Roomske Blydskip

1921

Article

 

Roomske Blydskip

[1]

It is sa treasteleas yn ‘e wrâld.

It klaget en skriemt om ús hinne en wy fiele ús net by machte, treast to bringen op al dy plakken, hwer’t wy hearre en sjugge, det minsken yn lijen en pine roppe om treast.

Wy hoege alhiel net to gean nei de fjilden, hwer’t de oarloch de lichems mei bommen útinoar sloech en de stjerrenden twisken de liken de dea forwachten.

Wy hoege net to gean nei de sikenhuzen, hwer’t de dokters yn hjar wite klean wounen naeije, wounen suverje, nije wounen meitsje.

Wy hoege net to stean foar de stjerbedden, hwer’t bern skriemend it lêste sykheljen tomiette sjugge fen Heit ef Mem ef âlders fen hjar berntsjes.

“Eltse dei hat genoch oan syn eigen illinde” seinen de âlden, wy hoege it net fen ûnderskate dagen nêstinoar te setten om in byld to krijen fen it lijen yn de wrâld.

Mannichien is noch blier en bliid, as oaren him sjugge, mar scoe allinnich wêze wolle om út to skriemen ef tominsten net forplichte to wêzen in blier gesicht to setten.

Hwa it fortrouwen fen de minsken hat, heart mear kleijen as geniet.

Mar ho wirdt it droegen? [23]

En ho stiet men by in bulte machteleas om in wird fen treast to sprekken.

By greate smert is de mûle stom, mar sims ek it hert en de geest. Hja witte neat mear en sitte, eft it wêzen der út is. It lijen hat hjar delslein en hja sjugge nearne gjin ljocht ef in skyntsje fen hoop. Hja drage it lijen, om’t hja wol moatte en it net foroarje kinne, yn in birêsting, dy’t gjin rêst jowt.

As wy prate fen Roomske blydskip, den miene wy net, det de Roomsken altiten laitsje kinne, hja gjin reden hawwe it libben hird en swier to neamen.

Der sit it him net yn. Mar dochs is ús Gelove in blier Gelove.

Dat wol dit sizze, det ho great it lijen ek is, dat oer ús komt, wy altiten yn en troch ús Gelove in ljochtpunt sjugge, dat makket, det net alles tsjuster wirdt.

Under de lykmis, as it moed ús fol is, hearre wy it Epistel, dat ús warskôget net to treurjen as safollen dy’t gjin hope hawwe.[2] Wy witte troch it Gelove en it wirdt ús altiten wer foarhâlden, ho ús Ljeaven Hear, Dy wy dochs net om neat de namme jowe fen Ljeaf, alles regelt en bistjûrt en ho Hy alles sa beskikt, det, as wy ús der nei jowe, Hy it tsjinje lit ta ús great en ivich lok.

Wy witte Him by ús, yn ús, om ús.

Troch de genade libbet Hy mei en yn ús, libje [24] wy mei Him forienige mei bannen, dy’t ús heger lûke, as de natuer ús bringe kin.

Yn de tsjerke wennet Hy op heel bisûndere wize en hâldt Hy om sa mar to sizzen alle dagen sitdei om ús lijen en kleijen út ús eigen mûle to hearren en ús gelegenheid to jaen Him to freegjen, hwet wy nedich hawwe.

Yn de hillige Kommuny komt Hy op noch djipper wize yn ús en jowt Hy syn lichem oan ús lichem om alhiel ien mei ús to wirden.

Hwat wolle wy mear?

En hwat hoege wy mear om by alle lijen noch in bliere ploai om de mûle to hâlden ef tominsten yn it herte noch in sinnestrieltsje ljocht te sjen by alle tsjusterens om ús hinne.

Wy birêste net yn hwet ús hird fâlt, om’t wy der net oan ûntkomme kinne. Wy kenne gjin birêsting fen machteleazens, wy wolle en siikje in birêsting troch de wittenskip, det it lijen ús omheech bringt, tichter by Him, Dy’t boppe alles giet.

En as de natuer hast to swak is om it to dragen, den gean wy nei tsjerke en bidde de Krúswei ef knibbelje sûnder mei de mûle faek in wird to sizzen foar it Tabernakel en, as wy kinne, oan de Kommunybank om by Him, dy’t ús, lyk wy witte, it krús op ’e skouders lei, krêft to siikjen om dat krús to dragen, in krêft, dy’t wy altiten krije. [25]

Hwet ropt safolle fen uzes nei plakken, hwer’t hjar neat wachtet as hwet yn de wrâld lijen hjit en for skriklik hâlden wirdt. En ho komt it, det dy’t dat lijen siikje mei in laitsjend gesicht oer it sa doarnich lykjende paed hinnedounsje, eft er gjin fortriet yn de wrâld bestie.

Hwerom koe de hillige Laurentius noch gekjeije wyls’t op it fjûr syn lichem rustere waerd. Hwerom fine de melaetsken, de pestsiken presters en forplegers dy’t it útsicht hawwe, sels dy freeslike syktme ek to krijen. Hwerom binne der safolle sindelingen, dy hjar libben regelje nei lânsseden, dêr’t it ús fen walget, en dy’t ús oangrize? Lit ús net fierder freegje.

Ho hâlde de sisters it fol, frege in Frânsk Generael ris nei in bisyk oan in hospitael. It like him, dy’t as militair dochs hwet fordrage koe, to swier en boppeminsklik.

De sister, dy’t him rounlaet hie, die de doar iepen fen de kapelle hwer’t by alle droktme noch twa sisters op ’e beurt oanbidding hâlden by it Allerhillichste. “De Misse eltse moarn, Generael, en dizze ûre fen oanbidding hâldt de sisters op hjar post.”

Hwet kin in minske in heel bult mear, as hy net allinnich stiet, as der ien is, dy’t by him bliuwt, him bimoedigt, him helpt en waerdearret, hwet hy docht.

Wy Roomsken sjugge altiten sa’n helper oan ús side. [26]

Hwat de Joden ienkear songen om de reden út to drukken, hwerom hjar lok greater wier as fen elts folk fier om hjar hinne, kinne wy Roomsken hjar neisjonge en kin nimmen sjonge lyk as wy: “Hwer is it folk, dat syn God sa tichte by him hat.”[3]

En dêrom is ús Roomske Gelove sa blier en sa fol treast. Wy witte it sels mar al to goed.

Litte wy it nea forjitte en sa de boarne fen ús lok net stopje.

Dr. Titus Brandsma. O.Carm., Oss.

 


  1. Published in: Roomsk Frysk Almenak in it jier 1921 Gèarstâld troch de Redaksje-Commisje fen it Roomsk Frysk Boun. Útjefte fen de N.V. “Dagblad Ons Noorden” Grins 1921. Redaksje-kommisje fen it Roomsk Frysk Boun: Joh[anne]s Rypma (Blauhûs), J.J. van der Weij (Amsterdam), Titus Brandsma, O. Carm Oss. Imprimatur, Oss, die 16 Julii, Dr. Titus Brandsma O. Carm. Censor deputatus. p. 22-26.
  2. See: 1 Tess 4:13.
  3. See: Deut 4:7.

 

© Nederlandse Provincie Karmelieten.

Published: Titus Brandsma Instituut 2020