1939
Article (Frisian)
Pater Brugman yn Fryslân
Hy libbet yet yn de folksmûle, dy’t biwarre hat, det in goed sprekker it sterkst oantsjut wirdt mei fen him to sizzen: “hy kin prate as Brugman”.
Dat moat den wol in sprekker west hawwe, det nei safolle ieuwen syn rom yet net útstoarn is.
Oer dizze reedner, dy’t mannichien amper fierder as by namme ken, scoe ik hjoed graech hwat mear fortelle, det hy wer libbet yn ús foarstelling.
Hy is net in man allinne fen Fryslân.
Mar yn Fryslân mei er dochs wol in apart plak hawwe omt er dêr wol heel bisûndere fortsjinsten hat op mear as ien gebiet.
Hy is gjin Fries.
It mei wol as wis oannommen wirde, det Pater Brugman berne is to Kempen, itselde stedtsje, dêr’t de net minder bikende Thomas van Kempen to wrâld kommen is. Beide binne boppedet tiidgenoaten, al scil Thomas in bytsje earder berne wêze. Thomas is in tweintich jier âlder wirden as Brugman en stoar yn 1471, Pater Brugman al gau dernei yn 1473. Thomas wier 91. Ho âld Brugman wier, wit men net sa krekt. Hy wier by syn dea lykwols ek in âld man. Men tinkt: in goed sauntich. Yn 1462 neamt hy himsels “in man op jierren”, yn 1470 “in earm âldman” en koart foar 1473, syn stjerjier “in útlibbe man, troch de jierren fen syn kreft ûntdien en net mear yn steat, in pinne oan to puntsjen” m.o.w. yet in bihoarlik brief to skriuwen. Wy moatte ek net forjitte, det hy yn 1464 al syn offysje fen Provinsiael Vicaris fen de Observânsje delleit, omt er net mear kin.
Brugman moat dos wol berne wêze oan ‘e ein fen de 14de ieu ef yn de alderearste jierren fen de 15de.
Fen syn jonge jierren witte wy net folle. Ut syn eigen tsjûgenis lykwols kinne wy fêststelle, det er yn Parys de hegeskoalle bisocht hat en dêrnei kleasterling wirden is yn it oarder fen Sint Franciscus. Yn in konferinsje, dy hy hâldde for de skoalle fen de Broerren fen it Miene Libben to Dimter, yn Hs. biwarre to Den Haech yn de Keninklike Bibleteek en útjown troch Ds. Wybrands yn: Archief voor Nederl. Kerkgeschiedenis, I (1885), bls. 225, seit Brugman sels:
“Similiter sit unusquisque circa aviditatem studendi et studium nimis protrahendi. Nam universalia studia bona sunt; scientia ibi acquiritur, sed raro virtutes. Ego vellem, me tempus meum, quo Parisiis[2] studui, in Daventriensi studio expendisse, nam hic scientia et mores et virtutes docentur, que sunt utiliores sciencia”[3]:
“Sa moat eltsenien (for- [162] sichtich) wêze yn de lust to studearjen en de stúdzje oan to hâlden. Universiteits-stúdzjes binne bêst, men krijt der wittenskip mei, mar komselden deugden. Ik woe, det ik de tiid, det ik to Parys studearre haw, bistege hie yn de skoalle fen Dimter; hjir wirde wittenskip en seden en deugden leard, dy’t tsjinstiger binne as wittenskip”.
Ik kin hjir net neijer yngean op de swierrichheden, dy’t dizze iepene forklearring fen Brugman meibringt. De namme Brugman komt yn de listen fen de Pariser Hegeskoalle net foar. As hy der dochs west hat en dat seit hy sels dúdlik genoch, den moat hy wol oantsjut wêze ûnder de namme ‘de Ponte’, dy’t yn syn tiid trijeris foarkomt, mar net út it diocees fen Keulen ef Utert. Det er him yn Frankryk ‘de Ponte’ neamd hat, is heel oannimlik. As er âld is, skriuwt hy sels “pali pontis emarcuerunt” “de peallen fen de brêge binne to’n ein”. Dionysius de Karthúser neamt him yn syn opdracht fen de ‘Doctrina Christiana’ op forsiik fen Brugman troch him skreaun, ek in ‘pons’ in brêge. Yn in Hs. to Berlyn, Hs. Oct. 29, fol. 3, is hy ek oantsjut as Jan Brug, dat lykwols ek in ofkoarting wêze kin. Wy moatte der yn elts gefal mei rekkenje, det hy ûnder de namme ‘de Ponte’ bikend west hawwe kind hat en himsels dy namme jowt.
Brugman is letter Franciskaen wirden. Yn hwatfor kleaster? Men mient altiten, det dat wol yn in kleaster fen de Keulske OardersProvinsje west hawwe scil. Hy is yn it gebiet fen dy Provinsje berne, hy is letter fen dy Provinsje de gloarje wirden. Mar ik bitwivelje dat dochs, foaral omt wy him letter yn St. Omer fine en hy yn dat kleaster de strangere Observânsje oannommen hat. Dat, forboun mei syn stúdzje to Parys, hat my op it idé brocht, det hy mooglik as bern ef as jonge mei syn âlders nei Frânsk Flaenderen gien is, mooglik yet fierder Frankryk yn en det er sa yn St. Omer bilânne is. Ik haw al nei St. Omer west, mar bin der yet net efter. Ik hoopje der letter yet wolris meidielingen oer to dwaen. Neffens lettere bikintenissen fen Brugman, scoe ek it kleaster fen Amsterdam yn oanmerking komme for Brugmans yntré, mar it liket, det hy dêr mear doelt op syn studinte-tiid. For ús doel is it genôch to witten, det hy fen Parys nei it kleaster gyng, mar earst syn yntré die yn in kleaster, dêr’t de Observânsje net sa bjuster wier. It wier krekt yn de tiid, det by de Franciskanen in strangere ûnderhâlding fen de Regel propagearre waerd. Hilligen as Bernardinus fen Siena en Joannes fen Capistrano kamen nei Frankryk en de Nederlânnen, om der hjar Broerren dêrre geastdriftich for to meitsjen. It wier net sûnder firtuten. It earst naem it kleaster to St. Omer, dat fen de Flaemske ‘custody’ of krite fen de Franske Provinsje wier, de strangere Observânsje oan, dat [163] wier yn 1414–1415; yn de Nederlânnen dûrre it yet oant 1439 ta, foar’t to Gouda it earste kleaster de Observânsje oernaem. Dy Observânsje-biweging dêr’t de oanhingers Observanten fen neamd wirde, makke, det de minder strange, dy’t oan allerhande privileges fêsthâldden ‘Gaudenten’ neamd binne. Dat wird wirdt net altiten goed forstien en hat soms wol in klank, dy’t de namme net ynslút. De ‘Fratres Gaudentes’ binne de ‘gaudentes privilegiis’, ‘de Broerren, dy’t oan de dispensaesjes fêsthâlde’. Dat hoecht alheel net to slaen op in misbrûk ef in net goed bilibjen fen de kleaster-regels. Hja hiene fen ûnderskate Pausen, mei it each op de tastân yn forskate lânnen, dispensaesje krige yn inkelde fen de strangste regels om den fjirder in heel regelmiettich en stichtlik kleasterlibben to ûnderhâlden. Dy dispensaesjes binne gjin opbloei en gjin foarútgong, mar taeste dochs it wêzen fen de Regel net oan en litte it kleasterlibben yet earbiedwirdich genôch. Mar lyk as hja al in teiken fen swakker libben wiernen, laetten hja ek hjir en dêr ta fierder forfal en sa sjugge wy, lyk as to forwachtsjen is, as der ûnder de Franciskanen kleasters yn forfal reitsje, det dat den ‘Gaudentes’ binne, fensels gjin ‘Observanten’, dy’t krekt in stranger bilibjen fen hjar regel sochten. Mar it scoe forkeard wêze alle ‘Gaudenten-kleasters’ as kleasters yn forfal to biskôgjen. Sa bin ik fen bitinken, det bygelyks it kleaster to Boalsert, hwer’t Brugman heel hwat tiden west hat, mar dat yn syn tiid net ta de Observanten oergyng, in kleaster west hat mei yn syn tiid in heel bihoarlike Observânsje en det wy út de namme ‘Gaudenten’ net forkearde konklúzjes ôfliede meije. Det wirdt yet bifestige troch de stifting fen it kleaster to Ljouwert, sa’t it liket mei de meiwirking fen Brugman sels en wol as in kleaster fen ‘Observanten’. De tsjinstelling twisken Boalsert en Ljouwert skynt net great west to hawwen, omt de Broerren fen Ljouwert ek al ris ‘Gaudenten’ neamd wirde. Sjuch Eekhoff, I, 320 (anno 1474).[4]
Brugman fortelt fen himsels, det hy Franciskaen wirden is yn in kleaster fen de Gaudenten en det hy letter nei de Observanten oergien is. Hy skriuwt dat oan de Broerren fen it Miene Libben fen it Master Florishûs to Dimter (Sjuch Moll, Johannes Brugman, I, Bijlage I. Bls. 205-206)
“De tribus dolet anima mea et quartum non possum sufficienter deflere. Primum est, quod unquam Deum meum et Patrem offenderim. Secundum est, quod talibus virtuosis, cuiusmodi vos, o Fratres mei, parvulos eruditis, disciplinis imbutus non fuerim. Tertium est, quod inter discolos et irreligiosos religionis iuvenculos prima exemplaria vitae quaesiverim. Quartum est, quod ibidem de statu religiosorum reformatorum et observantium[5], pariter et vestrae [164] clericalis honestatis vitam momorderim, laceraverim èt insipientia èt ignorantia, quae quamvis me excusent a tanto non tamen a toto. O utinam, sicut cum essem parvulus, cogitassem ut parvulus, sapuissem ut parvulus et sub vestra ferula stetissem. Haut dubium in fervore adolescentiae extitissem timoratior, in ingressu religionis inter discolos cautior, et post transmigrationem inter Observantes Fratres vitae eorum conformior”.[6]
“Oer trije dingen treuret myn siel en oer in fjirde kin ik nea genôch skrieme. It earste is, det ik ea myn God en Heit biledige haw. It twadde is, det ik net opbrocht bin mei it deugdelik ûnderrjucht, dêr’t Jimme Broerren de lytse bern mei opfiede. It tredde is, det ik de earste foarbylden for myn libben socht haw ûnder ûndisiplinearre en ûnkleasterlike kleasterstudinten. It fjirde is, det ik dêr oer it libben fen de herfoarme kleasterlingen en de Observânsje en ek oer Jimme geastlik en stichtich libben in greate mûle opset en ôfbrekkend spritsen haw èn troch ûnwizens èn troch ûnkinde. Dy meije my wol for in diel forúntskildigje, mar net alhiel. O, mocht ik, do’t ik in bern wier, yet tocht hawwe as in bern, sinnen hawn hawwe as in bern en ûnder Jimme roede stien hawwe. Der is gjin twivel oan, ik scoe yn de drift fen myn jonge jierren hwet mear omtinken hawn hawwe, by de yntré yn in kleaster hwer’t men de kleastertucht net underhâldde, forsichtiger west hawwe en nei myn oergong nei de Observanten mear neffens hjar libben libbe hawwe”.
Yn Den Geestelicken Palmboom van Pater Benignus Fremaut, O.F.M. 1703, Juni, bl. 6,[7] stiet ûnder forwizing nei de archiven fen de Keulske Provinsje, det Brugman yn 1424 yn it kleaster gyng. Yn in Hs., biwarre yn de Hollânske Provinsje en oanhelle troch Pater Anacletus Nielen, O.F.M. (St. Franciscus, Jiergong XV, 1900, bls. 57[8]) stiet det yn dat Hs. op it jier 1421 for it earst sprake is fen Brugman. Dat diel fen it Hs. is forlern, det wy witte net, hwat der oer Brugman stie. It liket der wol op, det der sprake west hat fen it earste forbân, dat Brugman mei de Franciskanen krige, mooglik as studint fen de kleasterskoalle, hwer’t men it habyt oan krige, mar yet gjin lid fen it Oarder waerd.
Fen Brugmans tiid yn St. Omer witte we oars net, as det er dêr ek lector yn de Theology west hat. Men beslút dêr wol mei reden út, det er Theology-perfester west hat. Dy bineaming is soms net mear as in titel, dy’t men troch in eksamen oan ‘e ein fen in Theology-kursus ef troch jierren wirksumens as perfester ef predikant krige, mar yn de strangere Observânsje wier men net sa roijael mei titels en privileges, dy’t krekt biskôge waerden as de greate reden fen misbrûk en forfal [165] en dêr’t hja de striid tsjin opnamen. It is opmerkelik, det yn in Hs. fen it bigjin fen de 16de ieu, nou biwarre yn it Ruusbroec-genoatskip to Antwerpen en biskreaun yn ‘Ons Geestelijk Erf’ Jrg. VIII (1934, bls. 253 ff.) Jan Brugman yn de oanhef fen fiif preken ‘doctoer in de godtheit’ neamd wirdt.[9] Dat scil hy wol net west hawwe, mar ‘lector’ kin sa wol oerset wêze en is dochs ek in wittenskiplike titel dy ‘t rjucht joech op lesjaen. It stiet sahwet gelyk mei ús ‘doctorandus’.
Ut St. Omer is Pater Brugman mooglik al yn 1439 nei ús lân kommen. Seis kamen der do út St. Omer nei Gouda. Royaards skriuwt yn syn: Geschiedenis v. h. Christendom en v.d. Christel. Kerk in Ned. ged. de Middeleeuwen, Dl. II, bls. 360[10], det Pater Brugman in 1445 fen St. Omer nei Grins kaem. Wadding, de greate analist fen de Franciskanen seit fen Brugman, det er in great oandiel hie yn de stifting fen de Keulske Observanten-provinsje, dy’t yn 1448 hjar bislach krige. Royaards jowt gjin boarne for syn birjucht op, mar út alles kinne wy wol bigripe, det as Brugman net yn 1439 mei de earste Observanten út St. Omer meikommen is, hy al koart dernei yn ús lân komme moatten hat om de Observânsje to propagearjen.
Ubbo Emmius skriuwt ek, det om dy tiid (Rerum Frisicarum, Decas tertia lib. XXIV bls. 166)
“to Grins in man libbe, in mûnts fen it Franciskaenske Oarder, sprúten út it hûs fen de Brugmannen, fen in strang en ûnbispritsen libbensgedrach en bisiele mei in gleonen iver for de ûnderrjuchting fen it folk. Do’t er de djippe bidoarnens, dy’t yn alle stannen hearske, sjoen hie … hat er, as troch Gods geast oanbliesd, hjar allegearre gisele mei frijmoedige wirden en de lilkens fen God en de straffen dy’t komme moasten, bûtenlânske oarloggen en boargerstriid oan it folk oankindige, ja, hy foarsei dingen, dy’t 50 jier letter bard binne, sa krekt, det er troch de neikommelingen for in profeet hâlden wirdt. Syn aksje wier it fûlst yn 1452.”
“Vivebat eo saeculo Groningae vir monachus Franciscanae familiae e domo Brugmannorum, severae atque inculpatae vitae, fervido in docenda plebe studio. Is cum corruptissimos mores omnium ordinum videret, sacerdotum libidinem, ac gulae studium magistratuum iniquitatem, monachorum avaritiam et [11] plebis peccata infinita, velut numine afflatus, omnibus libere castigatis, Dei iram, venturas poenas, bella externa et domestica, clades ineluctabiles populo denunciavit; denique ea praedixit tam accurate, quae annis L fere post evenere, ut a posteris pro vate sit habitus. Hujus conciones cum ad annum M.CCCC.LII maxime ferbuissent”.[12]
Schotanus yn syn Friesche Historiën (thiende Boeck bls. 321) neamt nei Emmius ek to Grins Pater “Brugman, een Franciskaner [166] hardt bestraffer der misdaden ende ‘t ghemeen quaedt leven” en seit, det syn ”Sermonen heetst waren op den Jare 1452”[13]. It is dos dúdlik, det Brugman net allinne nei Grins kaem om syn Broerren yn it Oarder ta stranger libben to bringen, mar det er foaral for it folk spriek en dêr forbettering socht to krijen fen alle misbrûken dy’t der wierne. Fen de predikaesjes troch Pater Brugman hâlden to Grins en omkriten, dêr’t Fryslân wis by heart, witte wy gjin bisûnderheden. Moll skriuwt, det Idsinga yn syn: Staatsrecht der Vereenigde Nederlanden, Dl. II bls. 387[14] meidielt, det er mids 18de ieu nog forskate sermonen fen Brugman yn in Hs. lêzen hat en fen miening wier, det dy to Grins útspritsen wierne. Hja hienen allegearre ta doel “it bifoarderjen fen it ûnderhâlden fen de ljeafde ûnder de minsken en oanbifelling fen ljeafdiedigens for de bihoeftigen”. Moll hat yet skriftlik to Grins neifrege nei it Hs. dat Idsinga brûkt hawwe koe, mar hy is it net op ‘t spoar kommen.
Kin immen fen de lêzers der mooglik in spoar for oanwize?
Brugman hat in swalker west. Fen 1452 oant 1464 sjugge wy him nou hjir den dêr, hast yn alle provinsjes fen de Nederlânnen en boppedet yn Westfalen, it Rynlân en België. Hy is de greate man, de reedner sa’t der gjin twadde west skynt to hawwen, mei de aldergreatste ynfloed op it folk. Ut de stedsrekkens fen Arnhem en Zutphen sjugge wy, det men him faek offisieel ûntfong en det it in feest wier for in stêd, as hy derhinne komme woe. Hy brûkte dy ynfloed om tagelyk de Observânsje út to breidzjen, nije kleasters fen Observanten to stiftsjen, hwat nedich wier, omt op syn wird hûnderten libje woene as hy en it tal Observanten troch syn wirk en syn wird tige tanaem. Wy kinne him hjoed net folgje op al syn paden. Fen Grins sjugge wy him yn 1454 in hele reis troch Fryslân meitsjen, mar oan ‘e ein fen dat jier teikent hy as guardiaen fen it nije kleaster fen Sluis twa akten dy’t dêr biwarre binne. Lykwols is er yn 1455 wer to Boalsert en leit er dêr de skelen by troch it opstellen fen in nij Stedsrjucht, dat oan heel hwat rûzje in ein makke hawwe moat en in model waerd for in selde soarte Stedsboek for Snits en mooglik yet for oare plakken. Moll seit derfen, det dit wol in heel bisûnder ljocht op Brugmans wirk en ynfloed falle lit. It Stedsboek fen 1455 is ús net biwarre, hwat wol tige spitich is. Hwat men op it Boalserter Stedshûs prachtich op perkamint beskreaun as it âlde Stedsboek biwarret en yn eare hâldt, is der in biwirking fen út it jier 1479, mar it wirk fen Brugman is dochs bihâlden yn de útjefte derfen yn toe Schwartzenbergs Groot Plakkaat- en Charterboek Dl. I. bls. 553 ff. It bigjint dêr mei de moaije wirden: “In den name des Vaders ende des Soens ende des [167] Heylighen Gheestes. Amen. Dit sint die punten ende articulen des Rechtes in der stadt Bolswaert, ghemaect by raede ende consent des eerbaren Vaders Johannis Brugman ende der Priesteren, der Schepene ende der Raedsluyden, ende by consente der ses ende dartich ende der gemene meente van Bolswaert, int jaer ons Heren 1455”.[15] Graech scoe ik op dit Stedsboek hwet fierder yngean, mar de tiid lit dat net ta en ik moat dos wol folstean mei de oantsjutting, det der mear oer to finen is yn it greate boek fen de âld-boargemaster fen Ljouwert Mr. Beucker Andreae oer de ûntwikkeling fen it Fryske Stedsrjucht Spec. Histor. Juridica de origine juris municipalis Fris. p. 445 (Utrecht 1840)[16], by Mr. A. Telting, yn syn wirk ‘Het oude Friesche Stadsrecht’, 1882, bls. 13 en 96 ff.[17], by de âld-archivaris fen Fryslân Dr. M. Schoengen yn syn stúdzje ‘Het Minderbroedersklooster te Bolsward’[18], ensfh. Moll slacht de biteikenis fen dit Stedsboek heel heech oan en wy leauwe mei him, det Brugman dêrtroch allinne al in greate seine for Fryslân, mear yn it bisûnder den for Boalsert en Snits west hat.
Mar alle skiedskriuwers fen Fryslân binne it der oer iens, det de greatste fortsjinste fen Brugman wol leit yn syn bylizzen fen de skriklike skelen en feten, dy’t yn syn tiid Fryslân mei folsleine ûndergong bidrigen. En wy meije sizze, det hy dat birikt hat troch in fornijing fen it Christlik libben, alderearst op godstsjinstige motiven. Hy lit it fakernôch útkomme yn syn preken, det men yen wer op it wiere bilibjen fen it Gelove talizze moat en fen Us Ljeaven Hear sels wer de ljeafde en it forjaen leare scil. Mei it krús yn de hân en nei it foarbyld fen syn greate master de hillige Bernardinus fen Siena yn de namme fen Jesus ropt hy it folk op, nei him to harkjen as er oantrunet om inoar to forjaen. Pater Brugmans fredeswirk hat net allinne yn de skiednisboeken plak foun, it is yn platen en skilderingen fêstlein. Dat moat al gau nei syn dea bard wêze, hwent Jancko Douwama, dy’t yn 1482 berne, yn 1529 stoar, dielt it al mei. Hy skynt syn ‘Geschriften’ skreaun to hawwen yn de finzenis to Vilvoorden om 1523-29. Wumkes seit fen him, det er him yn dy skriften kinne lit as in man fen helder oardiel en in waerm hert. En Ubbo Emmius priizget him al as in man fen heech bigryp en greate kloekmoedigens, in man fen bileid, forstandich en bihearske. Jancko Douwama den lit trochskimerje, det it folk fen Fryslân Brugman biskôge as in man, dy’t by syn preekjen it wûnderbaerlik twisken-beiden-kommen fen God fortsjinne en dêrtroch holpen, safolle seine en frucht by syn wirk hawwe mocht. Hy skriuwt sûnder jier oan to jaen:
“En oeck quam daer grote frede ende eendrachtigeit int lant doer een heilick [168] Monick van Sancten Franciscus Oerde, genoempt Bruckman; ende daer hulp een miraeckel, dat to Staweren schege, voel to. Dese Bruckman doerginck al Frieslant predigen het woert Godtz, ende lasterden to mael zeer de valschen partijen, ende daer bij gaff he to voerstaen, woe angeneme dat Godt were, vrede ende eendrachticheit; ende dat mochte in niemantz harten comen, so lange he stunden in hat ende nijdt met sijn ewen Cristen; met andere saligen lerongen, daer to denenden. So geboerdz, dat deze Bruckman to Staweren zeer scarpelijck daer van predicten; ende daer stundt een man, dat hoerenden, de hadden in de partije een, sijn metburger, doet gesteken; sijn hart worden untsteken met berouwe; en vel daer neder voer de frouwe van de man, de he ther doet bracht hadden, en badt om de wille van Godt sijne daet voergiffenisse. Als de frouwe ansach degene, de hoer man so deerlijck beroeft hadde van sijn lewent, mochten de frouwe een woert niet spreken van rouwe; licht dattz Godt also wolden. Siet, de frouw had up hoer armen een junck kijnt, van hoer man gelaten, welcke kijnt sijn dagen nee woert gesproken hadden; dat kijnt sprack perfect ende besceidelijck, int anhoeren alle den omstaenden luden: ‘Iek foergewe dy de doet mijns faeder geerne, om Godes wille’. Dit mirakel hanget in een tafrel pingeert often geschildert to Staweren in de Noerder kercke, an de noert zijde. Dit miraekel, ende de goede voermaningen, de Brugman dede, deden voele luden comen tot degene, de se misdaen hadden[19], biddende voergiffenisse; de misdaen weren, de foergawent oeck geerne, om Gods wille, also datter bij desen voele de partije uthe lande cheme; also datter der tijdt een goet, eerlick regiment in Frieslant was, ende daer bij goede frede ende eendrachticheit.” (Jancko Douwama’s Geschriften, útjefte fen it Friesch Genootschap, 1848/49, bls. 62-63).
Op dit forhael fen Jancko Douwama moat wol slaen, hwat Piter fen Thabor op it jier 1456 meidielt: It binne mar inkele wirden, dy’t men hast net forstiet, as men it forhael fen Douwama net kin: Hy skriuwt (bls. 21) “Int jaer ons Heren MCCCC ende LVI was groet, swaer ende hatich oerloch an die Gheesten[20]. Dat soende een minre-broer hetende Brugman; ende die sone bleef fast”.[21] Dêr hat de skriuwer wol mei sizze wollen, det it wird fen Brugman troch it bern, do’t it great wirden wier, net to skande makke is en de soan gjin bloedwraek oefene hat.
Schotanus nimt it forhael ek oer, mar lit it lytse bern yn pleats fen de oanhelle wirden to sizzen, allinne op it wird fen Brugman it hantsje opstekke. Fierder is it forhael alheel itselde: Yn ‘De Geschiedenissen Kerck. ende wereldtl. van Frieslandt út it jier 1658’ [169] lêze wy op bls. 332 b: An. 1464:
“In Geesterlandt was de Partijschap ghelijck oock op veele andere Plaetsen scherp ende bitter, nae gheen tusschen-spreecken luysterende: daer was een Minne-Broeder geheten Brugman die in sijn Predicatiën het Volck met grooten ijver vermaende aff-te-staen van meer bloedt-vergietens, te vergeven gheleden ongelijck ende leedt. Onder andere redenen tot versterckinghe sijner vermaninghen bij ghebracht heeft hij eens een kindeken, wiens Vader van sijn weder-partije om ‘t leven gebracht was, in ‘t midden doen stellen ende daer bij de Toe-hoorders aen-gesproocken, dat men behoorde ymmers versoenlijck sich te stellen ende aen te mercken, hoe aenghenamen saecke voor Godt de vergiffenis der misdaden ende onghelijcken ware, indien ‘t selve onmondighe kindt uyt de natuyre oft door Godts-Handt met eenich teecken wist aen te wijsen, dat het gheneghen ware, nimmermeer de Doodt-slach sijnes Vaders te wreecken. ‘t Kindt was maer eenige maenden oudt ende de Minne-Broeder sprack het nae de voorgeseijde redenen aldus aen: Kindeken! hebt gij begeerte van Vrede en verzoeninge; niet willende wreecken, als gij volwassen sult sijn, den Doodt-slach uwes Vaders, soo steeckt, tot een teecken, uwe rechter-handt op. Het kindeken stack terstondt de handt op tot verwonderinghe van veelen; ende dit is in der lieden herten een krachtighe bemurvinghe gheweest soodatse naederhandt sochten het bloedige Oorloch dat aldaer seer lange geduyrt hadde, neder te leggen”.[22]
Yn de ‘Algemeene Geschiedenis des Vaderlands’ troch Dr. J. P. Arend Dl. II, 3de Stik, bls. 221[23] is in greate plaet opnommen, dêr’t wy dit hele forhael op útbylde sjugge sa’t it troch Schotanus biskreaun is. De man leit oan ‘e foetten fen de frou op ‘e knibbels. Brugman stiet mei it krús yn ‘e iene hân en wiist mei de oare nei it berntsje op memme earm, it berntsje stekt blier it hântsje op. Wy hawwe net útmeitsje kinnen, eft dizze plaet ynjown is troch de skildering, dêr’t Jancko Douwama fen sprekt, oanbrocht yn de Noardertsjerke fen Staveren. Unmooglik is det net, twisken Douwama en Schotanus scoe den klearder oerienstimming wêze. Douwama scoe den ûnder wirden brocht hawwe, hwat allinne mar symbolearre waerd. De saek bleau deselde. Binne de beide skilderingen frij fen inoar en is de plaet by Arend allinne ynjown troch it forhael fen Schotanus, den scoe ik oan de meidieling fen Douwama meer gesach takenne as oan dy fen Schotanus. De tsjerke, dêr’t Douwama fen sprekt, is der net mear. It skilderij is foart, mar hwat hy der oer meidielt is wol in klear biwiis, ho populair Brugman west hat, det sokke forhalen ûnder it folk libben en sels op skilderijen yn in tsjerke festlein waerden.
Yn 1830 joech Mr. A. van Halmael to Ljouwert by G.T. N. Suringar [170] in treurspil út ûnder de titel ‘Ats Bonninga’. Hja is de frou fen Douwe Galama, dy’t him op Jelmer Sytzama wreke wol en by hwa’t Abt Aggo fen Himelum komt om him fen dy wraek ôf to bringen. As dat sa mar net giet, forsuchtet Aggo: (bls. 13)
-
-
- “Ach, konde een Aggo doen wat eens hier Brugman deed,
- De nooit gedempte bron van smarten, ramp, en leed,
- Door zijn welsprekendheid, met hulp des Heeren, stoppen!”[24]
-
Sa libbe it fredeswirk fen Brugman dos ek yet nei yn de Fryske literatuer, wol yn de Nederlânske tael, mar dochs yn in tonielstik ût de Fryske skiednis.
As wy Piter fen Thabor en Schotanus forgelykje, den komt de greate swierrichheit, hwa fen beiden hat it rjuchte jier opjown. Moll twivelt net en seit by de oanhelling fen Thabors meidieling op 1456: ‘lees 1463’. Hy nimt alheel it forhael en it jier fen Schotanus oer, mar Schotanus hat útdrukkelik 1464 en net 1463, lyk as Moll opjowt. Henk Aukes, dy’t yn syn stúdzje oer Wâldsein (1936) ek foar dizze swierrichheit siet, sprekt him út for 1456 en mient, det det mear yn oerienkomst is mei de fêststeande aksje fen Brugman yn de jierren 1454 en 1455. Men kin lykwols net ûntstride, det it forhael fen alle trije oanhelle skriuwers oan Brugman min efte mear it biswarren fen de skelen en feten taskriuwt. Yn 1456 is dêr yet gjin sprake fen. It ein fen de Donia-oarloch stelt men it bêste yn 1464. Dêrneffens scoe men Schotanus ljeaver gelyk jaen. Det Brugman nei 1455 fakernôch yet yn Fryslân wêst hat, kin men wol bislúte út de stifting fen it kleaster to Ljouwert, dy’t fêst oer him roun hat. In âlde Franciskanerkronyk út de jierren om 1723 stelt dy stifting yn 1457. De Friesische Papsturkunden bringe ús it jier 1459. De Vrije Fries, Jrg. XII bls. 166 sprekt fen likernôch 1460.[25] As men bitinkt, det twisken de earste skinkingen en it ta-stân-kommen fen in kleaster altiten hast wol in pear jier forrinne, den strike dy opjeften alheel meiinoar. As stifters fen it kleaster wirde neamd Tsjomme Oenes Wiarda en syn frou Ats Bonninga, fen hwa’t sein wirdt, det hja by hjar libben Galilea by Ljouwert en Griendyk by Snits stifte hawwe. Men neamde de frou ‘Atmoeije’. Hja stoar yn 1471 (Sjuch hjirfor: ‘Ta de Skiednis fen Toppenhuzen en Twellegea’ yn Sljucht en Rjucht, Jrg. XLII (1938), bls. 484).[26]
Brugman, dy’t de greate kleasterstifter for de Observanten west hat en by al dy nije kleasters de greate man is, hat sikerwier to Ljouwert de bimidler west twisken stifters en it Oarder. Hy hat sikerwier yet mannich kear yn Fryslân west for de stifting en iepening fen det kleaster, det bûten Ljouwert lei, yn de ‘âlde Galileeën’ en earst [171] yn 1498 nei de Twiebaksmerk oerbrocht is omt it to gefaerlik wier, sa’n hûs bûten de stêd to hawwen. It scoe by oarloch al to maklik yn in forsterking fen de oanfallers ef bilegerers omset wirde kinne. Sa waerd yn 1477 ek it kleaster fen St. Omer, dêr’t Brugman in skoft wenne, fen bûten de sted by it tsjintwirdige Fort St. Michel, oerbrocht nei it plak, dêr’t nou de Institution St. Bertin stiet.
Dêrmei stifte Brugman in nij sintrum for de Observanten yn Fryslân, dat grif in bulte bydroegen hat om hjar posysje yn Fryslân sterker en fruchtberder to meitsjen, namsto mear omt it kleaster fen Boalsert de earste tweintich jier yet net ta de strangere en wirksumer Observânsje oergyng. Dat hat Brugman net mear bilibbe, mar it is dochs gau nei syn dea bard. Wy kinne der nou net fierder op yngean.
Ta bislút yet in inkeld puntsje út Brugmans wirk. Hy hat net allinne in bulte dien, in bulte spritsen, mar hy hat ek heel hwat skreaun. Sa njunkenlytsen komt heel hwat wirk fen him oan it ljocht. Moll brocht ús de útjefte fen syn Libben fen ús Ljeaven Hear, syn Libbens fen Sint Liduina binne faker útjown. Twa brieven en twa Gedichten hawwe ek faker as ienris it ljocht sjoen. Pater Goijens, O.F.M. publisearre yn it Archivum Franciscanum Historicum, Jrg. II en IV. in ‘Speculum Imperfectionis Fratrum Minorum’ det foaral in warskôging is tsjin wer nije ynsinking fen de Observânsje.[27] Wüstenhof en Poukens, S.J. joegen ús een hele rige ûnbikinde preken en myn assistinte Jiff. Feugen foun dizze dagen ek yet ien, dy’t mei koarten it ljocht sjucht. Moll joech it bikende Sermoen fen de trije Tafels út, det yn forskate Hss. foarkomt.[28] Van Vloten joech al earder twa fragminten fen preken út, dêr’t Moll yet twa oaren oan tafoegje koe. In oar fragmint waerd publisearre troch Pater V. Becker, S.J. yn de Katholiek en letter yetteris troch Pater Kieckens, S.J. yn Dietsche Warande. In Latynske preek ef konferinsje, boppe al oanhelle waerd útjown troch Dominé Wybrands.
It scoe hjir tige op syn plak wêze, foaral oer dy preken hwat mear to sizzen, omt hja in taljochting jowe op Brugmans wirk yn Fryslân, dat dochs for in great diel yn syn preken oan it ljocht komt. Mar dat kin net om de tiid. Mooglik in oare kear, as der bilangstelling for is. Mar ik moat yet efkes meidiele, det ik dizze dagen yet wer bislach lizze koe op in Hs. mei in oant nou ta net bikend wirk fen Pater Brugman, dêr’t Jan Mombaer yn syn tiid op skynt to doelen: Biskôgingen oer it Lijen fen Us Ljeaven Hear[29]. It is in Hs. út de abdije Einsiedeln yn Switserlân. Lit ik dêr yet út meidiele as in lytse bisûnderheit om der mei to slúten, det Brugman dêr yn fortelt fen forskate wizen, dêr’t de leauwigen op sykje to dielen yn it Lijen fen Christus: bidde mei [172] útritsen earmen, yensels giselje, ensfh. Hy seit der den faken by, hwer ‘ t soks yn gebrûk is. Nou fortelt er fen de Friezen, det hja in bisûndere godsfrucht hawwe ta it plat op ‘e groun mei Christus delknibbeljen, wol yn oansluting by Christus’ gebed yn Gethsemani “Net myn wollen, mar Jowes mei barre”.[30]
It is in oare mar djippe tapassing fen it âlde: Wy Friezen knibbelje allinne for God.
-
- Nijmegen
- Prof. Dr. T. Brandsma
- ↑ Published in: ‘It Beaken. Meidielingen fen de Fryske Akademy’ Vol I (6), September 1939, 161-172.
- ↑ In the publication erroneously: ‘Parisius’.
- ↑ Aem. W. Wybrands, ‘Een onuitgegeven sermoen van Johannes Brugman’, in: Archief voor Nederlandse kerkgeschiedenis Vol I, Leiden 1885, 208-228, page 224-225.
- ↑ W. Eekhoff, Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden, de hoofdstad van Friesland. Vol 1, Leeuwarden 1846, page 320.
- ↑ In the publication erroneously ‘observantiam’.
- ↑ W. Moll, Johannes Brugman en het godsdienstig leven onzer vaderen in de vijftiende eeuw, Amsterdam 1854, 205-206.
- ↑ B. Fremaut, Den Geestelicken Palmboom. In elke Maent nieuwe Vruchten gevende…, (Junius), Gendt 1703, p. 6-10 (‘Leven van den S. P. Joannes Brugman’).
- ↑ Sint Franciscus, maandschrift voor de leden van de Derde Orde, published by the friars O.F.M, Vol 15, Maastricht 1900, p. 57.
- ↑ J.B. Poukens S.J., ’Preeken van Jan Brugman O.F.M.’ in: Ons Geestelijk Erf Vol VIII, 1934, 253-289.
- ↑ H.J. Royaards, Geschiedenis van het [gevestigde] christendom en de christelijke kerk in Nederland, gedurende de Middeleeuwen, Vol II, Utrecht 1853, p. 360.
- ↑ In the original publication of Ubbo Emmius, a word is added in Greek: ‘πολυπραγμοσύνῃν’, ‘meddling’. This Greek word is omitted in the citation by Titus Brandsma.
- ↑ Ubbo Emmius, Rerum Frisicarum historiae decas tertia, Leiden 1599, p. 166.
- ↑ Chr. Schotanus, De geschiedenissen kerckelyck ende wereldtlyck van Friesland Oost ende West; van d’eerste geheuchenis af tot op het iaer 1584, Franeker 1658, p. 321.
- ↑ S. H. van Idsinga, Het staatsrecht der Vereenigde Nederlanden vertoond volgens de geschiedenissen der stad Groningen onder de Bisschoppen van Utrecht en volgende princen : van ‘t midden der XI. tot het einde der XVI. eeuw Vol II, Leeuwarden 1765, p. 387.
- ↑ G.F. Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, Groot Placaat en Charterboek van Vriesland Vol 1, Leeuwarden 1768, 553-564. According to this edition, the tekst is from 1455, p. 553ff.
- ↑ J.H. Beucker Andreae, Specimen historico juridicum inaugurale de origine juris municipalis Frisici, (Dissertation), Utrecht 1840, p. 445.
- ↑ A. Telting, Het oud-Friesche stadsrecht, (Dissertation), The Hague 1882, p. 13.96ff.
- ↑ M. Schoengen, Het Minderbroederklooster te Bolsward, [S.l. ca 1906].
- ↑ In the publication erroneously: ‘haddende’.
- ↑ ’Gaasterland’.
- ↑ Peter Jacobszoon van Thabor, ’Historie van Vriesland’, in: H.W.C.A. Visser, H. Amersfoordt (editors), Archief voor Vaderlandsche, en inzonderheid Vriesche geschiedenis, oudheid- en taalkunde, Leeuwarden 1824, p. 21.
- ↑ Chr. Schotanus, De geschiedenissen kerckelyck ende wereldtlyck van Friesland Oost ende West; van d’eerste geheuchenis af tot op het iaer 1584, Franeker 1658, p. 332b (‘Het thiende boeck’).
- ↑ J.P. Arend, Algemeene Geschiedenis des Vaderlands: Van de vroegste tijden tot op heden. Vol II. (Van het jaar 900 tot 1581 na Christus) Part 3, Amsterdam 1846, p. 221.
- ↑ Mr. A van Halmael, Ats Bonninga. Treurspel, Leeuwarden 1830, p. 13.
- ↑ See: J.G.C. Joosting, S. Muller, Bronnen voor de geschiedenis der kerkelijke rechtspraak in het bisdom Utrecht in de middeleeuwen, Vol I (‘De indeeling van het bisdom’), The Hague 1915, p. 545.
- ↑ See also: O. Santema, Ta de Skiednis fen Toppenhuzen en Twellegea, Leeuwarden 1939, p. 16.
- ↑ J. Goyens O.F.M., ‘Speculum Imperfectionis Fratrum Minorum compactum per P. Fr.Iohannem Brugman, O.F.M.’, Archivum Franciscanum Historicum Vol 2 (1909) 613-25 and ‘Supplementum ad Speculum Imperfectionis Fratrum Minorum, compactum per venerabilem et religiosum P.F. Iohannem Brugman O.F.M., Archivum Franciscanum Historicum Vol 4 (1911) 314-317.
- ↑ W. Moll, Johannes Brugman en het godsdienstig leven onzer vaderen in de vijftiende eeuw. Grootendeels volgens handschriften geschetst, Vol I, Amsterdam 1854, p. 221-239 (‘Bijlage II’).
- ↑ See also: Titus Brandsma, ‘Beschouwingen over het Lijden’).
- ↑ See: Matt 26:39.
© Nederlandse Provincie Karmelieten.
Published: Titus Brandsma Instituut 2021