech oan it kleasterlike libben mear ienheit. It wirk moast dochs dien wirde. Man hie derfor den gjin frjemden mear yn ’e hûs, mar eigen folk, gjin ‘geastliken’ yn de gewoane sin, mar dochs mannen, dy mei it kleaster meifielden, in gelikes ideael hienen fen forkear en libjen mei God. Dat koe, do der under it folk mear ropping ta geastlik libben kaem. En safier wier it in biwiis, dat de folkskreft greater wirden wier. Mannen, dy dochs yn it wirk hjar bistean sochten woenen dat wirk hilligje troch it to dwaen yn tsjinst fen God sunder sucht nei jild of bisit, sunder frou oft bern, yn ofhankelikheit fen in oer. De ‘Constitutiones’ fen Hirsau kinnen nêst de ‘conversi’ dy geloften dogge, ek yet ‘oblati’ en wol yn de foarm fen ‘pueri oblati’ jongens dy oan it kleaster opdragen wirden om hjar op to fieden, faek ek ta kleasterling, al wier dat net fen sels sprekkend, mar ek yn de foarm fen ‘húsfeinten’ sunder geloften en sunder Oarderklaeijing. Dizze lêsten hearden einliks net bij it kleaster en wennen net bij de kleasterlingen, al wierne hja ek yn itselde hûs. Hja stienen ofsunderlik. Nêst sokke ‘ynwennende Oblaten’ dy wij it bêst húsfeinten neame kinne, wierne der ek ‘bûtenwennende Oblaten’, dy in hjar husen bleauen en der for de Oarder arbeiden oft in diel fen hjar ynkomsten oan it kleaster ôfdroegen eft allinne mar geastlike lieding krigen. [19]

Foaral troch it ynstitút fen de ‘conversen’ krige it lânbouwirk yn de Fryske abdijen folle mear bitsjutting en mooglikheid. Dit waerd yet sterker trochdet de Cisterciensers hja derfor yn it earste plak oannamen, mar deroer letter. Troch de ynstelling fen it ynstitút fen de conversen kaem for de priesters mear tiid frij en wirden hja troch de fornijde statuten ek mear oanwiisd for stuudzje en wittenskiplik wirk.

As wij nou de Benediktinen yn Fryslân oersjugge, den hawwe wij twa abdijen fen mannen Starum en Foswert, ien abdije en ien proostdije for frouen, hwerbij fensels ek inkelde Paters wierne for geastlike bitsjinning, fierder in goed tritich parochies, dy under hjar lieding stienen. De abdijen van Starum en Foswert hawwe yn dit forbân de sterkste ynfloed, mar wij meije de oare sintrums fen hjar wirksumheit dochs net underskattte. Fen Smelne witte wij, dat it net sunder ynfloed wier yn it Leppe-forban.

Nêst de Benediktinen kommen lykwols yn de toalfte ieu hjar greate neifolgers en healbroerren de Cisterciensers, fen hwa it âldste kleaster yn heel Nederlân roun 1165 bij Rinsumageast as ‘Claerkamp’ stifte is. Dizze Oarder hat wol heel bisundere bitsjutting for Fryslân. Hjar abdijen Claerkamp bij Rinsumageast, Bloemkamp bij Boalsert en Gerkeskleaster op de Grinser grinsen binne troch hjar macht en ynfloed bikind.

Dat komt miskien ek wol, omt de Cisterciensers it libben it sterkst op it eigen kleaster sentralisearden. Hja woenen gjin tsjerken om dy to bitsjinjen, de mountsen moasten yn it kleaster bliuwe. Det hja op hjar bisittingen hjir en dêr in kapelle oft miskien ek tsjerke bitsjinne hawwe, kinne de omstannichheden meibrocht hawwe, it wier gjin doel oft regel. [20]

Hjar kleasters stribben fûller nei ôfskieding fen de wrâld. Hja bleauen thús en dienen hjar wirk en it koe sa wol net oars, hwer hja boppedien wer sterk de neidruk leinen op it lichemswirk, det hja yn lânbou en féhâlden hjar kreft sochten en heel hwat lân omset en fruchtber makke hawwe. Hja wierne de greate mannen, dy relaesjes hienen yn it bûtenlân en derwei plannen en wirkwizen wisten, dy hjir minder bikind wierne. Hja brochten hjir it boerebidriuw foarút en joegen de toan oan. Yn hjar regels wier forsjoun, det de groun dy hja to biarbeidzje hienen, safier fen hûs lei, det hja net regelmiettich allegearre alle dagen thúskomme koenen. Hja hienen grangiae oft ‘úthoven’ hwer de conversen oerbliuwe koenen om faek allinne mar Sneins en sims net ienen alle Sneinen yn it kleaster to kommen, Dy organisaesje fen it lânbou-bidriuw hat makke, det wy hjar folle tank to bringen hawwe for it for Fryslân sa ginstige wirk fen groun-untginning en groun-oanwinning, mar men bigrypt, det dy útbreiding fen it kleaster oer in stikmannich úthoven ek gefaren hie for it geastlik libben. Hja hearden wol bij it kleaster. Dy lekebroerren hienen ek earst in healjier proeftiid, den in jier novitiaeten dienen den gelofte fen gehoersamens oan de abt, en yn dy gelofte wierne de oare twa ynsletten, mar de skiednis hat sjen litten, det op den djûr dat ynstitút fen Conversen, lyk de Cisterciensers dat tapasten, dizze lekebroerren tofolle bûten it kleasterlike libben hâlde en ta in forwyldering derfen liede. Dat seit lykwols net, det it net lange tiid treflik wirk dien hat en wij deroan net folle to tankjen hawwe.Yn it bigjin fen de fyftiende ieu is it wer ôfskaft, mar do hie it foardet misbruken it oantaesten, al folle goed dien. [21]

Foar de Oarder fen de Cisterciensers haw ik greate earbied. De skiere mountsen libben string en ienfâldich, it wirk wier der yn eare. Ek de priesters moasten ûren arbeidzje, hast alle ûren, dy it lange bidden yn it koar hjar derfor frij liet. Wij moatte bij hjar net de bioefening fen de wittenskip, fen de kinst sykje, hja binne to forgelykjen mei de Trappisten fen hjoed de dei. Dat wol net sizze, det hjar kleasters gjin foarse bouwirken wêst hawwe, hja bouden sels en hienen faek de bêste fakljue, mar it libben en it hûs, alles moast sober en ienfâldich wêze. Troch de sterke sintralisaesje fen alles op it eigen hûs waerden de Cistercienser-abdijen mei fen de greatste en de wiidweidichste. It waerd in hiel komplex fen gebouen, hwerfen de tsjerke it sintrum en altiten it fornaemste en heechste bouwirk wier. Men mient, det hja ús de sadeldaktoarren brocht hawwe, dy yn hjar ienfâldigens sa goed de geast fen de Cisterciensers werjoue, mar wis is men der net oer. Det hja hja op bûtenlânske motiven ynspirearden, witte wy fen Klaerkamp, hwerfen de mountsen nei Citeaux gyngen om der it model for it bouen fen hjar tsjerke to heljen. It is bikind, ho heech it ascetyske libben bij de Cisterciensers stie. Hjir bloeide de geast fen de hillige Bernardus. Wij hawwe gjin skriften oft libbensforhalen fen de Fryske Cisterciensers, mar wol fen dy út de sudelike Nederlannen en derút sjuggen wij, hwet in hearlike ynlike geast der foaral yn de trettiende ieu libbe yn de Cistercienser kleasters en mooglik yet mear yn dy fen de Cistercierinnen. Hwent nêst de manlike kleasters hawwe wij ek froulike, dy alhiel op bidden en sjongen fen de koartsjinst mei hwat froulik hânwirk oanwezen wieren. Klaerkamp stifte al gau sa’n nonnekleaster en wol to Nijawier Onze Lieve Vrouw ten Dale: Vallis B. Mariae Virginis. Men stelt de stifting foar it jier 1191. [22]

In pear jier letter stifte it in twadde nonnekleaster Nazareth to Gernawert under Hallum. Bloemkamp hie syn nonnekleaster yn Nijekleaster ek neamd ‘Aula Dei’ , stifte lyk men mient yn 1228. Der wier ek yet in Cistercienser-nonnekleaster yn de Nes, hwerfen de Dútske ridders, dy der hjar Commanderije hienen, de bitsjinning hienen, tadet dy yn 1510 oan de abdije Bloemkamp kaem. Mooglik is it stifte troch in oare Cistercienser-abdije fen fierderwei, dy de bitsjinning derfen net sa bêst sels waernimme koe en derom oerliet oan de pleatselike geastliken, to earder omt dy dochs ek kleasterlingen wieren. Jeruzalem oft Gerkeskleaster bij Sint Augustinusgea stifte in nonnekleaster under de namme ‘Galilea’ to Burum. Der wier einliks yet in Cistercierinnekleaster under Harich mei de namme ‘hospitael’, dat lykwols net lang bistien skynt to hawwen. It wirdt yn de 14de ieu neamd, mar komt yn de fyftiende ieu net op de listen foar. Trije greate abdijen en seis nonnekleasters yn it lytse Fryslân sizze ús, det de Cisterciensers hjir yn heech oansjen stien hawwe. Foaral det seis nonnekleasters stifte wirde koenen for alheel contemplatyf libben, alheel ynsteld op it forkear mei God seit wol det der in ynlike djippe geast fen godtsjinsticheit libbe. Men moat dizze nonnekleasters ek net underskatte for it geastlik libben fen de mannekleasters, dy wer de geastlike lieding oer dy nonnekleasters hienen en hjar derop ynstelle moasten. Hja hâlden inoar yn de geast fen de Oarder omheech en spegelden hjar inoar. Der mei letter in tiid kommen [23] wêze fen forfal, men moat net to heech oanslaen. As it forkeard giet, praet men deroer. As it goed giet, fynt men it gewoan en swije de dokuminten derfen. Sa bliuwt it forkearde faek better yn de skiednis fêstlein as it goede, mar de organisaesje fen de Oarder, de regelmiettige visitatie binne ús ieuwen lang boarch, det it ascetyske libben yn Fryslân heech stie, det it safolle contemplative kleasters yn stân hâlden hat, allinne al fen de Cistercienser-oarder.

Net allinne lykwols omt hja ús seis nonnekleasters jown hawwe priizgje wij de Cisterciensers yn Fryslân, wy priizgje hjar ek omt hja sels mear as fjouwer ieuwen in moaij geastlik libben forboun hawwe oan in yn kultuer bringen fen in great stik Fryske groun en mei hjar spreuk fen bidden en arbeidzjen ‘ora et labora’ in foarbyld binne dat yet altyd sprekt. Jeruzalem oft Gerkeskleaster wirdt romd om syn dykwirk om de Lauwers, hwer de mountsen de sé bitwongen en in hiel stik lân oan de sé untwrakselten. ‘Klaerkamp’ yn de ‘Geast’ seit al, det it foaral oan dit kleaster ta to skriuwen is, det de geastlannen deromhinne fruchtber lân wirden binne. Fen Bloemkamp is ek wirk op lanbou-gebied en breggebou bikind. Wij kinne der hjir net op yngean. Wij moatte yet wol meidiele, det al wierne de Cisterciensers net ynsteld op it stiftsjen fen tsjerken en parochies, dochs inkele tsjerken fen hjar abdijen ôfhongen, gewoanlik yn de aldernêste omgeving en mar inkele. Bloemkamp hie de measte, it doarp Hartwerd, hwer it kleaster lei, fierder Scharnegoutum, Waexens, Jorwert, Tzjum en Skingen. It hie yet in kapelle op Ogo-oft Oegecleaster, ien fen de úthoven, letter oergien oan de Tertiarissen. [24] Fen Klaerkamp fine wij mar twa tsjerken opjown, ien yn it doarp Raert, in twadde op it eilân Skiermountseach, hwer hja in úthof hienen en wol de tsjerke mei bitsjinje moasten. Hjar úthof op dit eilân seit genôch, det hja der ek tsjin it wetter fochten hawwe en der heel hwat lân fruchtber makke hawwe. De tsjinwirdige Skierstins wier ek in úthof fen Klaerkamp. Op it âldste kleasterlistke wirdt ek yet spritsen fen Cisterciensers to Schraert of Scadawert, wylst men der letter net mear oer praet. It is mooglik, det men hjir mei in stifting fen in kleaster bigoun is, mar it meast wearskynlik is, det hjir ek in úthof miend is, dy hwet mear wier as gewoan, mar det dy letter forfallen is.

Op ien omstannicheit miene wij yet wize to moatten en dat is, det de stifters fen Klaerkamp en Bloemkamp en fen beide kleasters ek yet ien fen de kleasterlingen yn de skiednis fen de Oarder hwerfen hja lid binne oanskreaun stean as silligen, d.w.s. as mannen, dy mear as gewoan, ja, op butengewoane wize yn forkear mei God en yn tsjinst fen God libbe hawwe. Fen de stifter fen Klaerkamp wirdt utdruklik sein, det folle jonge mannen om de rop fen syn hilligens nei Klaerkamp oft Bloemkamp gyngen, sa lukte hjar syn hillich libben.

Ta slot moatte wy yet meidiele, det lyk as bij de Benediktinen ek bij de Cisterciensers folle wirk makke waerd fen de gastfreonlikens. For hjar sels tige sober woenen hja, det de gast, dy bij hjar kaem, it oan neat mankearde. It wier sprekwirdelik det oan de kleasterpoarte eltsenien wolkom wier en hja dermei in hearlike tradysje yn Fryslân yngong fine litten hawwe. Der wier in aparte gasten-master en for de gasten wier apart boud. [25]

Nei de Cisterciensers kommen as fjirde greate Oarder yn Fryslân de Premonstratensers oft Norbertinen, ek Wythearen neamd: ‘Albi’. Hjar komt ek in great plak ta.

Hwat de Cisterciensers for de Benediktinen wêst hawwe, hawwe de Premonstratensers wêst for de Reguliere Kanunniken. Mei hjar komt wer in heel nij kleasterlik formidden yn Fryslân. De hillige Norbertus syn doel wier yn it bigjin alheel net in nije Oarder to stiftsjen, mar dy is út syn wirk linkendewei foartsprúten. Syn doel wier de hilliging fen de sielsoarch en fen de geastliken, dy dêroan forboun wieren. Syn ynstitút makke geweldige opgong en yn forskate lânnen hat it ta fornijing fen de geastlike sielsoarch lieden. It wier in biweging for fornijing en herfoarming, dy yn de kleasters fen de Premonstratensers hjar sintrums hie, trochdet fen derút greate ynfloed op it libben fen de priesters yn de wrâld útgyng, mar ek trochdet mannen fen dy kleasters de sielsoarch yn forskate parochies oernamen oft de abdije bineamingsrjucht krige bij oanstelling fan nije pastoars. De Premonstratensers hienen in heel oare opfetting fen it kleasterlibben as oan nou ta gebruklik wier. Hjar opset wier de hilliging fen de sielsoarch, wylst oan ‘ nou ta de eigen hilliging op de foargroun stie en de sielsoarch troch de mountsen mear biskoge waerd as net to omgean, hwer hja hjar bisittingen hienen. It wier for de âlde kleasters altiten min ofte mear as in gefaer sjoun en ek wol in gefaer west, omt hja der net op birekkene wieren. De Premonstratensers sykje de sielsoarch en it preekjen en bychthearren bûten it kleaster. Hja foarmje in oergong nei de lettere biddeloarders, dy dat yet sterker op hjar program hienen. Hjar wirk bûten it kleaster yn eigen oft oare parochies [26] makke, det hja yn heech oansjen kamen en hjar kleasters tige socht wirden. Gjin oarder kaem ta safolle en sa greate kleasters yn Fryslân. Al stienen de Cisterciensers mooglik heger yn rykdom fen lân en dertroch yn ynfloed yn it bistjûr, de Premonstratensers winne it, liket mij ta, yn mannichte fen roppingen ta it kleasterlibben. De Premonstratensers hienen lyk as de Cisterciensers trije greate abdijen yn Fryslân. De earste wier Mariengaerd, yn 1160 troch de hillige Fredericus oft op syn Frysk Feike bij Hallum stifte. It gyng út fen de bikinde Rijnlânske abdije fen Steinfeld, hwermei it ek fierder relaesje underhâlde. Wier de stifter in hillige, yn wiide omgeving as sadanich bikind, under de lettere abten fine wij in hillige Siardus, op it ein fen de fyftiende ieu in Japik fen Sélân, dy wol net as hillige yn de Tsjerke foreard wirdt mar bij it folk de namme fen in hillige hie.

Hjar twadde abdije wier Dokkum, dy hja oernamen fen de Reguliere Kanunniken, dy der yn forfal kommen wieren en under hjar bistjûr ta nije fleur kaem, sadet der letter lyk as yn Mariengaerd sels mear as fjouwer hundert ta de kleasterfamylje rekkene wirden. In tredde abdije, ek oernommen fen de Reguliere Kanunniken, dy der in lyts kleasterke hienen, dat gjin opgong makke, stie to Lidlum bij Tzjummarum. Dizze abdije, dy nei ’t skynt de greatste waerd, foaral bikind troch de sillige Eelco Liauckama, dy der formoarde waerd, do hij op ien fen de seis úthoven, dy dit greate kleaster hie, oarder op de saken stelle woe. In pear conversen, dy net lústerje woenen en troch him bistraft wieren, lieten dat net op hjar sitte en makken him út wraek dea. Is dat in swarte bledside yn de skiednis fen Lidlum, it lit ús sjen, det de abt for misbruken net út de wei [27] gyng en der syn libben foar oer hie om regel en statuten heech to hâlden. De forearing, hweryn Eelco stie, lit ús boppedien sjen, det men der earbied for hie.

Nêst de trije abdijen for mannen, wieren der ek forskate kleasters fen frouljue.

Mariengaerd hie al yn de trettiende ieu in frouwekleaster op ‘Bartlehiem’ of Bethlehem bij Aldtsjerk oft Oudkerk.

Dokkum hie wol twa frouwekleasters, ien flak bij Dokkum under de namme ‘Sion’, neffens de lêste hypothese fen Theunissen it kleaster dat boud is op it plak, hwer Bonifatius formoarde waerd, en ‘Feenkleaster’ ek Olyfberg oft Berg fen Ús Ljeaffrou neamd under Oldwolde.

Fen Lidlum stamt it ‘Buwekleaster’ stifte troch in broer fen de stifter fen Gerkeskleaster, wylst it ek yet in proostdije hie to Pingjum, dy letter nei Boalsert oerbrocht waerd, hwer de Beginestrjitte hjar oantinken yet biwarret. It hâlde to Boalsert de namme, dy it to Pingjum al hie fen ‘Vinea Domini’ oft Wyngaerd des Heren. Treds komt yet Michielsberg bij Winsum.

Wij seinen al, det Lidlum seis úthoven hie. Ek de oare abdijen hienen úthoven. Under dy fen Mariengaerd is foaral dy fen Bakkefeen under de namme ‘Marienhof’ oft ‘Curia B.M.Virginis’ bikind, wylst under dy fen Lidlum yet in bisunder plak ynnommen wirdt troch Tzum, hwer Lidlum in úthof makke fen it forfallen klister fen Magdalena-sisters, dat der stie.

Sa sjugge wij bij de Premonstratensers nêst trije abdijen ek seis frouwekleasters. [28]

Det de Premonstratensers ek frijhwat tsjerken bitsjinnen oft oer de bisetting fen hjar bitsjinning to sizzen hienen, kin men wol ôfliede út hjar bisundere ropping, deryn better to forsjen. Wij sjogge den ek, det hjar abdijen oer heel hwat tsjerken ynstituusje rjucht hienen en yn folle parochies de bitsjinning fen de tsjerke oan hjar hâlden. Oer Mariengaerd hawwe wij deroer net folle bericht. De tsjerken van Bakkefean en fen Rypertsjerk hongen derfan ôf en hja krige yn 1300 ek it patronaet oer de Aldehove fen Ljouwert; fen Dokkum wieren de tsjerken fen Dokkum, Readtsjerk, Westergeast, Engwierum ôfhankelik, wylst hjar de helt fen de ynkomsten fen Holwerd takamen. Mar fen Lidlum is it in hele list: Tsjummarum, hwer de abdije yn lei, it hele dekenaet Winssum, de Hoorn op Terschelling, Sexbierum, Spannum, Berlicum, Menaldum, Bosum, Lytsewierum, Tuurgum, Welsryp, Bajum, Huns, Baert, Easterlittens, Britswert, Wiewert, en yn Hollân de tsjerken fen Sandwyck.

Alhowol de Premonstratensers net sa as de Cisterciensers hjar der op útleinen om lân to untginnen, hawwe hja yn Fryslân troch de útbreiding fen hjar bisittingen dochs greate fortsjinsten op dit gebied en hawwe hja foaral yn it Noarden fen Fryslân bijnamme yn it Bilt derfor heel hwat dien.

Hjar libben yn it kleaster wier yet string liturgysk en liket deryn yet folle op det fen de âlde mountsoarders, for hwa de koartsjinst boppe oan stie. De stuudzje wier yn Mariengaerd sa goed, det de jonge Premonstratensers fen Steinfeld derhinne kamen for oplieding. Dat hat de yn de leginde sa bikinde sillige Herman Joseph fen Steinfeld nei Mariengaerd brocht. De wirken fen Emo en Menco, wol net yn Fryslân, mar yn Bloemhof yn Wittewierum yn Grinserlân, sizze ek, det dizze abdijen de stuudzje heech hâlden. [29]

De greate opbloei fen de Premonstratensers joech ek nij libben oan de Reguliere Kanunniken yn Fryslân. Al gyngen de abdijen fen Dokkum en Starum en letter ek yet it prioraet fen Lidlum for hjar forlern, op twa plakken krigen hja wer abdijen fen bitsjutting earst Luuntsjerk of Ludingatsjerke under Harns en Bergum yn Eastergo. It âlde ynstitút hie in greate herfoarming undergean. Hwat yn âlde tiiden ta forfal en untbining oanlieding jown hie, waerd foroare. Hja dienen nou ek gelofte fen earmoede, d.w.s. hja seagen ôf fen eigen jild en ynkomsten, wylst it libben troch de foroaring fen de tastân fen de Tsjerke yn Fryslân ek folle mear op de abdije sintralisearre wirde koe en koartsjinst mear algemien hâlden wirde koe. It wieren nou sintra fen liturgysk libben, hwer de koartsjinst en de tsjerke de glory fen it hûs wieren. Minder string as de Benediktinen like hjar libben yn it kleaster der dochs folle op, mar hja hienen greater frijheit fen biweging nei bûten, wieren mear ‘hearen’-Kanunniken. Under hjar scille hast wis en seker mear adeliken wêst hawwe. Hja wieren fornamer, hwat net seit, det hja riker wieren. Lykwols krigen de beide abdijen ek rike bisittingen. Al moatte wij yn it bigjin fen de fyftiende ieu foaral yn Luuntsjerk forfal feststelle, it is wer in eare for de abdije, det hja under ynfloed fen de Windesheimers wer ta nij libben kamen en hjar bij it Kapittel fen Windesheim oansletten hawwe en derfen de stringere observansje oernamen. It wier bij gelegenheit, det Thomas fen Kempen mei syn broerren fen de Sint Agnietenberg bij Swolle yn Luuntsjerk in underkommen founen, do hja út hjar kleaster wei moasten om it Utertske skisma bij de net bifestiging fen Rudolf fen Diepholt, dy der ta biskop keazen wier. [30]

Bûten Luuntsjerk en Bergum, binne der ek bigjinnende kleasters fen Reguliere Kanunniken en Kanunnikessen west yn Lidlum en Smelne, mar it earste is al gau troch de Premonstratensers, it twadde troch de Benediktinen oernommen.

Nêst Luuntsjerk en Bergum komt as tredde kleaster Haskerdiken. Dit wier yn it bigjin wol in dûbel-kleaster, mar sa det de mannen yn it âlde hûs, dat yn Westergo lei, de frouljue yn it nije hûs yn Eastergo wennen. Ho de forhâlding krekt west hat, is yet in frage. Letter binne de frouljue, nei ’t skynt, nei Anjum gean en hawwe de mannen it nije kleaster Haskerdiken krigen. Sa stiet it yn de fyftiende ieu bikind.

Yn de fyftiende ieu kaem der nei de fornijing troch Windesheim yet in fierde kleaster bij en wol it kleaster Thabor to Tirns bij Snits, bikind troch inkele skriuwers oer de Fryske skiednis Worp en Peter fen Thabor.

De froulike tak fen dizze Oarder, dy earst wol yn ôfsunderlike ôfdielingen bij de mannekleasters ynwenne skynt to hawwen, krige letter in eigen kleaster yn Anjum, dat ôfhong fen de Martinus-abdije fen Luuntsjerk.

De Luuntsjerker abdije rekke op it ein fen de fyftiende ieu yn forfal en waerd do oerbrocht nei Achlum, dat under de abdije hearde. It âlde kleaster waerd yn 1516 forwoeste. It wier op it lêst einliks gjin abdije mear. Bij de oergong nei it Kapittel fen Windesheim en de oanname fen dy herfoarming hie de Abt syn titel ôflein en wier it kleaster fierder in prioraet. Dochs libbe de namme fen it kleaster fierder as abdije. Haskerdiken en Thabor binne nea abdijen wirden. Bergum hâlde lykwols syn abt oan. [31]

In heel oar oansjen hat in oare groep fen kleasters, dy fen de Ridder-oarders. Wij moatte der yn Fryslân twa fen underskiede: de Dutske Ridders en de Johanniters.

Hja binne krústocht-ynstellingen en scille wol troch krúsfearders út Fryslân nei Fryslân oerbrocht wêze. Hjar earste doel is wol wêst stipe to jaen oan it wirk for herwinning fen it hillige lân for de Tsjerke, mar fierder hjir yn Fryslân troch to setten, hwat hja yn it Hillige Lân bigoun wieren. Sa waerd it forsoargjen fen siiken in fornaem punt fen hjar program en rjuchten hja hospitalen op. Mar hja stipen ek tsjerken en de Dútske Ridders namen letter troch it stypjen fen sindelingen en kolonisten ek in great diel oan it missywirk yn Lithauen en Pommeren. De missygeast siet yn de Oarder foar. De Johanniters, letter de Malteser Ridders hienen al yn 1206 hjar hospitael to Snits, hweryn ek sisters wirksum wieren. Troch hjar bisittingen to Snits en to Boalsert en ek to Oppenhusen hienen hja der ek de bitsjinning fen de tsjerken en sa sjugge wij dizze Oarder in frij greate ynfloed hawwen yn dit hert fen Fryslân. Hjar Commanderije, de Sint Jansberch bij Snits wier net allinne as hospitael fen bitsjutting, it hie ek heel hwat to sizzen op tsjerkelik en maetskiplik gebied.

De Dútske Ridders hienen hjir twa husen, ien to Nes en ien to Oudeschoot oft Aldeskoat. Bij hjar wirdt yn de alde stikken net oer sisters spritsen. Hja hearden bij de saneamde Balije fen Utert. Yn hofier hja diel hawn hawwe oan it wirk fen dizze Balije for de bikearing fen Lithauen e.s.f. kinne wy net feststelle. De Commanderije fen Nes en it Hospitael fen Aldskoat hienen ek útgebreide bisittingen, dy hjar ek wer rjucht joegen op de bitsjinning fen tsjerken en de bineaming fen pastoars. Hjir ek wer greate ynfloed sawol op tsjerkelik as op maetskiplik gebied. [32]

Wij moatte ús lykwols net foarstelle, det mei dizze ynstellingen fen twa ridder-oarders Fryslan ek geastlike ridders hie. Wij hearre der net fen. De biwenners binne priesters en saneamde sergeant of sargant-broerren, legere broerren, dy yn de regel net fen adel wieren. De neidruk lei hjir alhiel op it forsoargjen fen sieken en it geastlik wirk fen de Oarders. Hja binne hjir mear kleasters as ridderhusen. Mar yn dizze ynstellingen neamt it kleaster al wer in mear maetskiplik plak yn. Ho langer ho mear siket it kleasterlibben nest de tsjinst fen God de tsjinst fen de minsken. Bij de Reguliere Kanunniken en de Benediktinen it minst, bij de Cisterciensers hwet mear mar op it earste plak stoflik troch hjar wirk yn tsjinst fen de maetskippije, de Premonstratensers wer hwat mear mar mear yn it geastlike, yn de sielsoarch, de beide Ridder-oarders folle mear, stoflik troch forsoargjen fen sieken, geastlik troch priesterlik wirk, en net allinne hjir, mar ek yn de frjemdte.

Yn de trettiende ieu komt wer in heel nij type fen kleasters op. It is de ieu fen de opkomst fen de saneamde biddel-oarders, de ‘mendicantes’. Tsjinoer de greate rike abdijen, hwer it folk hinne gean koe, mar hwer de mountsen net útkamen, alteast net as regel, kamen der nou lytse kleasterkes sunder bisit mei mannen, dy fen alle bisit ôfstân dienen en fen giften en gaven fen it folk libben. Hja bleauen net thús, mar hjar ropping wier de wrâld yn to gean, to preekjen, catechismus to jaen, to bychthearren, oeral hwer de pastoars der gjin tiid for hienen oft it oan hjar oerlitte woenen. Hja hienen gjin ‘stabilitas loci’ d.w.s. hja bleauen net op it plak, hwer hja yn it kleaster gyngen, de kleasters [33] stienen meiinoar yn forbân en de kleasterlingen sieten den hjir den dêr. De oversten wieren dat net for it libben, mar for in pear jier. Den moast wer in oar it kleaster bistjure, alles om folle frijer yn it wirk, folle losser fen de wrâld, folle biwegeliker en ta tsjinst fen it folk to wêzen. Hjar ynstitút hat in ungeloofliken opgong makke. Yn koarten tiid hie eltse streek syn kleaster fen dizze priesters for it folk, fen hwa net it folk ôfhong, mar dy sels troch hjar earmoede fen it folk ôfhongen en ôfhingje woenen. Hwer hja arbeiden, mochten hja ek giften ynsamelje. Elk kleaster hie syn ‘termyn’. De ‘terminarii’ preken en dienen dêr hjar priesterlik wirk en hâlden hjar omgong for hjar underhâld.

De hillige Franciscus fen Assisi hat hjirta de greate stjit jown. Syn Oarder-broerren sjogge wij om 1260 ta 1270 al yn Boalsert. Letter komt der ek yn dit ynstitút forfal en sakje de moaije bigjinsels ôf, mar den komt der ek wer nij libben. Yn de fyftiende ieu hellet Pater Brugman yn dizze streken de âlde geast wer op. Hij docht syn moaij wirk ek yn Boalsert en troch heel Fryslân. Hij krijt to Ljouwert in twadde kleaster fen dy Oarder. Wij witte, det Pater Brugman net allinne as priester geloofs- en sedepreken hâlde, mar det hij ek folle dien hat om hjir frede to bringen twisken de partijen, dy inoar op it fûlst bifochten en hij troch it stedsrjucht fen Boalsert to reegljen ek bettere maetskiplike tastannen wist to bringen. Men hat wolris frege, eft dat op de wei lei fen in kleasterling, mar wij moatte de tiiden begripe en ynsjen, det yn dy tiid it optreden fen in man as Brugman krekt as earme kleasterling, dy him oan jild en bisit neat gelegen lizze liet, butengewoan geskikt wier om unpartidich yn to gripen

De twadde biddel-oarder dy yn Fryslan kaem, wier dy fen de [34] Preekbroerren, Dominicanen, nei hjar haedkleaster yn Parys ek faek Jacobinen neamd. Hja fetten de earmoede net sa string op as de Franciscanen, mar hjar stanpunt as kleasterlingen wier dochs itselde. Hja wieren ek mear de gelearde Geloofsfordigeners, dy foaroan stienen yn de theologyske wittenskip. Under hjar hat foaral Cornelius fen Snits in greate namme. Hij wier in skoft Perfester yn Rostock en under syn bistjûr hat foaral yn de fyftiende ieu, dy yn it bigjin wol in ieu fen forfal wier, in Hollanske Herfoarming great ynfloed hawn. Hij jildt as ien fen de haedpersoanen fen de Congregatio Hollandica yn dy Oarder. It Dominikaner-kleaster is yn Fryslân it âldste fen de biddel-oarder. De stifting skynt al yn 1228 ynlied to wêzen, mar dochs earst yn 1245 hjar bislach krige to hawwen. Men hat hja der nei hjar klaeijing ‘de bunte Papen’ neamd, in namme yn ien fen de strjitten fen Ljouwert bij hjar âlde tsjerke, nou de greate Tsjerke fen Ljouwert bewarre. Yn 1509, dos folle letter kaem der in kleaster fen sisters Dominicanessen bij. De tredde biddel-oarder, dy yn Fryslân kaem wier dy fen de Karmeliten oft Ljeaffrouwebroerren, omt hja foaroan stienen yn de forearing fen Marije. Yn 1336 – 1339 kamen hja nei Wâldsein en fyftich jier letter krige hja der de bitsjinning bij fen de parochie fen Drylst. Dêr kaem do hjar twadde kleaster. It kleaster fen Wâldsein hat yn Prior Joannes a Leidis net allinne in bikind historicus oan it haed hawn, mar dizze is ek bikind omt hij deryn slagge, it kleaster om 1460 hinne wer yn de observansje to bifestigjen en ta nije bloei to bringen. Yn it kleaster fen Drylst libbe de Fryske historicus Martinus fen Drylst.

Wij kinne yn de leden fen dizze Biddel-oarders de mannen sjen, dy yn de trettiende, fiertiende en fyftiende ieu foaral under [35] it Fryske folk arbeide hawwe, folle mear as de leden fen de âlde Oarder fen mountsen, for hwa it kleaster it hast útslutende plak fen wirksumens wier. It folk moast der bij hjar komme en kaem der ek, mar de roungeande mannen fen de biddel-oarders kamen oeral, nou yn dizze den yn dy parochie. Hja wierne alhowol folle minder yn tal, mei folle mear krêften under it folk wirksum en dertroch fen greate ynfloed. It sprekt fensels, det hjar libbensopfetting it liturgyske libben net mear sa ta syn rjucht komme liet. It koar wirde wol hâlden, mar folle ienfaldiger en koarter, de ûren mear bijinoar brocht. Sa bleau der mear tiid for bûtewirk oer.

Nêst de biddel-oarders kamen yn de fyftiende ieu ek yet de saneamde ‘Krúsbroerren’ Kanunniken fen it Hillich Krús, in stifting út de tiiden fen de Krústochten en under sommige opsichten wol hwat oerienkommend mei de Premonstratensers, under oare wer mear mei de Biddel-oarders. Hja fortsjinwirdighje in twisken foarm, mar yn de tiid, det hja hjir kamen, stienen hja frijwol op ien hichte mei de biddel-oarders en arbeidzje hja frijwol op deselde wize. Hjar godsfrucht for it Hillig Krús scil hja bij de Johanniters fen Snits yn de graesje brocht hawwe, der kamen hja it earst yn 1462, in pear jier letter yn 1468 to Frentsjer.

Oan to teikenjen is, det yn it bigjin fen de sechtiende ieu hjar kleaster to Frentsjer útsocht waerd om der in Katholike Universiteit to bigjinnen, ek al omt hja sels goede learkreften hienen, dy fen de Universiteit fen Leuven hwet oanfuld wirde koenen, en det fyftich jier letter de Frentsjerter Akademy do mei hulp fen Leiden dochs yn hjar kleaster kaem. Ek yn de oare kleasters fen de biddel-oarders wieren regelmiettich goede learkrêften. De stuudzje stie der frij heech for de oplieding fen jonge kleasterlingen yn it eigen hûs. [36]

In lêste wird moatte wij yet sizze oer de kleasters foaral fen frouljue, mar ek inkele fen manljue, dy faek wol bij in kleaster howol ek net altiten, mar yn elts gefal sunder de regel fen dy kleasters to bilibjen, mear nei frije bipaling in kleasterlik libben liede woenen. Yn de earste tiiden treffe wij sa de saneamde Magdalena-sisters, letter Baginen, faek sunder in bipaelde regel, sims lykwols ek mei in regel, dy den faek dy fen de tredde Oarder fen Sint Franciscus wier. Yn 1450 forplichte Kardinael Nicolaas fen Cuez al dizze kleasters in fêste regel oan to nimmen, mar foar dy tiid wier der greate frijheid. In heele bulte namen de tredde oarder fen Franciscus oan, d.w.s. hienen in regel, dy wol folle lichter wier as de Regel fen de earste eft de twadde Oarder, mar dochs dermei gear hong en dijinge dy dy regel folgden yn forbân brocht mei de Franciscanen of Minderbroerren. Dizze kleasters, dy oer it algemien mar lyts wieren, allegearre op to neamen, scoe net bêst mooglik wêze. Hjar bistean is faek al unwis, mear yet hjar regel en wize fen libben, mar wij meije hja dochs net forswije, foaral de Tertiarissen net, omt hja dochs in bipaelde groep foarmje en meijinoar to forgelykjen binne. Dizze kleasters binne oer it algemien minder string fen libben, mar hja binne dochs in biwiis, det der bûten de neamde Oarders yet fromme sielen wieren, dy yn forbân mei de geastlikheid godfruchtiger libje woenen en derom yn in pleatselik ienfâldich kleasterke bijinoar kamen. In inkel fen dy kleasters groeide ta in greater kleaster út, lyk as it Aalsumer kleaster bij Akkrum, it Ursula-kleaster bij Warkum e.s.f. mar wij kinne der hjir net fierder op yn gean en moatte ús tofreden stelle mei hjar to neamen.

It Oege-kleaster bij Boalsert. [37]

Om gear to fetsjen hawwe wij dos yn Fryslân acht groepen fen kleasters to underskieden:

1.- De Reguliere Kanunniken (foar en nei 1100) en Kanunnikessen.

2.- De Benediktinen en Benediktinessen.

3.- De Cisterciensers en Cistercierinnen.

4.- De Premonstratensers en Premonstratessen.

5.- De Ridder-Oarders (Dútske Ridders en Johanniters).

6.- De Biddel-Oarders. (Dominicanen, Franciscanen, Carmeliten.)

7.- De Krúsbroerren.

8.- De Tertiarissen en kleasters sunder Regel.

Sunderje wij de lêste in eagenblik út en telle wij Starum, earst fen Reguliere Kanunniken letter fen Benediktinen, Dokkum en Lidlum earst fen Reguliere Kanunniken letter fen Premonstratensers eltse kear mar for ien kleaster, den komme wij ta 36 greatere kleasters. Rekkenje wij tsjien kleasters fen Tertiarissen en Kleasters sunder bipaelde regel, den komme wij for Fryslân op 46 kleasters. Men kin yn roune cifers sizze fyftich, omt der ek kleasters allinne mar fen namme bikind binne sunder det wij dy to plak bringe kinne. Sa is der sprake fen Kartusers to Workum, fen Augustinen to Sleat en to Frentsjer, mar in bulte kin dat unmooglik bitsjutte en wij kinne der hjir fierder better oer swije, omt de bitsjutting derfen net great west hawwe kin. Oer dizze 36 kleasters scoe heel hwat mear to sizze wêze, mar de tiid lit net ta fierder to gean as dit algemiene oersjuch en earste yndieling om dernei de kleasters groep for groep nijer to biskogjen. Litte wij hoopje, det dit mei gauwens barre kin. De greate lijn leit der nou.

 


  1. Typescript (NCI OP128), 37 pages. Concordat cum originali in possessione P. Halvard Hettema O.F.M. Lecture held at the annual meeting of the ‘Fryske Akademy’ in Leeuwarden, on 1 September 1941 (See report of the meeting: [Nieuwsblad van Friesland 3-9-1941].The typescript shows corrections and some parts of the text are placed between square brackets. We present the corrected text.
  2. An unreadable word is written between the lines.

 

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2022