Eigen en Frjemd by it Berne-underrjucht

1930

Speech (Frisian)

 

Eigen en Frjemd by it Berne-underrjucht

[1]

Frisia non cantat, ratiocinatur” seit it âlde sprekwird hwat safolle sizze wol as det de Friezen de dingen mear prozaysk as poetysk bisjogge, mear saeklik as dichterlik, net for ideeen fleane, mar nochtern mei de feiten rekkenje, hjar sa mar net oerjowe, mar alles earst ris fen alle kanten oertinke en biprate wolle. Wy binne net sa pûr en rinne net sa hird út ’e ein. Wy hawwe fen âlds de namme, det by ús alles op syn alven-tritigens giet en it lang durret, foardet wy it iens binne en yn ienriedigens oparbeidzje. Mar as de Friezen den ek ienriedich binne, as hja alles goed oerlein hawwe, den scil it der ek troch en halde hja fêst. Den binne wy Friezen stiif en wike wy net sa maklik for hwa ús yn de wei stean scoe. Wy fiele ús yet wol en wy kinne yet wol hwat en it is ús lang net allegearre likefolle. En foaral men moat net oan Fryslan komme. It leit ús altiten noch heech en wy hâlde der mear fen, as wy sels faek wol witte wolle. It blykt wer op jounen as dizze, hoefolle wy yet op hawwe mei ús Fryske lan en ús Fryske libben, mei ús tael en ús brukmen. It docht ús wer ris goed, det wy mei Friezen underinoar binne en de Fryske gearkomsten om útens binne yn de regel bêst bisocht, omt wy it nedich hawwe, de bân mei Fryslan to biwarjen, mei it Frysk forboun to bliuwen. Wy hawwe der ús wol oan wenne moatten, det wy ús Fryske sin hwet bisletten halde, omt wy libje twisken in heele bulte, dy der neat foar fiele, mar sa nou en dan moatte we dochs de kans hawwe, ús wer ris as Friezen út to libjen, wer ris in alde Fries to wezen en wer ris op to heljen, hwat deryn for ús bisletten leit. Men kin dat sa persys net sizze, hwat ús allegearre oan us folts, oan us lan, oan us tael forbynt, mar it is mear as in eask fen it hert, ús forstan seit ús, det der djipper grounen binne, det it mear is as in sin, mear as in mode, mar det lyk as it bern om mem ropt, sa de minsk hinget oan syn lan en folts en tael. Hja hawwe syn earste libbenstiid om him hinne hongen, hy is derta wend en forwend, hy kin hja net mear misse. In bern kin net altiten thús bliuwe en giet mei de tiid foart út it alderlik hus, mar it scil as jongfeint sa min as as man dat alderlik hus forjitte en is altiten wer bliid as hy yetris werkomt yn it alde routsje om ’e kachel, op it plak hwer ’t heit arbeidde for mem en him, hwer ’t hja meiinoar libben en as den de alde luden him wer yn de earen klinke, dy ’t er hearde as bern en nea forjit, ho ald er wirdt. Ik bin nou fiiftich, mar ik hear en sjoch noch, al wenje ik hast fier- [2] tich jier buten Fryslan, yet altiten de fjouwerkante Boalserter groue toer mei de toerkes fen de Roomske tsjerkjes ik hear it lieden fen de swiere klokken en it klippen fen de lichte en dertroch de klokken fen Hichtum en fen Burgwerd en it kin noch yn my sjonge op alle uren fen de dei, hwerop for fiiftich jier en nou noch regelmiettich dy klokken ynsette. En sa de klokken wer for my liede, as ik oan Fryslan tink, sa leit it lan wer for my iepen en sjoch ik de miedden en de reeken, it fé en de pleats, de leanen en diken, de tillen en pipen fen it alde lan en ik wol hja nochris sjen en it docht yen goed, as Jo it werom sjogge. Sa scil it Jimme ek wol sahwet gean. De iene fielt it hwet sterker as de oare, de iene kin him hwet mear los meitsje as in oar, mar wy binne allegearre tofolle hecht oan hwat wy wend binne, dandet wy us frei meitsje kinne fen hwat us as bern jown ward as hwat goeds en mei us opgroeid is as in twadde natuer. Wy Friezen binne, ik wol it yetris sizze yn dit forban, sakelik en nochtern en wy rinne net sa hird om ús ljeafde út to sprekken en blike to litten, wy moatte der earst ris oer tinke. Mar ho nochtern wy den ek wêze meije, ek for ús hat de Fryske groun syn lukende kreft.

It sterkste fielt men soks, as men lang yn de frjemdte is. Is it formidden hweryn men bilannet, net sa alhiel oars, nou dan past men him oan en fielt de oergang net sa, mar is men fier foart, yn hiel oare formiddens, den komt dy unwennigens[2], dat missen fen hwat men wend is, folle hirder oan. Ho greater skeel der dan ek is twisken hwat men wend is en hwat men derfoar yn it plak krijt, ho luder de eask weze scil om fen it alde dochs hwat to halden en to biwarjen. Men kin net alles missen, mei hwa men great wirden is. En sa sjogge wy, det yn de frjemdte de selskippen fen Friezen sa maklik bistean en deryn it biwiis leit, det de Friezen der priis op stelle, nou en dan ris byinoar to kommen om de alde spraek yet wer ris to hearren, fen it alde yet wer ris hwat yn jo oplibje to litten. It is nuver. Fen de iene kant wol men gjin Fries mear weze, leit it earizer of, sprekt de Hollanske ef in oare tael ljeaver dan de Fryske, mar fen den oare kant kin men der net buten en libbet men wer op, as men yetris heart en sjocht fen Fryslan en de Friezen. De natuer giet hjir ek wer boppe de lear. It skeel is to great[3] twisken hwat de fries yn syn jonge jierren om him hat en dat hwat er letter heart en sjocht, det er hast altiten wol in wisse unwennigens oer de Friezen komt, as hja hjar tael en alde brukmen priis jaen moatte.

Der binne twa soarten fen bigeerlikens yn de minsk to underskieden. De earste is in fredige, de twadde in strydbre. [3]

De earste giet ut nei itjinge de minske sjocht as goed en gaedlik under syn birik, de twadde wirdt earst wekke, as it gefaer driuwt, det it him untgiet, eft ek as it swier is yn it bisit derfen to reitsjen. Wy minsken binne in bytsje ynsteld op ’e striid. Wy fjuchtsje graech en de Friezen sit dat fen alds yn it bloed. It moat net allegearre fensels gean. Wy waerdearje earst hwat ús moeite kostet. En faken komt de waerdearringe earst as men ús hwat wy hawwe untnimme wol eft wy fiele det it us untgiet. Hofolle dingen binne der yn ús libben, hwer wy weinich eft gjin waerde oan takinne tadet men komt om it wei to nimmen. In bulte dingen, dy wy nea bruke, amper witte, det wy hja hawwe, wirde iniens allerneedsakelikste dingen, as men us freget, eft wy hja net misse wolle. Dat is gjin pure ynbielding, né, wy fiele den, det sa’n ding dochs in plak hat yn ús hert en yn ús libben, misskien oan ’t nou ta to min waerdearre, mar dochs fen sa greate waerde for ús, det wy der wer gebruk fen meitsje wolle. Wy sliepe faken heal. En der moat wol ris in dief dreauwe to kommen om ús op ’e tiid wekker to halden.

Sa is it nou ek in bytsje mei us Fryske aksje. Wy Friezen hawwe in bulte op mei us tael en brukmen, mei us lan en us folts, mar heel klear binne wy der net mei, ik scil net sizze det de Friezen sitte to sliepen, as’t oer hjar tael en brukmen giet, hjir tominsten net, mar it libbet sa hinne en hja fiele amper det hjar hjar skat untgiet. Dy dat neijer fiele en sjogge, de Friezen yn de frjemdte, de Friezen om utens, de Friezen dy ’t hwat oandacht skinke oan hwat yn Fryslan en mei Fryslan bart en dy’t hingje oan hjar groun, dy binne sa swietsjes wei yn aksje kommen, omt hja seagen, det it forkeard roun. It giet der om, net om it Frysk libje to litten, it libbet lokkigernoch, mar om hwa Fries is, yn dizze tiid noch genot fen syn Frysk to jaen, it Frysk ta syn rjucht komme to litten[4]. Wy binne it kwyt, foar wy ’t fornimme. It untrint ús mei al de nije dingen dy fen de klúsner in kosmopolyt meitsje. En wy kinne it dochs net misse. Wy wirde der unwennich fen. En ho mear gefaer wy sjugge det it Frysk der under rekket, om to mear fiele wy ús forplicht to redden hwat yet to redden is fen it âlde eigene.

Nou wy op in joun as dizze beiinoar binne en it ús wer ris goed docht de alde memmetael to hearren, der yn to sjongen en ús ris út to sprekken, nou komt it wer fester yn ús op, det it net forlern gean mei, det dermei yn ús hwat trochlibbet en yn stan halden wirdt, dat wy fen bern of heechhalden hawwe en graech by ús halde heel ús libben, de ban mei de alde tradysje, de ban mei Fryslan. [4]

De Friezen binne der net for Fryslan, mar Fryslan is er for de Friezen. As wy priis stelle op it biwarjenfen it Frysk, den moat dat net wêze, omt dochs wol in moaije tael is en it sunde wêze scoe, as hja forlern gyng. Mei sa’n argumint moatte wy tige forsichtich wêze. It Frysk moat, libbene tael as it altiten west hat en lokkigernoch yet is, net yn stan halden wirde as in weelde-artikel, as it ding fen kinst en moaijens, it moat net kinstmietich yn it libben bliuwe, it moat libje en as in ding, dat libbet yn ús Friezen, moatte wy it yn eare halde. Net omt de Fryske tael op hjar sels moay is mar omt hja oan ús Friezen it genot jowt fen de utering yn de tael, dy ’t wy sprieken as bern en der ’t wy ta wend binne fen jongs of oan, omt hja in eask is fen de Friezen, dy’t yet noch hjar eigen libben libje en hjar eigen tael waerdearje net om hjar sels mar um ús dy hja net misse kinne, derom moat it Frysk yn stan bliuwe. It docht ús goed, it Frysk to hearren, it is in eask fen ús hert, wy wolle Frysk en omt wy wolle, dat hja bistean bliuwe scil, scil hja bistean salang wy libje. De tael is gjin abstract ding, mar in libben ding. De tael bistiet yn en troch de minsken, dy hja sprekke en dy hjar uterje wolle yn dy tael, dy hjar op mannich eagenblik yn gjin ien tael better uterje kinne, better hjar hert útsprekke kinne as yn it Frysk. Dat is mei it Frysk noch it gefal. For manich doel hawwe wy net sa’n greate bihoefte mear oan it Frysk, wy kinne faek better it Nederlansk of in oare tael sprekke en wy dogge dat den ek mei wille, mar underinoar, as wy as Friezen wer ris byinoar binne, den prate en sjonge wy dochs ris graech yn de alde tael en hearre en sjogge wy klear for ús earen en eagen, det dy tael noch foalop libbet.

En den mei ien eft de oare kinstener sizze, det hy dy tael prachtich fynt, de iene eft de oare spraekkindige, det dy tael biwarre bliuwe moat as skeakel yn de untwikkeling fen de tael, as historysk monumint ef wit ik ho men hja sims al neam net de kinst eft de wittenskip moat us tael yn stan halde, mar us Fryske libben, hwer de tael net yn mist wirde kin. Wy binne der nou ienkear en ik scoe hast sizze, neidet wy nei jierren striid yn it greate forban fen Nederlan opnommen binne, nou moat men ek mar mei ús ompiele. Wy binne der nou ien kear en omt wy yn it greate forban opnommen binne en dat wis ek hwat goeds for ús is, derom moatte wy ús ek hwet skikke en ploaije nei de oaren. Der moat ienheid weze en yn de tael fen Nederlan moatte wy ek thús weze. Wy moatte net mei ús Frysk to keap rinne by ljue dy dat net forstean, wy moatte net sizze, ik sprek Frysk men moat mey mar forstean. Mar wy hoege de ynskiklikens net fierder to fieren as nedich is. Wy binne der fier genoch mei gien en yn pleats det men ús forwyt, det wy partikularistysk binne en ús op ús sels halde, scoe men ús wol priizgje meije det wy sa goed en sa skiklik [5] wierne. Wy binne misskien fierdernoch gien. Mar dat is nou sa. Litte wy de tastan mar nimme lyk dy is. Wy scille net kinstmiettich it Frysk libben ynblieze. Mar wy wolle net mear kwyt wêze den wy al binne en wy moatte redde hwat der to redden is, om for ússels en for dy nei ús komme noch de mooglikens to biwarjen, hjar to uterjen yn hjar alde tael.

Wy dogge dat noch, mar wy fiele sels, det it moaijer en better koe, det wy it Frysk yn ús jonge jierren wol spritsen hawwe, det wy it altiten noch wol kinne, mar wy kinne it amper skriuwe en lêze. Wy wolle it Frysk mar wy bruke einlik de middelen net om it goed bruke to kinnen. Eft ljeaver wy kinne dy middelen hast net bruke. Men moat net miene, det wy op Frysk underrjucht oanstean, omt wy dertroch it Frysk yn it libben halde wolle, yetris it libbet wol en scil noch lang libje, mar omt it, nou ’t it libbet, better en waerdiger libje moast. Hwerom moat ús Frysk sa breklik weze en wy in tael sprekke, dy’t wy net lêze en skriuwe kinne. Dat is gjin tastan, dy soun is. Wy bigripe wol, det it Nederlansk yn de measte omstanniicheden fen ús libben ús omgangstael en us skriuwtael weze moat en wy scoenen ússels lilk to fiter hawwe as wy it Frysk yn it plak fen it Nederlansk sette woenen. Wy leare ek oare frjemde taelen omt wy dy net misse kinne yn ús libben, mar om it Frysk goed to bruken, der hwer wy it frij bruke kinne, der hwer it ús in genot is, Frysk te sprekken en to sjongen, derfoar moatte wy as bern der dochs hwet mear fen leare. It is nou heal en minder den heal wirk. Der scil Nederlan net forkeard by farre. It is for in steat net nedich, det alles yn alles ien is, de mienskip is in organisaesje ef wol men in organisme hweryn skeel fen dielen heelwol talitber sa net goed is.

Ik sei sa nies al, wy binne nou ienkear yn Nederlansk forban. Men moat nou mei ús ompiele en us nimme lyk wy binne, mei ús rjuchten en ús ridlike easken. En dan moat men der frede mei hawwe, det wy in eigen tael hawwe fen alds, dy t miskien wolris stjerre kin, mar nou yn elts gefal noch libbet. En men moat ús dy libbene tael litte en it ús troch wetten net unmooglik meitsje dy op in bihoirlike menier to bruken. Lit it Regier dat mar oan de Friezen oer. Sa dom binne wy net, det wy ús bern der oan weagje scoenen, dat hja minder Nederlansk leare. Men kin yet wol in bytsje fortrouwen yn ús Friezen hawwe. Wy miene en de underfining is der omt to biwizen det it underrjucht yn it Frysk de kinde fen it Nederlansk allerminst yn de war stjurt. Is ús kinde fen de Nederlanske tael minder eft better wirden sunt wy der ris in tael by leard hawwe. Dat moat men nou wer net to fier utstrekke. Men kin net oan it loeijen bliuwe mei in weide, dy net mear as safolle hawwe kin. Sa moat men ek wer net tofolle fen it Frysk leare wolle, mar dochs genoch om us tael leze en skriuwe to kinnen. [6]

Dy eask stamt net fen hjoed de dei. Wy kinne sizze, det it in eask is fen nou rom hundert jier. Wy hawwe for in pear jier it hundertjierrich bistean fierd fen it Friesch Genootschap. Yn itselde jier, det dit Genootskip stifte is, is ek troch de griffier fen de Rjuchtbak to Ljouwert Master Dr. Daniel Beucker Andreae in untwerp makke fen underwys yn it Frysk, sprekken, lezen en skriuwen op alle skoallen fen Fryslan. Mar der wier in great obstakel dat dit plan fiiftich jier net ut to fieren liet. De stavering wier net ien en eltsenien staverde op syn manier. It Frysk libbe do wis sa libben as nou, mar mear as sprektael dan as skriuwtael, omt men einlik net wist, ho men de tael skriuwe moast en troch dat missen fen in ienheid yn de stavering it lezen ek slirnmer wier. Troch de forskate stavering gyng ek de yndruk fen de ienheid fen de tael wei. It scoe noch fiiftich jier durje, for der einliks ienhied kaem. Yn 1879 joech it alde Selskip syn Hantlieding ut for hwa yn ’t Frysk skriuve wol De Fryske Boekstavering en op de bigjinsels fen dizze Hantlieding begunen de Steaten mei it Lexikon Frisicum yn fjouwer steatlike deelen.

Nou binne wy wer fiiftich jier fierder. Wy binne der net op efterút gien, hwet men sims wol miene mei. It Frysk scil mooglik hwet minder spritsen wirde, omt it forkeer ho langer ho mear minsken fen forskate kanten byinoar bringt en nest de Friezen ho langer ho mear net Friezen yn Fryslan komme, dy sels de tael fensels net sprekke, mar mei hwa men ek ngjin Frysk sprekke kin. Mar der bliuwe noch altiten Friezen yn Fryslan en Friezen, dy fen hjar lan en fen hjar tael halde. En it wirdt mooglik minder spritsen, mar wis mear skreaun en lezen. Men stiet der forwunderd oer, hofolle der alle jierren wel né alle moannen, alle wiken, ik kin wol sizze alle dagen oan Frysk skreaun en lezen wirdt. Der binne net mear allinne de Almenakken, de Toanielstikjes fen de winterjounen en de feasten, de lieten en sankjes, mar der binne tiidskriften, moannebleden, bibliotheken, boeken en brosjures by hunderten en net to forjitten de kranten dy hast allegearre op ’e tiid útkomme mei Fryske rubriken. Eltse Fries krijt regelmiettich syn Frysk under de eagen en moaij Frysk, Frysk dat as mezyk yn de earen klinkt, hwer ik graech nei lústerje omt ik dan wer it alde lûd yn de earen krij it libbene lud, dy mezyk is for it Fryske hert. Hwat in moaije lieten wirden der songen. Wy hearre it dizze eigen joun. En der binne lokkigernoch noch Friezen, dy it Frysk ek better sprekke as ik, dy it hast untwend bin. Ik haw al yn safolle lannen en talen omsweefd, det ik it fine gefoel for it alde Frysk, net om it to hearren, mar om it to sprekken hast kwyt bin. Sa[5] moatte jimme my as omswalker buten Fryslan forjaan dat ik net altiten in Frysk sprek as jimme hjir wol easkje koenen. [7]

Hwet in moaije boeken wirden der skreaun. It Frysk hat yn diz tiid in letterkinde as it nea hawn hat. Men mient det it dea is, it is nea sa libben west. It is mei rjucht in kultur-tael wirden. Dy tael hat sin yn it libben fen in Fries. Hy fynt yn dy tael de untjowing fen syn hert. Hy kin der yn lêze, hwer er behoefte oan hat. It scoe in gries weze, as de Fries dy skatten fen syn lan, fen syn tael net geniete koe. En hy kin dy net geniete, as hy de tael net better leart as nou it gefal is. It is einlik in skande, det it sa op in heal urke buten skoaltiid socht wirde móat, wylst it dochs hwat is, dat by de normale untwikkeling fen in Fries heart.

Wy binne in heele stap foarút kommen, do de Fryske Steaten kommen binne mei in frij great subsydzje for de Fryske leargongen. Dat moat men sizze, dy Steaten hawwe under dat opsicht moaij wirk dien yn Fryslan. Troch hjar stipe, dy hja um in geskikt orgaen for de fordieling to hawwen yn de hannen leinen fen in Provinsjiale Underwysrie hawwe hja in great tal Fryske leargongen mooglik makke en yn fleur brocht. De Underwysrie is wol ris biskoge as in instrumint for de bifoardering fen it heger Underwys, hja is ek wol sahwet ut in kommisje derfor fortkommen, mar hjar taek is folle wiider opset en hja hat in haedkursus en in fakansje-kursus ynstelle kinnen dy ‘t nest de kursussen oan allerhande skoallen fen iepenbier en bisunder underwys al heel hwat dien hawwe en noch folle dwaen scille for in better gebruk fen de Fryske tael. Sa bloeit en blomket nou it underwys yn it Frysk al moaijer en moaijer. As men de tallen heart fen dy dielnimme oan al dy kursussen den fielt men, det sa swietsjes wei in heele bulte Friezen hjar tael njunkelytsen heel hwet better skriuwe en leze kinne en wy mei in gerêst hert de takomst ynsjen meije. Hwent den giet it Frysk net dea. Wierne dizze leargongen der net kommen, den scoe ik bang west hawwe, det troch it biswierlike dat lezen en skriuwen den for de Friezen ho langer ho mear opleverje scoe de Friezen starich oan it Frysk farre lieten, it tominsten sa forwurde[6] lieten, det it syn eigen dea stoar, mar nou dat biswier weinommen is, en dat moast, dat wier rjucht for Fryslan, nou leze en skriuwe de Friezen ho langer ho mear wer hjar tael en giet de Fryske tael in nij libben tomiette.

Dochs binne net hwer wy weze moatte. Wy kinne net bigripe, det dat underwys yn it Frysk dat de Friezen easkje en easkje meije, dat troch de Steaten stipe wirdt, yn alheel Fryske formiddens sahwet to sluk jaen wirde moat, gjin plak hawwe mei op de skoallen yn Fryslan, op de skoallen fen Fryske bern. Men hat der gjin biswier tsjin, det om in lyts groepke, dat ne[i] in Gymnasium eft in hegere Boagerskoalle wol, it underwys [8] dat leger underwys hjit, foarbireidend middelbaer underwys makke wirdt, en men makket alle mooglike biswier as for alle bern, dy Frysk leare wolle, for hjar folle libben Frysk leare moatte omt dat de tael is fen memme-skirte, nest it Nederlansk hwat Frysk leard wirdt, fen bilang for alle Fryske bern en op plakken, hwer sahwet alles Frysk is ek fen bilang for dy net-Friezen, dy der fordwaeld binne. Ho wolle dy yn Fryslan mienskiplik oplibje, as hja stiif en steil festhalde gjin wird Frysk forstean to wollen. For de stedden is it hwet oars, dat bigrypt eltsenien. Mar der binne op slot fen rekking mar heel inkelde skoallen, hwer it underrjucht yn it Frysk net op it plak weze scoe. Dat scoe neijer bisjoun wirde kinne. De Underwysrie scil der heel graech mei meiwirking fen de selskippen it each oer gean litte, mar dat kin ik wol sizze, det, der meije inelde skoallen weze yn Fryslan, hwer men sa mar net underwys yn it Frysk op it program bringe kin, der binne dertsjinoer in heele rige skoallen, hwer it in seine weze scoe. Yetris men hoecht net to mienen, det wy dernest gjin plak oerlitte wolle oan it Nederlansk. Sa dom binne wy net en wy scille der de bern fen Fryslan net oan weagje. Mar wy mienen sizze to meijen det in bytsje underrjucht yn Frysk de kinde fen de Nederlanske to goede komt. Itselde sjucht men dochs ek yn oare streken, yn Dutsklan yn Noard-Fryslan. Men kin der like goed Dutsk prate en lezen en skriuwe as hwer ek yn Dutsklan, der hat it underwys yn it Frysk absolút gjin skea oan dien. En sa scil it ek yn Nederlan wêze. Troch dy pear uren Frysk yn de hegere klassen wirdt it taelgefoel untwikkele en troch it skeel dat er is twisken de beide taelen mear de oandacht frege for in bulte dingen, dy nou oan de aandacht untrinne.

Mar lit ik der aenstonds bysizze, det ik net tofreden bin mei Frysk op de hegere klassen. Dat is nedich for it goede gebruk fen de tael, om genot fen de tael to hawwen yn it lettere libben, hwerfor wy op de skoalle dochs leare. Mar der is yet in oare side oan de saek.

Ik sei sakrekt, det it myn miening is, det de kinde fen it Nederlansk net lije scil under it jaen fen inkele uren Frysk yn de hegere klassen, ik gean fierder en siz, det ik fest fen miening bin, det de talitting fen it Frysk yn de allerleegste klassen heel hwet halpe scil om de Fryske bern ta de earste bigrippen fen tael en skriuwen to bringen. Hwerom moat it bern daedlik lezen en skriuwen leare yn in tael, dy alheel frjemd for it bern is. It giet dochs om de letters, om it bigrip, ho under letters in ding ofbield wirdt om troch it bineamjen fen de dingen sa swietsjes wei ta lezen to kommen en ut de wirden de dingen te bigripen. Dat is for de bern al in heele toer. De masters witte derfen. Hwerom dit [9] nou noch slimmer meitsje mei der in frjemde tael for to bruken. It is net to dwaen om Nederlansk to learen mar om lezen en skriuwen to learen. As men derfoar dingen bruke kin ut it daeglikse libben, ho folle mear libbet den dat underwys for it bern. Wy witte ut underfining best, det de Frieze[n] net de sterksten binne yn it oanfielen fen in frjemde tael, der stean om mar ien groep to neamen de Limburgers fier boppe us. As men, lyk as ik nou al jierren doch elts jier de eindexamens fen de hegere Boargerskoallen bywennet, den wit men, det de taelen yn Fryslan net boppe oan stean. Ik scoe hast freegje wolle. Kin dat ek komme, omt wy al daelk de tael op in forkearde manier leare moatte, al daedlik us taelgefoel op in forkearde manier untwikkele wirdt. Mar lit dat weze hwat it is, wier is, det it Fryske bern it allerearste bigjin net noflik makke wirdt en dat it lezen en skriuwen leare moat op in unnatuerlijke manier. For de betteren is dat miskien net sa slim, dy leare it iene en it oare boartsjendewei, mar de minder bigaefden wirde der de dupe fen en binne as in kat yn in frjemd pakhús. Ik doar best in proef oan mei in groepke bern, hwerfen in diel earst lêzen en skriuwen leart yn it Frysk, Frysk sjongt en fen buten leart, lyk as op de leegste klassen brukme is en den earst Nederlansk krijt mei in oar diel, dat daedlik allinne Nederlansk onder de eagen hat en der mar mei ompiele moat. Ik scil graech tajaen, det men it bern net opfiede kin troch yen yn alles oan it bern oan to passen. Mooglik bart dat yn dizze tiid wol hwet tofolle. It is goed for de opfieding, det deryn ek eleminten in plak hawwe dy de bern minder oanstien, hwer hja moeite mei hawwe. It wirdt hjar nou wol tige noflik en maklik makke. En sa mei der nest eigen best ek in frjemd elemint yn de opfieding yn de untwikkeling weze, mar der hoecht men nou net mei to bigjinnen yn sa’n fornaem ding as lezen en skriuwen learen. Wis, it bern moat de wrald yn en wy kinne en meije it net opslute twisken de grinsen fen Fryslan net bine oan de Fryske tael, mar wy moatte bigripe, det de wei nei it forstan fen it bern, troch de sintugen doch fierwei maklikst rint oer de tael fen it alderlik hus.

Men biseft net, hwat it for in bern is, nei jierren noch altiten mei de frjemde tael te sitten sunder earst de eigen leard to hawwen. Ik haw heel lang studearre, mar noch heel lang is for my it Nederlansk in frjemde tael west. Dy tael sit sa djip. As men lang yn it butenlan west hat, en it Nederlans flauwer wirden is, lyk as nou myn Frysk net mear is dat Kalma[7] strakjes hearre litte scil, den komt it Frysk wer omheech as de sterkste. Ik haw der aerdige biwizen fen sjoun en underfoun. [10]

En it plak det dy tael letter hat, as it Frysk wezen al sa ofsliten is, dat plak het it noch folle mear by it bern.

Men hat wolris sein, det as men yn Fryslan Frysk brukt by it earste underrjucht, yn oare provinsjes den ek de geaspraek brukt wirde kin. Dat giet yn it algemien net op. For de oare geaen fen Nederlan is it Nederlansk wol hwet frjemder as it dialect fen de streek, mar it is gjin frjemde tael, lyk as it for de Friezen is, in tael hwer wirden en sibou alheel forskille. Ik kin der hjir nou net fierder op iengean. Ik moat der in ein oan meitsje, omt der noch mear barre moat dizze joun en ik al to lang jimme aandacht frege haw, mar dit wol ik ta bislut noch sizze, det wy iepen each hawwe moatte for it eigene fen it Fryske folts en wy it bern wol net alle frjemde dingen unthalde meije yn syn underrjucht, mar forsichtich weze moatte, mei daediik yn it earste underrjucht de bern mei in frjemde tael oan de earen to kommen. Dat kin folle folle better, as it bern in bytsje fierder is as it lezen en skriuwe kin en den sa njunkelytsen net allinne mei it ear mar ek mei it gesicht skeel heart en sjucht twisken wirden fen forskillende taelen, lyk as Nederlansk en Frysk dochs binne for dat bern.

Der binne nou ien kear Fryske bern. It[8] bern is der net foar de skoalle. De ienheidsskoalle is goed as alle bern gelyk binne. Mar hja binne dat net. Der binne nou ienkear Fryske bern. En de skoalle is der for de bern, ek for dy bern. En derom moat de skoalle rekkenje mei us Fryske easken en bihoeften en moat it Regear oerlizze en neigean ho hja oan de easken foldwaan kin. Hja kin hjar der net ofmeitsje mei te sizzen dat de Friesen der sels mar for riede moatte. It Regear bestelt it program foar de skoalle. As it dat dwaan wol, goed, mar lit it dat dan dwaan yn oerynstemming mei hwat wy easkje en easkje meye. Dy eask is en bliuwt: op skoalle ek Frysk.

Ta heil den fen it Fryske bern, ta bloei fen Fryslan en for in greater genot fen de Friezen fen hjar tael: underrjucht yn de Fryske tael net yn leargongen buten de skoallen, mar op de skoallen, op it bescheiden, mar feste plak, dat hjar takomt.

 


  1. Typescript (NCI OP126.3), 10 pages. Speech, held on 15 November 1930 in Amsterdam (the American Hotel) at a public meeting of the union of Frisian companies outside Friesland (It Boun fen Selskippen bûten Fryslân) on education in the Frisian language. See: Leeuwarder Courant, 17 November 1930. The typescript shows corrections and additions by pencil. We present the corrected text.
  2. ‘unwennichheid’ is corrected to: ‘unwennigens’.
  3. ‘Der is to great forskaet’ is corrected to: ‘It skeel is to great’.
  4. In the typescript underlined with pencil.
  5. This last sentence of the page is added by pencil.
  6. ‘forbjusterje’ is corrected to ‘forwurde’.
  7. Douwe Kalma (1896-1953), expert in Frisian literature.
  8. ‘Wy meitsje hja net. En omt hja der binne, moatte wy dermei rekkenje’ is corrected to: ‘It bern is der net foar de skoalle. De ienheidsskoalle is goed as alle bern gelyk binne. Mar hja binne dat net. Der binne nou ienkear Fryske bern. En de skoalle is der for de bern, ek for dy bern. En derom moat de skoalle rekkenje mei us Fryske easken en bihoeften en moat it Regear oerlizze en neigean ho hja oan de easken foldwaan kin. Hja kin hjar der net ofmeitsje mei te sizzen dat de Friesen der sels mar for riede moatte. It Regear bestelt it program foar de skoalle. As it dat dwaan wol, goed, mar lit it dat dan dwaan yn oerynstemming mei hwat wy easkje en easkje meye. Dy eask is en bliuwt: op skoalle ek Frysk’.

© Nederlandse Provincie Karmelieten

Published: Titus Brandsma Instituut 2022