De striid om de eigen Tael

1919

Speech (Frisian)

 

MR

De striid om de eigen Tael

15 Aug.1939, Gaasterland[1]

Man hat my frege, in heel koart wirdsje to sizzen oer it Fryske Underrjucht, binammen oer it Frysk op ‘e legere skoalle.

Better as ik, hie dat dwaen kinnen de Inspecteur Rector Willy de Jong út Hilversum.

Hy hat my skreaun, det hy it ek heel graech dien hie, as er net forhindere wier troch in Priesterfeest hwer hy net weibliuwe mocht. Hy hie it graech dien, skriuwt er. Ik wit, det hy der in foarstanner fen is en it him moeyt lyk as my, det de Roomske skoallen binefter bliuwe om it Frysk op de heechste klassen yn to fieren.

Fensels wy wolle dat Underrjucht nimmen oplizze. Wy Friezen hâlde fen frij en wolle dit ek alheel frij litte. Mar it komt ús foar, det men it net altiten goed sjocht en troch misbigryp neilit, hwet by better bigryp wol in plak fortsjinne. [2]

Ik mei wol sizze, det ik de aksje for Frysk Underrjucht by heger en leger underwys fen it bigjin ôf meimakke, der for striden haw. De krekt oftreden Minister fen Underwys sei my ienkear, omt ik al sa faek op it Ministery west hie om as delegearre fen de Fryske Underwysrie dizze saek regele to krijen, det, as hy my seach, hy wer oan it Frysk op skoalle tinke moast. Ik siz dit, omt dit my de gelegenheid jown hat, fen Ministers en Keamerleden, Inspecteurs en hwa der yet mear yn to sizzen hie, to hearren, hwat hja – meast net-Friezen – foaral yn dit underrjucht seagen om it de Friezen ta to stean.

Werom Frysk op hegere en legere skoallen?[2]

It greate argumint wier: it Frysk is yn in great diel fen Fryslan in tael dy spritsen wirdt en songen, hweryn op alle [3] gebied tydskriften, kranten, boeken, en boekjes forskine, in heele bibleteek yn in jier. It Frysk libbet en it libbet sa sterk, det it syn fest umskreaune spraekkinst en stavering hat, syn literatuer, âld en nij.

Hwat sa libbet en hwerfor safolle ljeafde is, moat waerdearring hawwe. Derfen moatte de Friezen geniete. Hja moatte dat lêze kinne. Safolle fiele derfor, bilústerje it fen oaren, scoenen it sels geniete wolle, mar kinne it to min lêze om der wier genot fen to hawwen.

Der is to folle moays yn it Frysk, dendet dat yn ús hannen in tichtsletten boek wêze mei.

Der is in hele rige moaye[3] boeken, eltse wike forskine der kranten en blêdden, dy moay binne for de Friezen, hwer de Friezen graech yn lêze scoenen, as hja it Frysk lêzen went wierne. [4]

Yet yn it lêste nûmer fen ‘For Roomsk Fryslan’ skreau Tsjebbe de Jong oer it boek fen master van Houten, útjown by Kamminga to Dokkum ‘De Sunde fen Haitze Holwerda’: “Dit boek fortsjinnet yn eltse húshâlding lêzen to wirden.” Hy neamt it “in kinstwirk sa’t wy noch nea oer de greidboer en syn folk seagen.” Hy skriuwt den fierder oer Brolsma en forgeliket beide Fryske skriuwers. “Hwet Brolsma is en wier for de gernier en de greate bouboeren fen it hegelân, it hat ús oprjuchte biwûndering.”

En sa is der folle mear.

Och, der scoe op it hege en it lege lân mannichien graech ris hwat moayes lêze oer hjar deistige libben, in forhael, dat libbet yn hjar omkriten, it giet oer, men komt dêr net ta, omt men it Frysk mar slim lêze kin, dat net went is.

En sa giet it lêzen fen sokke moaye boeken net oan en lêst men, hwat fakentiid mar rommel is. [5]

Foaral om it libbene Frysk op to fangen, geniete to litten, de Fryske literatúr dy bistiet, in plak yn it Fryske libben to jawn, hat de Minister, de Underwysrie, de Keamer, de Inspecteur tastien, det op ‘e legere skoalle twa uren yn de wike oan Frysk lêzen en skriuwen dien wirdt op de twa heechste klassen.

Dat is net folle. Der wierne dy der net mei tofreden wierne, mar de Fryske Underwysrie en de offirdigen fen de Fryske Selsskippen hawwe mient, det hja net mear freegje moasten.

It doel, hwerfor it Frysk op de legere skoalle frege wirdt, is det men it lêze en skriuwe kin. En dat kin mei dy twa ure yn de wike for de twa heechste klassen.

Dat kinne, is in foarrjucht for de Fryske bern, omt dit hjar in nije wrâld iepen set, hwer hja thús binne, hwer hja hja thús fiele. [6]

Och hwat song ik as bern graech Frysk. Ik hâlde fen Troelstra, al wier dy socialyst, omt er sokke treflike, ynlike sankjes makke fen it Fryske boerelân. Mar ik koe as bern net lêze hwat ik mei ljeafde song. It ear moast beet hâlde hwat it each net út inoar hâlde koe. Men moast it fen bûten kinne hwent lêze koenen it mar inkelen.

Sels hwat yn it Frysk to skriuwen, eft mar oer to skriuwen, wier to slim. Det koenen wy net, dy dochs altiten Frysk praetten. Dat wier tsjinstridich. En dat is it by mannichien yet altiten.

En omt wy de Fryske bern it libben blierer meitsje mochten, it Fryske lied, de Fryske sang, it Fryske forhael in better plak jawn woenen, derom striiden wy for Frysk op skoalle en hawwe Friezen en net-Friezen ús holpen. [7]

Mar de biswieren.

Wy moasten gjin Friezen wêze, as wy gjin biswieren hienen. Wy binne hwat swier op ‘e hân. Biswieren dy binne der. Fensels. Ik scil se net allegearre hifkje. Ien wol ik nei foaren bringe, al hat it gjin wearde, just omt it gjin wearde hat. Men seit, lit it bern Nederlânsk leare, dêr kin it hwat mei. It moat al safolle leare. Werom it Frysk wer dêrby. It makket it learen foar it bern al wer swierder. Dat mient man, mar dat is sa net. Nimmen minder as de Haed-Inspecteur fen it Noarden, Inspecteur Welling fen Grins, seach dit as it greate biswier. Hy miende det it underrjucht yn it Frysk de kennis fen it Nederlânsk yet gebrekkiger meitsje scoe. Hy sei dat iepenbier op in gearkomste to Ljouwert. Ik haw him tsjinspritsen. Ik wiisde op Wales, hwer it dûbele underrjucht yn Ingelsk en Welsh de kennis fen it Ingelsk gjin kwea, né, goed die. [8]

Dat woe er earst net ljeauwe. Mar hy wier flinkernoch om ta to sizzen, det hy it ûndersykje scoe. Hy scoe derhinne. En hy is der west. It wier wol yn in offisieel rapport festlein en ek sunder reis derhinne moasten de tsjûgenissen en sifers fen dat rapport immen, dy oars tocht, al bikeare, mar ik haw it altiten heech weardearre, det de hear Welling nei Wales teach en lyk wy, foaral fen him forwachtsje mochten, hy kaem bikeard werom en wier fen dat stuit in foarstanner fen it Frysk op skoalle.

Wy witte nou faek net, eft in wird, in menier fen sizzen, Frysk eft Nederlansk is. Men krijt de mâlste dingen omt immen net fen beide talen, dy’t er sprekt, de spraekkinst in bytsje ken. Men haspelt it iene troch it oare en leart it Nederlansk lang net sa maklik, omt der gjin spjalting genoch is twisken it spritsen en it skreaune wird, men gjin [9] byld fen it Fryske nêst dat fen it Nederlânske wird hat, mar allinne de klank fen it Frysk. Wy kinne der nou net djipper op yn gean om to forklearjen, ho it komt, det it dûbel taelunderrjucht profiteliker en gadeliker is, de feiten wize it út net allinne yn Wales, mar yn alle streken hwer twa taelen nêst inoar gangber binne. As men se beide sprekt, is it better, det men se ek beide lêze kin. Dat komt beide taelen to goede, dy’t oars skromelik forhaspele wirde.

It bilang fen dit dûbel underrjucht hat den ek op heel hwat skoallen de twa Fryske ûren in plak jown. Der binne nou al 150 skoallen yn ús lytse Fryslan wêr dy oan de beide heechste klassen jown wirde. Wy Roomsken gean der great op, det wy ús eigen goede skoallen hawwe en ik scil de lêste wêze om der kwea fen to sizzen. Mar it moeit my dochs for de eare fen ús eigen Roomske underwys, [10] det under dy 150 skoallen mar 3 Roomske binne.

Sjuch, wy lêze de lêste tiid gauris oer isolemint. Wy moatte ús as Roomsken net tofolle isolearje, seit men. Men bidoelt, det wy ús net tofolle tobek eft ôfsidich hâlde moatte. Dogge wy dat yn Fryslan net tofolle by it moaye rike libben fen de Fryske tael?

Wy hienen yn âlde tiiden, Prefester Gosses hat er sa moay oer spritsen, us Fryske Ljeaffrou mei it earizer op, wy pasten ús oan. En wy brochten ek yn it Frysk eare oan God, dy[4] priizgje wirde moat yn alle tael.

Litte wy ús tradysjes net farre. Litte wy – wy dogge it dochs sa graech – wer sjonge, mar den ek lêze yn it Frysk. Wy kryje nou ús Fryske tsjerkeboek.[5] Dat giet er yn, dat fljucht wei, der binne wy wis fen. As men mar oer it ûngewoane hinne is, scil men der ynliker út bidde, omt [it] de tael is fen it deistige libben.


  1. Manuscript (NCI OP126-12), 10 pages. With a pencil some corrections are made. We present the corrected text.
  2. Crossed out is: “It earste argumint wier net, det in groepke Friezen it graech hie, derom rôp, en men hjar tomiette komme woe.”
  3. In the manuscript: ‘mooye’.
  4. In the manuscript: ‘die’.
  5. See: Sneinsmissael. Oersetting yn it Frysk fen J.H. Galama R.K. Pr. Mei Gebeden oerset fen Ts. van der Zee. Yn opdracht en ûnder taforsjuch fen it Roomsk Frysk Boun, Leeuwarden 1940. Titus Brandsma wrote an introduction in it (page 5-6), see: Foarwird.

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2022