Missy-ljeafde yn Fryslân

undated (1923-1924)

Manuscript (Frisian)

 


Missy-ljeafde yn Fryslân

[1]


Op de Missy-tentoanstellingen en oare gelegenheden, hwerop it Roomske libben nei foaren komt, sa by de Katholiekendei to Nimwegen, sjucht men as in iepenbiering fen de Roomske krêft de getallen fen de Paters, Broeders en Susters, dy it Heitelan forlitten hawwe om it Ryk fen Christus út to breidzjen oer oare lannen, altiten greater to meitsjen, sadet it op ’t einbislút ien ryk weze mei, ien skieppeweide mei ien harder.

Wy sjugge den, det út ús lytse Nederlân mear as tûsend Paters, mear as tûsend Susters en in 5-hûnderd[2] Broeders hjar libben for de Missy opofferje, Missionaris binne.

Noch net sa heel lang linen hat de iverige Haedredacteur fen ús Noarden ris yn it ljocht steld, hwat dy cifers sizze, det yn dy cifers mear leit as yn de tûsenden goune, dy wy elts jier oan de Missy jowe, det yn dy cifers it biwiis leit, det Nederlân syn hert oan de Missy jown hat, net allinne syn jild, mar syn soannen [en] dochters, syn bloed derfor jowt. Oan gjin teiken kin men better de tastân fen it Roomske libben, syn bloei of efterútgong sjen as oan de roppingen [2] ta de heechste uteringen fen de Roomske geast fen offer en ljeafde. Der is in sprekwird, det seit det it folk is as syn priesters, mar yn dy wirden leit ek det elts folk yn syn priesters syn egen libben sjen lit, det om to witten, ho it folk yn syn godstsjinstige gefoelens is, men mar to freegjen hat, hwat for prysters út det folk komme, hwat for roppingen men dêr sjucht, ho men dêr dy roppingen stipet.

Wis men kin yn dizze tapassingen to fier gean. Men moat nea forjitte, det de ropping in stim is fen Ús Ljeaven Hear en det de Geest Gods syn stim hearre lit, hwer Hy wol.

Wis wy kinne op heide yn bewûndering stean for it moaije heidekrûd, prachtich kin weze it útsjoch op pas ûntgonnen groun hwer hûnderten lupinen hjar gile kopkes omheech hâlde, mar men siket der gjin roazen, gjin blommen fen kultuer, sa sykje en fine wy gjin roppingen ta heger dingen by en folk, dit gjin djippe godstsjinstige oertsjûging hat.

By de krekt bikearde stammen fen heidenen mei men Christenen fine, dy ús troch hjar gelove en ljeafde for ús Ljeaven Hear biskamje. Wy meije by hjar martelers fine by Gods Genade, oer it algemien moat men, [3] sjucht men en is it regel for de missionarissen det men fen it earste geslacht noch gjin prysters to hoopjen hat, omt de Roomske sin noch net djippernoch yn it folk libbet. Fryslân tidens Willibrordus [Missy[3]].

Mar as det den sa is en wy as Nederlanners great gean meije op it greate tal roppingen ta pryster, broeder en suster, hwat meije wy Friezen den net greatsk weze, net om ús der op to ferhoveardichjen, né, hwant hwat wy binne, binne wy troch de genade fen boppen, mar wy meije dochs op de greate genaden dy ’t ús Ljeaven Hear ús joech it each ris falle litte om der tankber for to wezen en ús best to dwaen ek yn de takomst oan dy Genaden to beantwurdzjen.

Nederlân hat in goede twa miljoen Katholieken, Fryslân in hûndertste derfen [sa’]n 25.000. Nederlân hat 1000 pryster-missionarissen, 1000 susters-missionarissen, 800[4] broeders. Fryslân scoe om gelyk to bliuwen mei de oare streken fen it lân ek in stik as tsjien pryster-missionarissen, ek stik as [in] tsjien susters en v[5] broeder[s] yn de Missy hawwe moatte. [4]

As ik it Programmaboek fen de Frimidale der op neislaen, sjuch ik der ek toalf pryster-missionarissen forneamd. In plaetsje derby fen trije Franciscaansche Fryske Missionarissen lefert al daelk it bewiis, det de lyst fier fen folledich hjitte mei. Toalf Fryske pryster-missionarissen, as it sa wier, dan hie men Fryslân neat to forwiten, dan hie it mear as syn oandiel nei efenredichheit fen syn oantal Roomsken. Mar it liket der net nei. Yn pleats fen toalf binne it wol 25.

Ik begjin mei in oarder, dy allinne al acht Fryske missionarissen hat, fjouwer yn Brazilië en fjouwer yn China, de oarder dy op ’t foarbyld fen hjar hillige Stifter altiten it Missywirk as in heel fornaem diel fen syn ropping achtte; de oarder fen de Franciscanen. Yn in Brazilië binne Bertholdus Wartna, Serafinus Lunter, Serenus Teernstra út Boalsert en Gualbertus Schoonhof út Harns. [5] Nei China binne tein Columbanus Postma út Boalsert, Gabriel Kuipers út Burgert, en Theodolus Zeinstra út Peins, nei in oare Missy yn China Pater Eugenius Lunter út Boalsert.

Hja koene allinne it lystke fen tsjien foal meitsje as de dea hjar yn 1909 net Pater Marinus van der Klei[6] út Boalsert, yn 1910 Pater Theodorus Riepstra út Frjentsjer, beide missionarissen yn China ûntnommen hie.

En oarder fen Sint Franciscus binne ek de Kapucinen. Fen de inkelde Fryske Paters, dy hja hawwe wier Pater Eleutherius Holstra út Steggerda fen 1912 – 1914 te Tandjong-Sakti op Sumatra en allinne [de] syktme Yndyske spruw hat him needsake werom to kommen.

Nei de Paters Franciscanen en Kapucinen mei ik hjir wol de Sint Josephs Kongregaesje fen Mill-Hill forneame, yn Fryslân mear bikend as de Kongregaesje fen Mgr. Aelen of fen Roosendael ûnder hja mei wol it [fo]arste plak jown wirde oan father Ignatius Brouwer út (Mirns by) Bakhusen dy yn de Missy fen Mgr. Aelen yn Madras noch altiten, alhowol 72 jier âld, syn krêften oan de Missy [6] jowt. Den komt ien, dy sels ta de hege waerdichheid fen Apostolysk Prefekt fen de Missy yn Kashimir yn Engelsk Yndië útkeazen waerd, Mgr. Dominicus Wagenaar út Wâldsein, op it oogenblik Direkteur fen it Missyhús op Vrijland by Arnhem. Nei dizze twa komme oare trije, dy mei hjar trijen yn 1899 nei de Boppe-Nijl yn Afrika teagen, father Lambertus van der Kallen út Ljouwert, nei 13 jier Missywirk troch syktme twongen nei Europa werom to gean en nou yn Ingelân, Father Herman Drontman, ek út Ljouwert, dy der oan ’t forline jier ta arbeidde en nou om syktme in mylder[e] streek socht en foun yn Súd-Afrika, hwer hy nou noch hinne giet[7], einliks ús heech-achte neef Father Gorgonius Brandsma út Snits, letter to Boalsert, dy op ’t oogenblik, nei 15 jier yn Oeganda west to hawwen Overste is fen de Missy yn Congo.

De sechte fen dizze Kongregaesje is Father Gerard Bouma út de Jouwer, earst Missionaris yn Oeganda letter yn Britsk East-Afrika, nou yn Aloër. Eltse dei hat dizze “prachtmissionaris” sa’t ik him neamen hearde 500 heidenen yn syn katechismus. [7]

Fen de Paters Dominicanen binne trije Friezen yn de Missy Pater Joseph v.d. Veer, al 30 jier op Curacao, Pater Angelus ten Brink ûnder de melaetsken fen Trinidad, beide út Ljouwert en Pater Henricus Smit út Dokkum dy jierren yn Portorico wier en nou yn Californië is.

Fen de Wite Paters binne yn Fryslân wol bikend de beide broerren Henri en Balthasar Drost út Harns, de earste yn Kigoma yn East-Afrika, de twadde yn Oeganda.

Us egen oarder, dy fen de Carmeliten hat ek noch twa Fryske Paters yn de Missy fen Brazilië; Carmelus Lambooij út Ljouwert, dy acht jier yn de binnenlannen op de Boliviaenske grinsen, op ‘t oogenblik oan de kust fen Brazilië wirksaem is en Pater Mattheus Ketelaer út Wytgaerd yn Rio de Janeiro, wylst inkele jierren linen Pater Leo Kuipers út Warkum, ek Missionaris yn Brazilië, tidens in koarte fekânsje to Nimwegen hastig stoar.

As Redemptoryst is as Missionaris wirksaem Pater Jacobus de Boer út Huizum by Ljouwert, [8] dy ûnder de Ruthenen fen Polen arbeidet.

Yn de Congregaesje fen de H. Geest wier de earste Hollânske Missionaris de Fries N. Walta, dy ’t op ’t oogenblik yn Katanga is yn Belgyske Kongo. Howol net yn Fryslân berne is hy lyk as syn Confrater Pater Teernstra yn it Missyhus to Weert, lyk as hjar nammen sizze fen de âlde fryske stam, sprekke frysk en binne as ik my net forsin ek lid fen ús Boun.

Ta de eigenlike Fryske Missionarissen wol ik hja net rekkenje, mar hja oerslaen mocht ik ek net. Pater Taeke de Vries út St. Nicolaesgea professor.

By de Paters fen Steyl wirdt de ear fen Fryslân ophalden troch Pater Johan Bouma út Hearrenfean (?) dy jierren Missionaris en Overste yn Larantocha op ’t eilân Flores wier en nou Direkteur is fen it Missyhús yn Uden.

Út it Missyhús fen Tilburg fen de Missionarissen fen it H. Hert is Pater Tsjerk v.d. Meer út Irnsum wirksaem op it eilân Mindanao, ien fen de Philippijnske eilannen, wylst Pater Molenaar út Snits to Sittard altiten noch to wachtsjen sit om nei de Missy stjurd to wirden. [9]

Yn de selde kondisje as Pater Molenaar forkeare twa Paters Lazaristen yn it Missyhús to Zûndert Pater Richardus Zeinstra út Harns en Pater Paul Muiser út Ljouwert.

Fen de prysters fen it H. Hert moat noch forneamd wirde Pater Kuipers út Greonterp die sûnt 1915 yn de Sweedsche Missy yn de stêd Göteborg arbeidet. [10]

Gean ik dit lystke nei, den sjuch ik det ûnder de opneamden 23 Paters Missionarissen noch actyf Missionaris binne yn it bútenlân wirksum wylst seis wol Missionaris binne, mar troch omstannichheden yn it heitelân festhâlden wirde. Van dizze seis binne twa al jierren yn de Missy west, sadet men dy dochs wol ta de wirklike Missionarissen rekkenje mei. Hjirby kom ik dos oan 25 for Fryslân allinne. Ik scoe hjir noch byrekkenje kinne prysters as Ate Gerritsma, dy om syn prysterlike ropping to folgjen nei Canada, letter nei Californië gyng en der noch altiten yn Los Angelos yn de sielsoarg arbeidet. Sokke binne der allicht noch mear.

Sûnder nei ús ta to heljen meije wy dos frei sizze det Fryslân, it lytse Roomske Fryslân 1 Missionaris op de 1000 Roomsken hat, det beteikent det op de 200 húsgesinnen 1 in pryster-missionaris hat. [8] [11] Broeders kin ik mar twa neame, Broeder Wiro Rijpkema fen de Kongregaesje fen de H. Geest yn de Missy fen Katanga yn Afrika en Br. Sebastiaan (Sybren) van der Meer út Ljouwert (Irnsum?) fen it Missyhús fen Tilburg, wirksum op de Kei-eilannen.

Dit oantal scoe men greater winskje kinne, mar it is miskien ek wol greater. En as it net greater is, dan scoe ik derby sizze wolle, det soks komt troch de omstannichheden, det der yn mear dan ien Kongregaesje noch Fryske broeders wachtsje op verlof fen hjar Oversten om daelk nei de wylden to gean. Ik wol hjir gjin nammen neame, it scoe yndiskreet weze, mar de biwizen haw ik hjir by my. [12]

En de Susters! By de Susters Ursulinen yn Halfweg binne twa Fryske Susters. Beide gyngen nei de Missy yn ús East, Soeur Marie Johanna (Veronica de Vries) út Snits nou yn Meester Cornelis en Soeur Marie Regina (Suzanna de Jong) út Hemelum nou to Weltevreden[9].

Fen de Wite Susters libbet noch altiten de gedachtenis oan de trije susters út ien húshâlden Griet, Veronica en Johanna Hettinga út Dongjum. De earste Soeur Francisca stoar al yn 1898 to Attafs yn Noard-Afrika, Johanna na[e]m hjar namme oer, mar gyng noch fierder Afrika yn nei de Kongo hwer hja yn 1909 ek foel to Kasongo. Veronica hat Ús Ljeaven Hear oan de famielje noch litten. Soeur Tarcisius wier lang Overste to Beni-Ismael yn Kabylië yn Noard-Afrika mar is op ’t oogenblik yn Dútsklân to Karlstall. In tredde Suster Francisca út deselde famielje, in nicht fen de twa earste wier Griet Popma út Burgert. Hja is Overste to Monyaga yn Midden-Afrika. [13] De famielje Drost út Harns joech in fyfde Wite Suster yn Cecile Soeur Ignace sûnt jierren yn de Kongo.

De Missy Susters fen Steyl hawwe ien Suster Zr. Xaveriana (Cath. v.d. Sluis) út Harns op de lytse Soenda-eilannen, ien fen de seis dy der de Missy bigonnen,. 5 meitsje hjar yn Steyl foar it Missywirk klear en wachtsje op de earste gelegenheid om derhinne to gean. Zr. Libertina (Cecilia Jorna) út Wytgaerd, Zr. Bonefacia (Juliana Fluitman) út St. Nicolaasgea en Zr. Mengolda (Margaretha v.d. Zweep) út Wytgaerd, [inclusion page 13v] fen Steyl noch: Suster Therese (Regina de Both) Ljouwert, Suster Richtrudis (Jorritsma) Ljouwert. [continuing on page 13]

By de Susters fen it H.Bloed is Moeder Willibrorda (Siebrigje Brandsma út Boalsert) troch hjar bineaming yn de haedraed fen de Kongregaesje de earste jierren noch forhindere nei de Missylannen yn Afrika to gean.

Wy stean hjir op it getal fyftjin, fen wha njoggen al yn [it] bútenlân binne, de seis oaren noch wachtsje. [13v]

De Franciskanessen fen Roosendael hawwe ien Suster yn de Missy, Suster Maria Benedictine (Johanna Maria Zeinstra) út Harns.

De Franciscanessen Missionarissen van Maria telle ûnder hjar leden twa Susters út Boalsert, Suster Damiana (Rosa Lunter) dy lang yn Bethlehem wier, nou Provinsiaal Overste is yn Spanje en Suster Theodosa v.d. Zee? dy op ’t oogenblik yn Antwerpen is.

Heythúsen: Sr. Clara (Tryntje v.d.Meer) út Irnsum, 3 yn Missy; twa broers en 1 suster, Djocjakarta, Java.

Akke Jorna, Boalsert
Antje Jorna, Boalsert
Indië Ursulinen? (Venray) [14]

Kinne wy al mear as tofreden weze oer it oantal, det fen Paters, Broeders en Susters op it oogenblik út Fryslân yn de Missy is – in fyftich – ek yn de takomst scil dy ear fen Fryslân wol handhaefd bliuwe. Ik kin hjir net to folle bisûnderheden meidielen. Op roppingen rint men net graech foarút, mar sommige binne al sa fêst det men der op rekkenje mei. Op myn fragen oan de ûnderskate Missy-juvenaten en postulaten hearde ik safolle bimoedigens, det ik wis bin, det der noch lang fyftich Missionarissen weze scil[le], mooglik, nei hast seker binnen inkele jierren noch heel hwat mear. wol 60 – 70

It scoe in segen weze for de Missies, it scoe ek in segen weze for Fryslân, hwant dy roppingen binne it biwiis, det de Roomske offerfeardichheid en ljeafde noch by ús Friezen libbet.

Ik herhelje: it scoe in segen weze for de Missy. Friezen bigryp det yn jimme egen bilang en yn it bilang for de prachtige saek. [15]

De Missyhúsen sjugge ús sa graech de stap nei hjar doar setten. Jow ús Friezen, scoenen hja roppe wolle. Wy hawwe noch gjin Friezen genôch. “Wij hopen op uwe medewerking te mogen rekenen, waar de gelegenheid zich voordoet in Friesland roepingen voor onze Congregatie te winnen.”skreau de Susters fen Uden.

“Wij verlangen er zoo naar om meer hulp te krijgen bij ons werk. Wij hopen Eerw. Pater, dat U ook de Witte Zusters wat meer zult doen kennen.” “Wij hebben een halfjaarlijksche Kroniek van onze Missie. Dat kleine boekje is bijna niet bekend in Friesland. Wat zouden wij U dankbaar zijn, zoo U dat wat meer bekend kondt maken.” (Witte Zusters Esch) “In ons noviciaat hebben wij momenteel geen leden uit Friesland. Heel aangenaam zou het ons zijn, Eerw. Pater, als U onze Missie wier doel vooral het onderwijs der jeugd in Nederl. Indië is, wilde aanbevelen.” P.Raymakers schr[eau]: “Wij hebben, jammer genoeg, niet één Fries in de Congregatie. Kunt U ons niet een handje of een woordje helpen.” – Br. Silvester van Huybergen schrijft: “Onze Congregatie is helaas maar stiefmoederlijk met [16] Friezen bedeeld. Mogen weldra vele flinke Friesche jongens tot onze Congregatie toetreden.” Soeur Egberta uit Roosendaal schrijft p/o de Alg. Overste: “Het zou ons een uiterst groot genoegen zijn, als wij U eene lange lijst Friezinnetjes konden opgeven, die in onze Missiën arbeiden. Wat zouden wij U dankbaar zijn, Eerw. Pater als U er ons eenigen kon bezorgen.”

’t Scoe sokke oanhellingen út de brieven, dy’t ik krieg noch genôch mear jaen kinne, mar ik mei net to lang prate, om’t der nog mear punten binne hweroer ik in inkeld wurdsje sizze moat.

Al haw ik, Fryslân sjen litten it heechste en kostbaerste jaende, hwat it jaen kin en folgt der genôch út, det it mindere den net forjitten wirde kin, dochs wol ik noch even inkelde cifers bringe, dy ek hiel hwat sizze:

For it Genoatskip for Foartplanting fen it Gelove is yn Fryslân yn it jier fen Peaske 1920 ta Peaske 1921 sa om 6 ½ tûzend goune byinoar brocht. [17]

Ljouwert Bonifacius 560,–
” [Ljouwert] Dominicus 30,–
Harns 335,–
De Ryp 115,–
Dokkum 65,–
Frjentsjer 1,50
Jirnsum 130,–
Easterwierrum 125,–
Wergea 245,–
Wytgaert 270,–
Nes (Ameland) 170,–
Dekenaet Ljouwert 2050,–


Snits 695,–
Blauhús 280,–
Reahús 300,–
Boalsert St. Martinus 10,–
” [Boalsert] St. Franciskus 5,–
Wytmaersum 75,–
Warkum 85,–
Wâldsein 115,–
St. Nicolaesgea 370,–
Heech 145,–
Bakhusen 295,–
Balk 220,–
Lemmer 210,–
[?? 155,– [10]]

Dat is yn dizze twa Dekenaten mear as 200 fl. eltse parochy. De fjouwer reguliere parochies scille wis net for dat gemiddelde ûnder dwaen wer dy de Missies fen Dominikanen en Franciskanen stypje. Dat bringt de somme al daelk 800 fl. heger.


Dan komt it Dekenaet Hearenfean.

Hearenfean 65,–
Frederiksoard 50,–
De Kúnder 70,– [11]
Steggerda 190,–
Wateren 35,–
Wolvegea 200,–
610

Dat is mear as in goune per husgesin for dizze broederskip [??[12]] [18] Eltse parochy bitellet syn efenredich diel.

Yn de Ynlieding ta it programmaboekje fen de Frimidale skreau Deken Vaas, dat as de belangstelling yn it Missywirk groeid is ta dustane wirkdadige ljeafde det dan it Fryske folk sjen lit, det er op Fryske groun libje wirdige bern fen Willibrord en Bonifacius. Ik mien hjir mei folle rjucht sizze to meijen ’t Fryske folk hat mear dien as belangstelling sjen litte, it hat jown it beste hwat it hat en hwat it hie, syn libben en syn bloed, it greatste biwiis fen syn ljeafde. Fryslân is wirdich det ien kear Willibrord en Bonifacius it it Roomske Gelove learden. It hat it ljocht net ûnder de miette set, mar it bringt it yn alle wrâlddeelen.

Mar Fryslân docht noch mear. Frisia non cantat. Fryslân verkondicht it net fen it dak, Fryslân giet beskeiden syn gong, Fryslân is stil, mar oprjucht, it jowt syn bern oan Ús Ljeaven Hear, dy nei ’t hert sjucht. Mar as Fryslân dat offer bringt, dan bringt it mear, dan draecht it hillige Missen op, giet mei oan om troch egen foriening mei Ús Ljeaven Hear Him to bringen ûnder de minsken, Fryslân bidt for de Missies. Ik kin it net biwize, mar ik wit it. Jimme wite it allegearre. Fryslân bidt for de Missies. [19]

Dy in soan, in broer of suster oan Ús LjeavenHear joegen for it Missywirk, dy freegje Him ek om syn seine. Dy fielt him ien mei it Missywirk, dy sjucht út nei syn bloei, libbet mei mei syn leed, stipet hwer hy kin.

Men moat de jildlike stipe net allinne ôfmiette nei de bydragen for de algemiene Missygenoatskippen. Júst hwer Fryslân safolle egen Missionarissen hat, jowt men it ljeaver rjuchtstreeks as lâns de greate omwei. Men wit det men it yn de Missy fen syn neibisteanden sa nedich hat en rint net fierder.

Fryslân ûntkomt net oan de algemiene wet, det hwer folle Missionarissen binne, men rekkenje mei det in great part fen de giften nei de partikuliere Missy-aksje gean. Men kin den ek ûnmooglik sizze hwat Fryslân jierliks oan de Missy jowt. De seis of sawn tûsend goune fen de Foartplanting binne der wis mar in heel lyts diel fen.

Yn 120 parochys fen it Aertsbisdom binne afdeelingen fen it Liefdewerk fen de H. Petrus, 7 yn Fryslân, Bakhusen, Harns, Ljouwert, (beide parochies) Makkum, Wâldsein en Snits. Út Frjentsjer is ien beurs sticht fen 2500 gld. In oare sines stifte in beurs by de Missionarissen fen de H. Geest.

En hwat lêst men yn Fryslân oer de Missies.

Ik wol net mei lange lijsten cifers komme, [20] mar siz doch frij: fen inkelde Missyboekjes giet it by tsjientallen, fen de measte gean eltse moanne hûndert, né hûnderten nei Fryslân, 175 exemplaren fen it boekje fen de H. Kindsheid hâlden by de bern de ljeafde foar de Missy levendich. En Missy-Almanak fen Steijl, fen Tilburg en in oar Missyhús, fynt men der hast yn alle húsgesinnen.

De Missy-skeurkalinder hat hjir ek by hûnderten ophongen. En dat dy syn virtuten docht, skreau my ien fen de Missyhusen, dy út Steggerda in flinke gift krigen, do op de Missy-skeurkalinder hjar Missy oan de beurt kaem mei in stikmannich plaetsjes.

Yn de ûnderskate Annalen dy de giften meidiele dy ’t hja eltse moanne krije, sjuch ik mear as iens fryske nammen, fryske stedden. Greate giften stean nêst lytse. Nêst giften fen fl. 100,– fen in ryk parochiaen fen Frjentsjer for de earme Susters fen it Hillich Bloed, fl. 1,– fen in faem for itselde doel.

Dan sjucht men wer de opbringst fen Missybusjes, ophongen yn hús, yn in winkel, dizzer dagen seach ik yn de Annalen fen Tilburg 9,– út in busje fen de Werkliedevereeniging to Harns.

En sa komt fen alle kanten elts syn stipe bringen oan in Kongregaesje dy betreklik noch net sa folle yn Fryslân bekind [is ??[13]] [21] Missy. Noch in inkeld foarbyld, fen hwat men yn Fryslân docht, hwat men der dwaen kin. Yn lytse parochie fen noch gjin 1000 Kommunikanten wirde fen ien Missy-almenak 160 exemplaren forkocht. Al tsjien jier wirden troch dy parochie de kosten bitelle fen de opleiding fen twa pryster-missionarissen. By de útjeften fen ien fen de lêste missy-brochures forkocht men der fen dy brochure 400 for de fêststelde priis fen in kwartsje en krieg by dy gelegenheid noch hûndert ryksdaelders oan giften. En ik scoe net graech sizze, det dy parochy nou in loflike útsondering makket. Hja is to priizgjen, mar der binne sa mear.

En hofolle zelatrices hat it Missywirk yn Fryslân net. ’t Is wier, hja binne net allegearre hwat hjar namme seit. Ien Kongregaesje skreau my: “Wij hebben in Leeuwarden verschillende zelatricen, maar zij werken heel weinig. Er wordt ons maar al te dikwijls gezegd, och er zijn al zooveel annalen enz. van de Missie”. Ik wit net oft dy útlitting, hja mei for dy betreffende Kongregaesje minder plesierich en aerdich weze, om’t hja wol graech hjar part en [22] mooglik mear fen de algemiene sympathy for de Missien yn Fryslân, mar dy útlitting wiist der op det fen alle kanten de Missy-boekjes en Annalen nei Fryslân stroome, op gefaer ôf, det de ien de oare in bytsje fordringt. ’t Is better to folle as to min en al scoe eltse zelatrice de Missy dêr sy for arbeidet noch in greater part fen de sympathy ta hawwe wolle, ik leau net, det der ien is dy hjar boekjes net plakt wit to krijen om’t men net for de Missies fielt , né, mar om’t men al safolle fen dy boekjes, en hwat it mear is, hat.

Sjuch, dat binne lokkige teikens.

Ik hoopje, det men de doarren noch wider iepen set, det gjin ien Missy de doar fen in Fries ticht fynt, al binne der ek noch safolle al takommen, mar ik moat dochs ta de eare fen Fryslân sizze det miskien gjin Provinsje fen ús lân de doar sa let for him ticht docht as Fryslân.

Mei dan lang de Missy-geast yn Fryslân bloeije ûnder de oanbifeling en lieding fen syn geestlykheid fen hwa ien regulier fen Boalsert, ien sekulier to Warkum, sels jearren de ien yn it Súden, de oare yn it [23] Noarden Missionaris wieren, dy hast allegearre yn hjar parochy in soan of in dochter yn de Missy of yn in Missyhús hawwe en dy ropping stipen mei alle middels, dy derfoar frege waerden. Dat is in waerboarch det de ljeafde for de Missy yn Fryslân bliuwt en de Fryske namme heechhalden wirden scil oer alle oorden fen de wrâld, hwant gyin greater eare for Fryslân den det it syn diel hat en hâldt om de wrâld it heechste, it fornaemste, it allinne-nedige to bringen, Ús Ljeaven Hear fen wha wy en for ús sels en for hiel Fryslân troch de foarbede fen de Hillige Ljeaffrou, Fryslâns âlde Patronesse en de Middelaresse fen de genede, de genede freegje it hert fol to hâlden fen ljeafde for God en de útbreiding fen syn Ryk.


  1. Manuscript (OP 127-2), 23 pages of a notebook, undated [1923-1924]. The manuscript shows many corrections. We present the corrected text; main corrections are presented in footnotes. Later additions we present in italics. Titus Brandsma uses hardly no diacritical marks in this handwriting; we add those diacritical marks. At some pages the first characters at the left margin of the page, or the bottom line of the page, cannot be read.
  2. ‘achthunderd’ is corrected to: ‘5 hunderd’.
  3. The word used in the manuscript is unreadable.
  4. Above, 800 is corrected to 500.
  5. ‘acht’ is corrected to ‘v’.
  6. In the manuscript: ‘Marinus van der Kleij’.
  7. Out of this remark may we conclude that the manuscript is from about 1923-1924.
  8. Crossed out: ‘En as wy dan neigeane ho de Frysken húsgesinnen oaninoar besibbe binne, den meije wy derút wol beslute, det eltse Fries in neibisteande yn de Missy hat. [11] En dan praat ik noch net fen de Susters’.
  9. ‘Meester Cornelis’ and ‘Weltevreden’, now Jakarta.
  10. The manuscript lacks the bottom lines of the page. Perhaps Jouwert and/or Sleat were mentioned. The sum of the stated amounts of 'Dekenaet Snits' is 2.960,–
  11. Crossed out are: ‘Meppel 65,–; Oldemarkt 270,– ; Steenwijk 160,–; Steenwijkerwold 75,–’. Perhaps TB crossed them out because these parishes of het diocese are clearly situated outside Frisia. However, also Frederiksoord, Kuinre and Wateren are [officially] not situated in Frisia.
  12. The manuscript lacks the bottom line(s) of the page.
  13. The manuscript lacks the bottom line(s) of the page.

© Nederlandse Provincie Karmelieten.

Published: Titus Brandsma Instituut 2021