De Universiteit fen Frentsjer

1930 / 1935

Speech (Frisian)

 

De Universiteit fen Frentsjer. 1585 – 1811

[1]

De Universiteit fen Frentsjer – eigenlik de Universiteit fen Fryslân to Frentsjer, hwant sa waerd hja stifte – is altiten noch in rom fen Fryslân. Eft men dat altiten goed ynsjucht en yn de folle wiere sin opfettet is in oaren. Wy scille it der strakjes noch oer hawwe. Fryslan giet der great op, det it to Frentsjer in Universiteit hawn hat en as manige Frys it oer dy Universiteit fen Frentsjer hat, den leit er, yn syn wirden miskien noch net sa klear – yn Frys tinkt faken mear as er seit – mar yn syn gemoed in spitich gefoel en moeit it him, det Fryslan nou gjin Universiteit mear hat of is er hwet makker, net mear hawwe kin. Hwent hjar Universiteit, dat bigripe de Friezen bêst, is in kreft west, in bân, dy it Frysk egene festhâlde, it Fryske lân en it Fryske libben in nije gloed en glans joech, de Fryske folkskrêft hechter en sterker makke en it Fryske folk op bisundere wise stipe om op to libjen en him út to libjen. Manige kreft dy oars forlern gean wier, is dertroch for Fryslan [2] untwikkele en bihalden.

De Friezen hâlde fen stuudzje en wittenskip. Der studearje in bulte Friezen. Ik haw der gjin statistieken oer, mar dy haw ik ljeau ik ek net fen nede om sizze to meyen, det noch altiten de Friezen graech studearje en ek de moed hawwe, as derfor de gelegenheid yn Fryslan sels net is, nei oare provinsjes, nei oare lânnen to gean. Dat wier âlttijds sa, dat is lokkigernoch noch sa. Oeral binne Friezen en heel hwat Friezen hawwe troch hjar stuudzje in moai plak yn de maetskippy bisette kinnen.

It alde sprekwird seit Frisia non cantat, ratiocinatur, nei de letter: de Friezen sjonge net, mar redenearje, nei de sin, de Friezen meitsje gjin grappen, mar bisjogge de dingen koel, de Friezen gean net op yn geastdrift, litte hjar net liede troch it gemoed, mar fiele for in njuchtern bisjen fen de dingen, lyk hja binne for it forstân. De Fryske aerd is in aerd, op stuudzje oanlein en derom kin it ús gjin neyes dwaen, as wij hjeare [2a][2] [3] det yn 1515 de Stedhâlder Floris van Egmond oan Keizer Karel de Fyfte it útstel die om yn Fryslan, en wol yn Frjentsjer in Universiteit to stiftsjen.

Omt de Universiteit to Frentsjer earst sauntich jier letter ipene waerd, yn de protestantske tiid, út de tiid nei de Reformaesje, mient men faek, det it idee yn Frjentsjer in Universiteit to hawwen út dy tiiden stamt. Dat idee is folle âlder en it merkwirdige is, det lyk as yn 1585 it kleaster fen de Krúsbroerren der de muntsjen sunt in pear jier út fordreauwn wieren derfor oanwezen waerd, yn 1515 it each al op datselde kleaster foel. Der hat men wol wêze wollen, yn de Roomske sawol as letter yn de Protestantske tiid.

Mr. Boeles jowt ús yn syn greate en moaye goed documentearre Skiednis fen de Frentsjer Hegeskoalle[3] de wirden hwermei Floris van Egmond de oprjuchting fen dy hegeskoalle to Frentsjer bipleitte:

[4] Karel de Fyfte hie heel hwat bitelje moatten om Fryslan under syn bistjur to kryen en er hope fensels, det Fryslan him wol safolle opbringe koe en woe, det hy der wer oan útkaem. Bilestingen bin minne dingen en Karel de Fyfte bigriep ek wol, det hy dermei net komme koe, as hy net soarge, det de Friezen der hwat fen werom seagen. Men wol for it Staetsbistjur wol bydrage, mits men ek waerdearje kin, hwat de Staet for it lan docht. Karel de Fyfte frege dos, hwat er for Fryslan dwaen koe. En op dy fraech krige er fen Floris syn Stedhalder ta andert, det hy soargje moast for jiermerken to Snits en to Ljouwert, processies tastean moast, for de feiligens skutteryen ynstelle, for in geregeld bistjur en rjuchtspraek soargje e.s.f., mar ek: “Item mynen ghenedigsten heere sal hem legghenn eynen Universiteyt off eynen Schole glyck Swoll of tho Deventheer is want” – en hjir meye wy wol eventsjes op drukke – “want gheijn lant hefft so voele studenten buten landes als die Frijszen doen, [5] hiermede selden sy voele geldes bynnen hoeren lande hauden unde disze Universiteit solde ligghen bynnen Franikenn, unde sy were mit eynen lichte kost daer the underhauden bij dijsser Reden: daer is eynen Clostere van den Cruesbroders, die hebben gemeijnelicken doctores unde die hadde. II doctors. Die myt ander oude mannen. Dat waeren mit eynen cleijn kost. Als men dem Clostere gheve IIC gulden tot behoff den doctoren, so waren sy wal tho freden, unde het saude Frijszlant wael aenstaen.[4]

Der is doe net fen kommen, mar it bleau dochs net by in adfys. Neidet de Stedhelder George Schenk yn 1524 de Gelderschen út Fryslan fordreaun hie en it gesach fen Karel de Fyfte yn Fryslan syn bifestiging krige, kaem 31 Maeye 1525 by de alve steden en tritich grietenijen in skriuwen fen de Stedhalder yn, dat de Friezen hjar bern net langer nei it butenlân hoechden to stjuren, hwent det hy permissie joun hie om to Ljouwert in bisundere of particuliere skoalle to [6] ipenjen, hwer de bern krekt sa goed underrjuchte wirde koenen as yn it butenlân.

Men kin Mr. Boeles rjucht jaen by de gissing, det yn dit stik, det van Heussen foun under “de pampieren der Utrechtsche kerke[5] ek de bidoeling foarsiet de jongemannen binnen it lân to hâlde om hja frij to halden fen it doe al opkommende protestantisme. Der wier yn 1515 gjin sprake fen, mar yn 1525 wol en yn 1585? Dan blykt alwer, det de Friezen, net allinne de noch Roomske yn 1515, mar ek de Protestanske yn 1585 noch folle bern om útens stjure for it heger underwys.

Mar ien foarbyld. De earste bibliothecaris fen ús Roomske Universiteit to Nijmegen hat in great boek utjown oer Geneve la Pépinière du Calivinisme en Hollande.[6] It is mij opfallen, ho folle Friezen der yn Geneve hjar oplieding socht hawwe en, wij meije dit der wol út beslute, letter bydroegen hawwe om nei en nest de Luterske lear, de lear fen Calvyn [7] under de Friezen to bringen. It wier in tige unwisse tiid en wij kinne us bigripe, det men yn it sekure Fryslan der wol tige hwat for oer hie, de jongemannen under de lieding to bringen fen ljue, dy ’t men koe. Wij kinne derút ek bigripe, det by it stiftsjen fen de Universiteit yn 1585 troch de Protestanten miskien sterker as troch de Roomsken yn 1515 tocht waerd oan de Universiteit als in bolwirk fen it Geloave, in idee, dy wij bij de Roomsken likernoch ek al groeyen seagen fen 1515 ta 1525 en dy ek by hjar starich oan sterker waerd. Yn 1574 like it der in eagenblik op eft fen Roomske side fen út Leuven Prof. Willem Canter to Ljouwert ta de oprjuchting fen in Collegie komme scoe. Suffridus Petri seach yn syn plannen al de lang forhope Universiteit for Fryslan trochskimerjen, Canter wie mei syn Leuvenske bitrekkings ek wol in man west om derhinne troch to setten, mar earstens stoar de man, dy ’t dwaen [8] scoe, wylst er amper bigoun wier, mar twaddens, doe wier it Protestantisme yn Fryslan ek al to folle forspraet den det men mei in skoalle nei Leuvensk model noch tofreden weze scoe.

Hwat fen dy kant noch sterker ta oernimming fen it alde Roomske plan dreau, wier it plakkaet fen Philips II fen 1569, det forhinderje woe, det de Nederlanners nei it bútenlân gongen om der to studearjen. It bliek mar al to klear, det men ho goed Leuven ek wier as Universiteit, to Leuven net weze woe, omt men net Roomsk mear wier, mar miskien noch mear, omt men net langer under Spaensk bistjur stean woe. Nederlân woe himsels weze, Fryslan net minder. Wy scille hjir net yngean op de mar heel stadich groeijende ienheid fen it Nederlanske folk, elts wit wol, det yn de forienige Provinsjes de selsstannigens eltse provinsje tige ljeaf wier en wy bigripe heel goed, det [9] Leiden net foldie for Fryslan en Fryslan net tofreden wêze koe as it net in skoalle hie, hwer syn bern in oplieding krije koenen, dy ’t net al to folle skeelde fen Leiden of Leuven.

De Synode arbeidde der heel sterk foar en Deputearre Steaten fielden der ek alles foar. Mar it scoe noch oan April 1584 ta djurje, for bisletten waerd “Upt spoedelycxt een Seminarium ende Collegie binnen dese Lande….up (to) richten, waer inne eenige geleerde mannen zullen werden geroepen.[7]

De remonstranten van de gecommitteerden totten Reeckeninghe seinen der noch by “dat zulcx sonder groote schaede der Kercken ende der Republiquen niet langer gediffereert behoort te worden”.[8]

Bislute en útfiere binne lykwols noch twa. It stie der polityk tige unwis foar. Earst doe 1584 16 oktober Graef Willem Lodewijk Stedhalder waerd [10] krige de Fryske saek de man, dy se trochsette scoe, greater en breeder, as it earste plan noch wier.

Ljouwert wier eigenlik de sted west for de nije Universiteit, hwant in Universiteit scoe it nou wirde, net in sljucht Seminarium of Collegium, in hegeskoalle, né in Academie oft Universiteit. Mar Ljouwert wier dostiids net yn de gracie fen de greate ljue fen Fryslan. De halding fen Ljouwert tsjinoer it plattelân koe men net to best sette. De lândei waerd yn 1584 en 1585 ek to Frentsjer yn pleats fen to Ljouwert hâlden en sa kinne wy bigripe dat ek it fen âlds frije Frentsjer keazen waerd for de nije Universiteit en it âlde Frentsjer joech heel graech it nou leech steande kleaster fen de Krúsbroerren for dit doel frij. Der kaem daedlik in Burse by, ’t alde stedshus for de studenten dy ’t op in rijksbeurs studearden. De jilden for Universiteit en bursen koenen nommen wirden ut de ynkomsten fen de kleasterbisittingen, [11] dy troch de Paus oan it Bisdom Ljouwert tawezen waerden en hwer by de suppresje fen dit Bisdom de Steaten bislach op lein hienen. Doe ’t alles foarinoar wier kaem 15 Juli 1585 in great plakkaet fen Stedhalder en Deputearre Steaten om it greate nys publyk to meitsje. De plechtige ynwijing waerd feststeld op 29 Juli fen dat jier. Dat is no 350 jier lien.

It wier gjin greate Universiteit, mar hja mocht der dochs wêze, tominsten for dy tiid. Hja waerd al daedlik birekkene op 4 fakulteiten. De Theology kaem bêst for it ljocht mei trije professoren net sunder namme, Sibrandus Lubbertus út Emden, Lydius ut Amsterdam, Nerdenus ut Enkhusen. For de alde talen en de kinst kamen noch wol út Leiden twa professoren nei Frentsjer, Petrejus Tiara en Joes Drusius, wylst for de Wysbegearte Lollius Adama út Dordrecht roppen waerd. For Latyn kaem der al heel gau in fierde by yn dizze fakulteit.[9] For it rjucht kaem Henricus Schotanus, dy yn Ljouwert al bigoun [12] wier mei foardrachten oer it rjucht en dermei noch al sukses hie. For de medicinen slagge men net daedlik en kaem der earst enkelde jierren letter in fest Heechleraer, mar dy fakulteit wier dochs fen it bigjin af yn de organisaesje opnommen, al hie men derfor mar it each op ien Perfester.

’t Like net sa min en der kaem noch by, det Perfesters sawol as studinten noch allerhande foarrjuchten krigen yn de foarm fen frijstellingen fen bilestingen, tsjinst e.s.f.

’t Roun daedlik noch net sa hird mei de studinten, mar it earste jier roun it tal dochs op ta 36; 9 for theology, 16 for it rjucht, 9 for de alde letteren, 2 sunder opjefte fen fak.

Jelle Hotzes fen Snits, mear bikend as Gellius Snecanus, dy fen 1578 de liedende kreft wier yn de aksje for de hegeskoalle, neamde hjar in Académia Sancta en dichtte det de wittenskip for Fryslan hjar iepen tafel hâlde hweroan elts for yn bytsje mei ite koe.

[13] Dat Frentsjer, net Ljouwert, keazen waerd as plak fen de Universiteit, hat noch faken hindere en foaral as it net rjucht woe to Frentsjer kaem men al gau mei de rie, det men hja noch oerbringe moast nei Ljouwert. Der siet it him lykwols net, al moat men mei van Reyd, dy ’t yn 1650 to Ljouwert syn skiednis fen de Nederlanske oarlogen útjoech sizze, det de Universiteit: “onghelyck gheryflycker voor ’t heele Landt, soo voor de Professooren als Studenten te Leeuwaerden ware gheweest”. (blz. 65 Boeles p.13)

De Universiteit wier der krekt, eft men praette der al oer, hja nei Ljouwert oer to plantsjen. Yn 1589 skreau de earste Rector Prof. Lydius al in brosjure om it hege bilang fen de Universiteit to bipleitsjen en for oerbringing to warskôgjen: In plantsje kin min groeije as men it faek forplantet, skreau hy.[10]

Tritich jier letter, yn 1620, blike de studinten in aksje to fieren om de Universiteit fen Frentsjer nei Ljouwert to kryen, wol om mear fortier yn de greatere haedsted. ’t Skynt noch al oanhang foun to hawwen, hwant twa Perfes- [14] ters gyngen mei offurdigen fen de Magistraet nei Ljouwert om te “reprimeren de seditieuse acten van de Studenten bij Rekest geremonstreerd in ’t stuk van de Academie naar Leeuwarden te transporteeren.[11] Yn 1623 spriek Perf. Bouvicius der noch syn forwundering oer út, det men der noch altiten oer tocht de bloeij fen de Universiteit better to forsekerjen troch hja nei Ljouwert to bringen.

Slimmer waerd it yn de minne jierren earst fen 1665 en 1666 doe net allinne in soart swarte pest tûzenden yn ús lân weihelle, mar de oarlogen mei de biskop fen Münster en mei de Ingelsken de tinzen wol op hwat oars as op stuudzje brochten en it tal studinten ek hird tobek roun. It slimste waerd it yn de jierren 1672 – 1678 do alles opbean wirde moast tsjin Lodewijk XIV. Yn 1672 wieren der mar 30 studenten. It roun wol wer op en wier yn 1675 wer 80, mar it stie er doch net best foar. Yn in Senaetsforgearinge fen 1675 bisletten de Perfesters alles to dwaen om to forkommen, det men de Universiteit nei Ljouwert bringe scoe, wol in biwiis, det hja [15] it praet dat der gyng oer dy forpleatsing noch al heech oansloegen. Ut dy tiid stamt ek in boekje: “Weeghschaal van redenen over het verplaatsen der Academie van Franeker naar Leeuwarden.[12] It is printe, lyk as yn de foarrede stiet, al wier op dat stuit de stoarm wer lizzen gien, omt de stoarm doch wol wer opstekke scoe. Under de arguminten for it bihald fen de Skoalle to Frentsjer stiet it moaije argumint, det hja as Universiteit fen Frentsjer nou ien kear in goede namme yn it butenlân hat en bij oerbringing dy âlde namme forlern gyng.

De minne tiid durre net sa heel lang en nei 1678, it jier fen de frede fen Nymwegen, waerd it starich oan wer better yn Fryslan, koe men de Perfesters wer better bitelje en frij meitsje fen in bulte forplichtingen dy al to biswierlik for hja wiernen. Yn 1685 koe men it earste ieufeast yn fleurige stimming fiere. Hundert jier letter stie it er frij hwet minder foar. It twadde ieufeast waerd noch al knap fierd, mar it wier in leste [16] opflikkering nei in lange tiid fen kwining, in opflikkering dy wol inkelde jierren hwat opfleuring brocht, mar foaral troch de politike aksje fen Perfesters en Studinten yn de woelige Franske tiid, de tiid fen revoluusje, gjin ny oplibjen fen de Universiteit mear bringe koe sadet in Perf. Wassenbergh fen de tastân yn 1787 al sizze moast, det men der hird oer tocht de Akademy alheel to sluten eft tominsten to forpleatsen, hwat der frijwol mei gelyk stien hie.

Yn de greate memory, dy ’t Curatoren yn 1803 oan it Departemint fen Bestjur takomme lieten om it forfal fen de Universiteit ris flink under de eagen to sjen en to redden hwat to redden wier, wirdt, alhoewol Frentsjer biskôge wirdt en de neidielen derfor opneamd, net oer Ljouwert spritsen, ut it opsomjen fen it goede, det yn Frentsjer as universiteitssted leit, leit wol opsletten, det ek doe wol to sprake kommen is, eft de Universiteit to redden wier troch oerbringing nei Ljouwert.

[17] Mar de tsjinstelling is den Grins wirden en fen Grins wirde allerhande foardealen opneamd as haedplak fen it provinsjael bistjur, wol geskikt om Frentsjer konkurrinsje oan to dwaen.

Lykwols lykje hjar dy foardealen net sa great, det hja derom yn hjar tige útfoerige memory under de middels om de Academy wer ta bloei to bringen, prate oer de oerbringing nei Ljouwert.

Trouwens der siet it him ek nea.

Fergelykje wy de tallen studinten yn Grins en yn Frentsjer, dan sjugge we heel lang, oan 1725 ta, Frentsjer mear studinten hawwen as Grins en yn 1785 is it skeel noch net ienris great to neamen.

Utert hie oan 1765 ta minder studinten as Frentsjer. Fen 1775 – 1785 hie Frentsjer 300, Utert 304, Grins 391. Leiden stie doe al fier boppe oan en hie mear as de oare trije meiinoar 1388.

It siet him folle mear hjiryn, det Fryslan op it lêst net mear bitelje koe hwat nedich wier om de Universiteit op peil to hâlden en sa de Perfesters de ien nei de oare fen Frentsjer heger op gyngen, [18] sa ’t hiette, mar dertroch yn de eagen fen Curatoren sels, de Universiteit dy ’t hja forlieten stimpelden ta in kwinende. Fryslan hie net mear de inerlike kreft om mei jild en mei studinten in hegeskoalle yn stân to halden. Men hie gjin jild mear om perfesters, bibliotheek, krúdtún, klinyk to bikostigjen. Men die hwat men koe, mar de oare Universiteiten dienen mear. Der wier net safolle jild mear yn Fryslan om de beurzen to forsjen, sadet folle minder earmere jongens studearje koenen. En de riken gyngen, as hja dochs studearje woenen, wol sa ljeaf nei in Universiteit dy fleuriger namme hie. Sa drukte it iene it oare. It waerd biddeljen by de Steaten, biddeljen by it Ryk en it sprekwird seit: It is better benijd dan bikleid to wirden.

Yn opdracht fen Keizer Napoleon en fen Kening Lodewijk Napoleon kaem yn 1811 Cuvier to Frentsjer om to sjen ho de saken stienen. Dit stie yn forban mei de alheele reorganisaesje dy ’t Napoleon op it stik fen heger underwys ta stan bringe woe. Men die alles om Cuvier to oertsjugen, det in Universiteit for Fryslan nedich wier, koe it net langer yn Frentsjer, dan to minsten Ljouwert. Cuvier wier tige tofreden, [19] mar dit forhindere net, det men yn it dikreet fen 22 Oktober 1811 it Universiteitsunderwiis regele sunder Frentsjer der yn op to nimmen. Midden yn it libben foel de dea.

Der waerd rekesteerd, underhannele, it joech allegearre neat mear. Der wieren do noch 10 Perfesters for 29 studinten. Gemiddeld kaem it tal studinten de leste 25 jier sa heech noch net ienris. It kaem nei syn twadde ieufeast mar ien kear boppe de tritich. Napoleon foun, det dat al to min wier en hoopte, troch Frentsjer op to heffen en Grins to litten, to minsten ien Universiteit yn it Noarden bisteanber to meitsjen.

It bistean fen Grins waerd ek bidreaun en faek hiette it, det de kansen fen Frentsjer better stienen as dy fen Grins. De leste jirren libbe lykwols Grins sterker op as Frentsjer. De uterlike forhaldingen liken der ginstiger. Grins woun it, Frentsjer, né, Fryslân forlear it.

It krige in Athenaeum yn ’t plak, in soart [20] hegere skoalle, hwer de haedfakken fen de Universiteit elk troch ien heechleeraer jown waerden dy feitelik net mear dwaen koe as ta de akademische stuudzje foarbireide sunder graden jaen to kinnen. For de graden moast men nei de Universiteit, mar den gyng men der mar ljeaver daedlik hinne. Werom scoe men de wei nei de graden langer en noedliker meitsje mei earst in foarbireiding to Frentsjer to seikjen?

It Athenaeum bliek yn alle provinsjes in deaberne bern, bihalven dan to Amsterdam hwer de stêd der in Universiteit fen wist to meitsjen. It biswier waerd noch greater omt de Regeering de hannen fol hie oan de 3 Universiteiten en heel sunich wier mei hjar Athenaea.

Yn 1826 probearre men yn Frentsjer noch, tominsten de graden fen kandidaet forliene to kinnen om mei reden in foarbireidings-hegeskoalle to wezen, mar ek dat krige nul op it rekest. It Athenaeum hie noch wol biteikenis for Fryslan, mar de fleur wier der dochs ôf. Besuniging nei 1840 makke, det 23 Febr. 1843 it Athenaeum alheel opheven waerd. [21]

Dermei forlear Frentsjer it lêste skynsel fen syn Universiteit. Do ’t yn 1811 de Universiteit sletten waerd, bleau der it Athenaeum, noch sa ’n soarte Universiteit, hwerfen men einliks net goed wist, hwat for in skoalle dat wêze scoe. It wier wol gjin Universiteit, mar it wier dochs heger underwys, de Perfesters, dy yn Frentsjer wiernen bleaunen for de healt noch, it like in formindering, hwerby men hope, det it noch wol wer ris op to heljen wier. Men siet mei de Universiteit dochs ek al yn de underwal. Mooglik koe men nei inkelde jierren it Athenaeum wer omsette yn in Universiteit. Om mei it lânsbistjur op goede foet to bliuwen, en yn de hope op better, wier it to Frentsjer noch feast by de ynwijing en inauguraesje fen it Athenaeum. ’t Liket fremd, mar it wier feast, en great feast. Sa sjocht men wer, ho hope libje lit. Yn 1843 wier it alheel út. Fryslan is sunt, hwat it akademysk underwys oangiet, op de oare lansuniversiteiten oanwezen, allerearst op Grins, hwer den altiten noch in bulte Friezen binne, [21v] hwer, wylst to Amsterdam en to Utert de Friezen sels in bysundere learstoel for it Frysk stifte moasten, inkele jierren lien, sa troch it Lansregear de witholang frege en easke offisieele learstoel kommen is for it Frysk, mei in Perfester en in Lector.[13] [22]

It biswier nei Grins to moatten is nou ek net mear sa great. De tsjinstellingen twisken de provinsjes binne net mear dy ’t hja wieren do de Friezen fregen om in eigen Universiteit yn it bigjin en it ein fen de sechtiende ieu. Hwat do tsjin inoar oer stie en selsstannich wier is nou forboun en ien. It forkear bringt de Friezen nou gauer fen Stavoren yn Grins as yn dy tiiden fen Snits yn Frentsjer. De bern binne fen Grins nou earder thús den hja it aldtiids fen Frentsjer wiernen. Men kin sims noch wol ris hearre, det it spitich is, det Fryslan syn Universiteit forlier, mar men kin wol sizze, det de Friezen hjar bern der net mear hinne stjure scoenen, as dy Universiteit net alheel opkoe tsjin de Universiteit fen Grins. En om sa ’n Universiteit yn Fryslan noch to hawwen scoe men [23] in founs fen tweintich ta tritich miljoen goune hawwe moatte eft elts jier ien ta oardel miljoen goune skien jild oan ynkomsten. It is net mear as yn 1811, do men miende mei 40.000 goune yn ’t jier de Universiteit wol op peil halde to kinnen. Dat scoe nou to folle jild kostje. En Fryslan dat non cantat sed ratiocinatum dat er net op yn slacht, mar syn forstan brukt, begrypt, det it mar goed is, det men it tal Universiteiten formindere hat.

Dat wol lykwols net sizze, det der for Fryslan net hwat mear redden wirde kinnen hie fen de Universiteit en det Fryslan de tradiesje fen syn Universiteit net yn de iene of oare foarm net hwat better oanhâlden kinnen hie. Mar deroer strakjes noch.

Do de Universiteit stifte waerd, tocht men en dat docht men meastens as it oer in Universiteit giet, oan de oplieding fen de jongemannen for de maetskiplike posiesjes hwerfor hegere stuudze fen jierren nedich is. Mar in Universiteit biteikent wol hwat mear. En as wij ris oertinke, hwat Fryslan oan [24] syn Universiteit tanket, den moat men net allinne tinke oan de safolle tuzenden studinten dy der hjar oplieding hawn hawwe, mar den is der ek noch wol hwat oars.

Ik spriek fen tuzenden studinten. Ja, yn 226 jier en, rekkenje wy it Athenaeum der noch by, yn 258 jier binne der fensels, al wier it tal studinten net sa botte great, dochs heel hwat studinten te Frentsjer west. Hofolle precys is net to sizzen. Al wyt men jier for jier, hofolle der ynskreaun binne, den wyt men noch net ha lang elts der bleaun is, yn de tiiden do ’t men graech, lyk as nou noch yn Dutsklan fen de iene Universiteit nei de oare gyng om oeral hwat to snappen, wiernen somlike der mar koart, sims noch net ien semister, mar oaren bleaunen wer jierren. It wieren ek net allegearre Friezen dy to Frentsjer studearden. Yn it bigjin meastal, op it lest ek wer, mar der bin ek wol tiiden west, det der mear frjemden as friezen wieren. It sette it earste jier yn lyk wy al seinen, mei 36, it foel it twadde jier, lyk as hast altiten mei nye skoallen, tobek, it kaem op 22, doe op 20, it fierde jier op 30, mar it fyfte wer op 22.

[25] Gemiddeld hie men lykwols de earste 25 jier jierliks in fyftich studinten. It durre oan ’t 1625 ta ear it tal oer de hundert roun en earst yn 1635 – d.i. nei 50 jier – kaem it op in tal dat geregeld boppe de 100 wier. Boppe de 150 kaem it allinne yn 1651, 1659 en 1662. Om de healt fen de sauntiende ieu leit wol de heechste bloei fen de skoalle. Nei 1665 rinne de cifers hird nei underen.

Fen om en om 140 foel it tal studinten wer op 70 en mar heel starich gyng it wer omheech. Mar it fleurde dochs wer op. Nei 1685, it earste ieufeast leit in twadde periode fen hegere bloei en ridlik bisyk fen studinten. Fen 1685 oan 1700 ta wier it meast frijhwet boppe, mar twa kear under de hundert, mar do roun it wer heel hird efterút. Yn 1702 binne der noch 90. Yn 1704, 1714, 1715, 1748, komt it noch oan de 80. Yn 1710, 1713 is ’t noch sauntich. Nei 1722 komt it net mear boppe de sechtich, as allinne it jier 1748. Wy hawwe al sein, det it nei it twadde ieufeast yn 1785 mar ien kear boppe de tritich kaem, de leste 25 jier gemiddeld net heger kaem as 25 yn ’t jier.[14] [26]

Oer al de jierren telle wy 14.596 ynskriuwingen, in lytse 15.000. Wy skatte, det dit cifer us rjucht jowt to sizzen, det in saun tuzend studinten de Universiteit fen Frentsjer bisocht hawwe. As det for de healt Friezen west binne scil it skien op weze. En wy scille net sizze det dy allegearre mei in graed ut Frentsjer weikommen binne. En wy wolle likemin sizze, det dy studinten der to Frentsjer neat as goed learden. It hat er wol ris tige spand. De Universiteit wier der noch mar krekt, eft men hie al de heechste klachten oer it skilden meitsjen fen hjar studinten, hjar rouwens en oerdwealskens. It roun faek sa heech det dertroch ek under de Perfesters unienigens kaem. De ien kin fen studinten hwet mear sjen as in oar en as it gesach twisken beiden komt of Perfesters bimoeije hjar mei de tucht, den binne der al heel gau skelen. Yn 1595 moast for de Steaten forklearre en tajown wirde: “dat de moetwillicheden ende insolentien totten hoochsten trap ghesteegen en syn[15] en by de ynstelling fen in kommisje fen undersiik forklearje de Steaten, [27] det hja derta wol oergean moasten “nademael hen volcomentlyck is geremonstreert ende gebleken van de grote insolentien en ongeregeltheden bij enige studenten bedreven, mitsgaders de twist ende onenigheit dienshalven onder de Professooren ontstanden, tot vervallinge van de behoorlycke tucht ende discipline.[16]

’t Rommelde doe heel sterk. Yn ’t ein moast ien fen de Perfesters, dy earst it opsicht oer de studinten hawn hie mar troch hjar boycotte en molistearre waerd, mei in earfol getugskrift nei hus ta stjûrd wirde, woe men der net de heele Universiteit oan weagje.

Kaem men deryn de studinten hwat tomiette, fen forskate studinten dy ’t in beurs hienen – en dat wiernen altiten in hele bulte – waerd de beurs ofnommen. By oaren kaem it ta útsetting út de Universiteit, en ien kear roun it derby sa heech – it wier yn 1596 en de studint wier in soan fen de sikretaris fen Boalsert Laquart – dat in studint troch [28] de stedswacht deasketten waerd. Yn de skiednis fen de Universiteit sjugge wy noch faker, det de studinten yn Frentsjer soms raer húshalden. It klachteboek is in heel register en as men dat trochlêst scoe men under de yndruk komme kinne, det dy Frentsjerter Universiteit allesbehalve in seine for Fryslan west hat, follemear in skoalle hwer ’t men heel hwat oars learde as hwerfor de alders de bern der hinne stjûrden. Ik scil net sizze, det soks mei in groep studinten net it gefal west hat, mar earstens scoe it better west hawwe as dyselde jongeljue nei Grins ef Leiden eft nei it butenlan gean wieren. Twaddens der barde wol ris hwat en men klyde faek, mar dat is noch heel hwat oars as dat de skoalle net doochde, der gjin goeds leard waerd, gjin goede ynfloed wier. Op hwatfoar skoalle hweroer men heel tofreden weze kin, komme gjin skelmstikken, straffen, nou en dan hege ruuzje, misselike dingen foar. Men moat [29] ek de oare kant sjen. En dan hawwe wy oer Frentsjer ek wol oare tsjugenissen. Wis Curatoren en Provinsjael en Departementael Bistjûr hienen de hannen fol oan de lytse Universiteit, hja moasten sims sterke maetregels nimme, mar al dy tiiden troch sjugge wy det it ideael bliuwt en hja it kostet hwat it kostet de Fryske jongeljue in sa goed mooglike oplieding ta hawwe wolle. As dy yn gefaer is, ef troch hjar yn gefaer sjoun wird, den sjugge hja der net tsjin op, ek Perfesters, ien kear wol fjouwer to untslaen. It hapere wolris, mar der wier dochs oarder en gesach, det for útersten biwarre. En sa gyng it noch al, oan ús Frentsjerter Akadeemje.

De Perfesters lieten hjar wol faek nei oare skoallen biroppe, mar oarsom barde ek – mei utsondering fen de leste tiid fen kwining – De Perfesters bleaunen faek en wiernen der tofreden ek al koenen hja foroarje. [30]

Yn 1626 skreau de Senaet oan Perfester Reifenberg út Bremen om him to freegjen nei Frentsjer te kommen, dat hy der kollega’s fine scoe, dy ta inoar yn de freonlikste forhalding stienen en yn alles klear stienen inoar fen tsjinst to wêzen, det hy der it gedrach fen de studinten minder frij fen alle ban fine scoe as yn de measte Dutske Universiteiten en de tucht folle stringer. En yn 1664 skreau Prof. Chr. Schotanus yn syn Bischrijving van de Heerlijckheid van Friesland: “God heeft dese Academie seer gesegent met vermaerde mannen, die tot alle tyden hier geweest zijn. De vryheden ende privilegiën zijn groot, de gunst van de Regenten des Lands als tot de croon en cieraedt der Provincie. Ick derf seggen, dat geen Academie oft hooge schole so bemint wordt en voorgestaen in eenig Landt als dese.[17]

Sa komme wy fen de Studinten op de Perfesters. Hwat Schotanus yn 1664 sei, do de Universiteit tachtich jier bistie: datselde meye wy ek sizze ne de Universiteit al lang sletten is “God heeft dese Academie seer gesegent [31] met vermaerde mannen, die tot alle tyden hier geweest zyn”. En dertroch meye wy sizze, mear noch as om de oplieding fen in trije duzend studinten, is de Universiteit fen Frentsjer west, hwat Schotanus hjar neamde: “croon en cieraedt der Provincie”. Ik wit wol, it hat der mei de Perfesters ek wol ris spand. Hja wieren it lang net altiten iens en dy unienigens hie sims djippe reden yn lear sawol as yn sedelik binimmen.

Wy scille hjir op dy ruuzjes en skelen net yngean, it scoe ús fierstofier fiere. Op it bolwirk fen it Gelove, dat de Universiteit nei it sin fen de earste oprjuchters weze moast, stienen de lieders net allinne faek tsjin mekoar oer en wier dos de lieding fier, mar ek moat men sizze, det nou en dan de theology sawol as de philosophy paden ynslein hat, dy net útrounen op it orthodoxe Gelove. Mar dat koe net oars. Men kin dochs net blyn wêze for de foroarings, dy de folksmiening en it algemiene ynsjuch yn de dingen net allinne mar ek de [32] protestantske tsjûgenis yn de rin fen hast treddel ieu undergyng. Men kin der rouwich oer wêze en it kin jen moeye, det men net stean bleaun is bij de opfettings fen Luther of Calvijn eft werom gean ta de Roomske, it koe nei it bigjinsel fen de stifters en by de untwikkeling, dy ’t alles trochmakke net forwachte wirde. En hwat der libbe under it folk, moast, scoe de Universiteit hwat libbens wêze yn Fryslan, der werslach fine, der ta útering komme yn wittenskiplike klaying. En hwat jildt fen it Gelove, jildt ek fen de polityk. Folle, Curatoren foarop meije der oer kleye, det de studinten op it ein fen de achttiende ieu hjar revoluusje-ideeën yn it iepenbier úterje en hjar yn in revoluusjionaire Societeit forienigje, det hja stipe wurde troch Perfesters en it op it ein sa fier komt, det Curatoren fjouwer Perfesters untslach jowe, omt hja de jongmanskip op forkeard paed bringe en revolusjionair opfiede, hwet de alders fen hjar allerminst forwachtsje, forearst moat men freegje eft de Perfesters, howol [33] hja meigongen mei de politike streamingen deryn net in greate bisadigens en forsichtigens oan de dei lein hawwe en eft hjar hâlding net earder in forsichtige lieding west hat wylst it starre fêsthalden oan it âlde régime, dat yn dy tiid net to halden wier, de studinten alheel oeral helle hie. Ek yn de politike lyk as yn de theologyske woelingen wier oer it algemien it optreden fen de Frentsjerter heechleeraren noch al kalm en werspeagelt him deryn wol in bytsje it Fryske aerd fen net to hird ut de ein to rinnen. Dertroch is it to bigripen, det de troch en troch Roomske Franske wiisgear Descartes him sa lang yn Frentsjer deljaen koe en him der thús fielde, det der letter yn de philosophy tagelyk trije Perfesters wiernen, fen hwa de iene Aristotelysk, de twadde Cartesiaensk, de tredde Newtoniaensk docearde. Dat paste alhiel yn Fryslan, det frijhwet liberael wirden wier.

Men kin twa opfettingen hawwe oer de Universiteit, ien; det dizze [34] alhiel boppe de maetskippy stean moat, dy hja to lieden hat en to underwiisen, det hja hjar net troch allerhande streamingen dy ’t yn de manichte opkommen, meinimme litte moat, in oare, det de maetskippy de Universiteit hat om hwat yn hjar libbet groun en foarm to jaen, it wittenskiplik ut to lizzen, hwat faech en unbistimd yn it folk libbet, klearder sprekke to litten, yn underling forbân to bringen. De earste is de aristotelyske en de tsjerklike basearre op it objectieve karakter fen de wierheid. Dit hat wol yn de bidoeling lein fen de Synode, do hja op it stiftsjen fen de Universiteit fen Frentsjer oantrúne, de twadde is de platonyske dy past yn de Steatsopfetting fen Calvijn en troch de posiesje fen it Protestantisme as godstsjinst fen in platonysk ynrjuchte Steat praktysk de opfetting, dy de Frentsjerter Universiteit bihearske. Hja hat hjar [?[18]] objectieve karakter fen de wierheid. De liberale opfetting woun it fen de tsjerkelike en it kaem op it lest sa fier, do yn 1795 it protestantske Gelove syn bifoarrjuchte posysje [35] troch de skieding fen Tsjerke en Steat grounwettelik forlear, det it Provinsiael Bistjur doe mei it útstel by Curatoren kaem om for de theology learstoëllen bisette to litten troch de tsjerkelike Gesindten sels sawol troch de Roomsken en Doopsgesindten as troch de Gerifformearden en ditselde Bistjur bislute by proklamaesje fen 5 Aug.1797 “alle godsdienstige Gesindtheden zonder onderscheid uit te nodigen om op eigen kosten Hoogleeraars elk na zijne gevoelens en denkbeelden aan de Academie te Franeker te plaatsen.[19]

Praktysk is der net fen kommen. De protestantske ynslach bleau, ek al omt der allinne fen de gerifformearde godstsjinst studinten der de oplieding ta predikant sochten, mar it is wol teikenjend, det, om dy oplieding der noch fen lânswei halde to kinnen de Perfesters fen de Theology hjar yndieling founen by de philosophy en hjar fakken de algemiene tsjerkelike skiednis en sedekinde, natuerlike Godsleare en sedelear neamd wirde moasten. [36]

It wird Kristlik moast der út en gyng der nei de letter út, mar seit mr. Boeles heel skalksk: “Zoo werd met medewerking van den Agent, den vertegenwoordiger van het Bestuur, de Gelijkheid verschalkt en twee theologen kwamen in philosophische mantels gehuld, onverlet binnen.[20] Eft alheel “onverlet” wier?

Sa sjugge wy yn Frentsjer noch al frijhwet skommelingen nei ’t de tiiden foroaren skommelingen yn lear en opfettings, dy nou ienkear gearhingje mei de untwikkeling fen Fryslan. De Universiteit stie net boppe Fryslan, mar lei der midden yn en libbe it Fryske libben yn syn sterkens mar ek yn syn swakkens mei.

Der is net de ienheid en continuiteit dy ’t wy byfoarbyld yn Leuven fine, mar der is wol rike pluriformiteit, hweryn him werspeagelt it folle, dat yn Fryslan libbe. Sa seach men yn de Frentsjerter skoalle altiten hwat Schotanus neamde de croon en het cieraedt fen Fryslan, in Universiteit hwer de Friezen greatsk op wiernen [37] omt dat hwat yn hjar mienskip libbe der syn wittenskiplik kleed umhongen krige, der syn man hie, dy ’t for de maetskippy festlei en propagearre, der syn heechste fortsjinwirdiger foun.

Dat is under manich opsicht wol de greatste waerde fen de Frentsjerter hegeskoalle. En hjir kom ik oan myn lêste puntsje.

Ik sei al, det de oplieding fen studinten net alles is oan in Universiteit. [ By de oprjuchting fen de Roomske Universiteit to Nijmegen hat Perf. Dr. Goossens, nou rector magnificus oan de Tilburgske Handelshegeskoalle yn de Beiaard in artikel skreaun, det ik hjir even yn herinnering bring.[21] Der is yn dy tiid heel hwat pleite for de oprjuchting fen dy Roomske Universiteit. Mar oan ien argumint hie men hast gjin oandacht jown. Goossens lei ris út, hwat it sizze wol, det fêst in tritich, fiertich en mear fen de knappere minsken yn mekoars omgeving wenje, fieling mei inoar hâlde, íen ideaal tsjinje. [38]

Hwerta moat dat net liede? Hwat in krêft skulet der net yn? Dermei wird folle mear birikke as mei det inkelde hunderten studinten klear makke wirde for hjar posysje yn de maetskippy. It wol heel hwat sizze, det in tritich, fiertich minsken frij komme for de wittenskip en dy wittenskip yn contact mei inoar bioefenje.

Om dy wirden tink ik faek, as ik oan de Universiteit fen Frentsjer tink. ] Ik freegje, hwat hat it for Fryslân wirdich west, det der yn it midden fen de provinsje tsjien en mear Perfesters wennen, dy libben for de wittenskip, dy faek in namme hienen troch heel Jerope, hwerfen de boeken biwize, det hja greate mannen wieren. Dy hienen hjar bitrekkingen yn Fryslân, dy stienen midden yn it libben, dy moatte, it kin net oars, heel hwat ynfloed hawn hawwe op de untwikkeling fen Fryslan. Hja meye hjar fouten hawn hawwe, ik scil it net forblomje, mar it yntellect regearret de wrald en hja hienen it yntellect [39] sadet wy sizze kinne, det hja in great oandiel hawn hawwe yn hwat Fryslan wirden is, det hjar namme – in inkelde mey minder goed klinke – yn eare is to halden en det Fryslan reden hat great to gean op Frentsjer.

Om by twa nammen to bliuwen, hwat tanket de Fryske skiednis oan Schotanus en aksje for de Fryske tael oan in Prof. Wassenbergh. En sa scoe ik troch gean kinne. Ik tink oan Bogerman, mar ik scoe to folle neame moatte, begjin ik dermei.

It hoecht us, sa ’t ik sei, net to spiten for de oplieding fen de Fryske jongeljue. Eltsenien begrypt, det men for sa ’n lyts tal gjin Universiteit mear hawwe kin, lyk nou de tiiden easkje en hja fine to Grins en oan de oare Universiteiten fen it lan de geskikte gelegenheid, for hjar wittenskiplike foarming, mar it mei ús spite om it forban fen gelearden, det de Fryske kultuer siker tige to goede kommen is. It is sa, wy hawwe nou ús leeraeren oan gymnasia en hegere boargerskoallen, wy hawwe mear en breder foarme rjuchters en dokters, prysters en predikanten, wy hawwe ús Frysk Genootschap en oare Forienings [40] mar ik freegje dochs noch even oandacht for it idee, dat der for in jier of tsjien mien ik wier mar nea ta útfiering kaem, de âlde traditie fen Frentsjer’s Academy fen Fryslan, op in nije, mar moaye en ek doeltreffende wize wer oplibje to litten.

Der wier do sprake fen it weroprjuchtsjen fen de Alde Academia Frisiae, net yn de foarm fen in skoalle, mar lyk as op safole plakken yn de foarm fen in Geleard Genootskip mei in heel biperkt tal leden, dy ’t nou en dan byinoar komme for allinne wittenskiplik wirk. As it idee ny wier, scoe ik der hjir net mei komme. Nou it idee net ny is, liket it mei ta, det yn dizze lezing oer de Academy fen Fryslan dy idee net foarbygean wirde moast al wier it mar allinne omt derut noch altiten de ljeafde fen Fryslan for syn Academy sprekt en in bulte nou noch der fan redde woenen, hwat der mei net safolle kosten fen to redden wêze scoe.

[ Forsin ik my net, [41] den hie men wol hope, det it Friesch Genootschap der noch ris it initiatyf ta nimme scoe en fen syn leden in fyftich ef noch minder útnoegje scoe sa ’n Akadeemje to foarmen, dy troch de Steaten erkind waerd, for in diel troch it Genootschap, for in diel troch de Steaten honorearre waerd ef alheel troch it Genootschap, dat derfor dan in bisundere stipe fen de Steaten krige. ] Sa ’n Academie, ik moat it tajaen soe de Provinsje eare jaen en noch dúdliker yn it ljocht stellen det Fryslan non cantat sed ratiocinatur, noch altiten folle Friezen opgean yn de stuudzje. Sjugge wij under de 10 eft 15 Perfesters dy geregeld yn Frentsjer wiernen, noch manige net-Fries, it scoe nou blike, det Fryslan’s mannen nou yn greater tal in plak hawwe oan oare Universiteiten yn binnen en butenlan en it scoe for Fryslan moay wêze, as dy noch ris yn it forban fen in Academie byinoar [42] brocht wirden tagelyk mei de Friezen, dy blyk jown hawwe, for de Fryske kultuer, ef as Fries bisunder fortsjintelik wittenskiplik wirk lefere to hawwen. De Provinciale Bibliotheek, hwer de boeken fen de Academy nei de sluting fen it Athenaeum in plak founen scoe, as it Frentsjer sels net wier – in geskikt plak weze om op geregelde tiiden byinoar to kommen.

[included from 42v]En kin it net yn dizze foarm. Werom scoenen de studinten út Fryslan nou oan de ûnderskate Universiteiten en Hegeskoallen fen ús lan, nou al byinoar yn in federaesje, it initiatyf net nimme kinne om sa ’n Academia Frisiae yn it libben to roppen en der de Perfesters mei yn to bigripen. Hja koenen meiinoar dochs ek sa ’n Academia foarmje en al wier it mar ien kear yn it jier in Dies hâlde, miskien mei stipe fen de Underwiisrie en Curatorium.

[42 continuation] Mar litte wy der net fierder oer prate en slute mei nochris hulde en eare to bringen oan de mannen, dy fen alds ynsjoen hawwe hwat in Universiteit for in streek biteikent en hwaer ideaal yn it ein to Frentsjer in forwezeliking foun hat, dy Fryslan eare en rom brocht hat yn earder iewen en hwerop Fryslan noch altiten mei eare en greatskens delsjen mei.

Meye altiten as yn it forline de stuudze en de ljeafde for de wittenskip yn Fryslan bloeye en Fryslan deryn stean op syn alde traditie. [22]

 


  1. Manuscript of a lecture (NCI OP127.1), 42 pages of a notebook. The lecture is held twice. First on 5 August 1930 and then on 4 August 1935. Both times the lecture was held in Franeker as part of a three days holiday course of the Frisian Education Council (Fakânsje-kursus van de Prov. Underwiisrie). See: De Tijd 1930 and Leeuwarder Courant 1935 (Frisian). The manuscript shows corrections. We present the corrected text, also following the spelling in the manuscript. One paragraph was crossed out, clearly because it applied to the lecture in 1930 and not the one in 1935; this deleted text we present in a footnote.
  2. On the verso-side of page 2, a typescript is pasted on, with the quote of John Brugman: ‘“Sa moat eltsenien (forsichtich) wêze yn de lust to studearjen en de stuudzje-tiid lang oan to hâlden. Universiteits-stuudzjes binne bêst, men krijt der wittenskip mei, mar komselden deugden. Ik scoe wolle, det ik de tiid, dy ik to Parys studearje haw, bistege hie in de skoalle fen Dimter; hjir wirde wittenskip en seden en deugden leard, dy tsjinstiger binne as wittenskip”. Brugman yn in konferinsje to Dimter.’
  3. See: W.B.S. Boeles, Frieslands Hoogeschool en het Rijks Athenaeum te Franeker (2 Vol), Friesch Genootschap van geschied-, oudheid- en taalkunde, Leeuwarden, 1878-1889.
  4. Boeles, I, 1-2.
  5. Hugo Franciscus van Heussen, Historie ofte beschryving van ’t Utrechtsche bisdom, behelzende de oudheden, kerkelijke en geestelijke gebouwen….Leiden 1719. See also: Boeles, I, 3.
  6. Herman de Vries de Heekelingen, Genève Pépinière Du Calvinisme Hollandais. (2 Vol), Fribourg-The Hague 1918-1924.
  7. See: Boeles, I, 9.
  8. See: Boeles, I, 9.
  9. In the margin of the page is written ‘…dus’ and ‘…alda’. Probably Brandsma wrote the name of ‘Elardus Reinalda’, who was professor in Latin, literature and rhetoric.
  10. See: Boeles, I, 27-28.
  11. See: Boeles, I, 47.
  12. See: Boeles, I, 55.
  13. Crossed out for the lecture in 1935 is: “Ik mei hjir miskien noch wol even in oanfulling jaen oan hwat Dr. Wumkes dizze moarn deroer sei. Der is to Grins ynsteld net allinne in Lectoraet, mar ien fen der Perfesters hat in spesiale learopdracht krige for it underrjucht yn it Frysk. Him is noch in Lector op ’e side steld, sadet der nou in Perfester en in Lector is yn ’t Frysk. Perfester Kapteyn en Lector Sipma. Ik leau wy meije en moatte tofreden wêze. Der wier op ’t eagenblik net mear to birikken en it underwys yn ’t Frysk is by hjar yn goede hannen. Prof. Kapteyn is for de grounslaggen fen de Fryske tael, it Aldfrysk in erkende gelearde en Sipma is altiten de man west, dy ’t Fryslan to Grins graech seach. Troch dizze bineaming is Grins noch mear ta Universiteit fen de Friezen stimpele [22] hwer meikoarten ek wol de learstoel komme scil fen de Fryske Tael en Letterkunde dy hja noch mear ta de Universiteit fen de Friezen stimpelje scil.”.
  14. See: Boeles, I, 67-68.
  15. See: Boeles, I, 33.
  16. See: Boeles, I, 33.
  17. Christianus Schotanus, Beschryvinge van de heerlyckheydt van Frieslandt… Leeuwarden 1664, 140. See: Boeles, I, 51.
  18. A few words are unreadable.
  19. See: Boeles, I, 493.
  20. See: Boeles, I, 123.
  21. Th. Goossens, ‘Een andere zijde’, in: De Beiaard, Vol 6-2 (1921), 309-312.
  22. At the final page a few notes are written: ‘egene’, ‘gegevenen’, ‘Bogerman’, ‘4 keer’, ‘wittenskip’, ‘frysk eigene’, ‘Werom Frentsjer’, ‘econom’, ‘polityk Willem Lodew’, ‘lândei persoanlik’, ‘Gellius 1383 Lubbertus’.

 

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2022